Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

02 03 12

 

Eins moat we it efkes oer de FNP ha. Net iens inkel de FNP, want ek yn oare partijen en geledingen giet it hiel faak om de Fryske gedachte. Ik bedoel, der is fan alles wichtich yn de wrâld, Syrië, Afghanistan, Irak, Iran, alvestêddetocht, Iris Kroes, Doutzen Kroes neaken foar WTF, o ja en ek noch de finansiële krisis. No ja, wat al net wat wichtich is, dêr praat elkenien al oer. Wy ha dan yn Fryslân altyd noch de typysk Fryske saken, de taal foarop. Da’s wol sa moai, dan ha je altyd wat spesiaals. Dan giet it dêr ek altyd oer, want yn de sjoernalistiek moat je it altyd oer wat aparts ha. Dat hat net altyd sa west, de Friezen bin nei Gysbert Japicx wer wat ynsliept, it wiene stadige fersichtige oprispinkjes dy’t hjir en dêr opbuorrelen. Pas op Kneppelfreed waard it Fryske folk wekker. Doe yn 1951 sloegen se as wylden om har hinne. Net omt se it sa wichtich fûnen dat dy feedokter Frysk prate koe foar de rjochter, mar dat der net ien by mocht om it proses te folgjen. Unearlikens. Doe houden se deryn. En dat is eins nea wer ophâlden. We ha fochten as liuwen mei syn allen om it Frysk, ús Frysk , ta twadde rykstaal te meitsjen. We bin slagge. Noch altyd moat der bot tsjin oan hufd wurde, mar it slagget stikje by bytsje. At sokke mannen as Joop Atsma dan de Fryske eed yn de Keamer ôflizze, moai stikje op de foarpagina fan de Ljouwerter en we fiele ús wer lokkich. Mar giene ek troch mei de strid. Wat ha it net in gedoch west, Fryske plaknammen, Boarnstehim is der earm fan wurden. Mar it is klear. En toch, toch is it no wat ophâlden. Gjin .frl. Dat is wol goed, mar de FNP hie op’e tafel stean moaten en alles by elkoar raze moaten: “ werom kin dit net en de oaren ha der wer gjin sinten foar oer…. “. En no wer, dy plysjemeldkeamer, dy’ t ynienen gjin Frysk mear ferstiet. Ja ho ris efkes, dat moat al, want at wy yn need binne, kin we  inkel mar Frysk gjalpe. Unsin fansels, mar der is ús tasein dat ek it Frysk hiem wêze soe op dy nije noardelike meldkeamer. En wat je tasizze moat je neikomme. Dat dogge se net, dêr moat we lulk oer wêze. Net nei fiif wike sizze,dat ferstean we net. Unearlik. Dy meldkeamer stiet yn Drachten, mar neffens Trouw kollumniste Emile Drayer leit dat yn Grins. En dan mag je toch niet verwachten dat ze daar Fries verstaan. En de Friezen hebben toch ook Nederlands geleerd. En dan Thijs van de Brink, EO presintator dy fergeat dat er noch by it Deiblêd wurke hat en  har mar gelyk joech oer dy frjemde idioate opfettings oer Frysk en de Friezen. Mar wat dan it slimste wie, wy litte dan Aukje de Vries as tsjinstanster opdrave. Nee, der is niks mis mei Aukje, mar se is wol VVD-ster en Ljouwerterse. Dat is in dûbele relativearing fan it Frysk. Ik ha de FNP net heard. Dat sil ek wol oan de media lizze. Mar rop dan mar wat frjemds, de FNP en oanferwante geledingen bin my no te stil. At je mar wat wylds en dwaas roppe, kom je yn de publisiteit en dêr moat je it yn de polityk och fan ha. Dêr hat it Fryske gefoel fan de befolking hiel wat oan. Sûnt de FNP yn deputearre steaten sit hear je se net mear. De FNP lit him dochs net ynkapselje? Soms, soms dan ha ik efkes langstme nei de tiid fan Jan Bearn Singelsma dy’t iepenlik de oare politisi dy’t it oer harren Haagske relaasjes hiene, útlake.

Kom op FNP, wurdt wekker, reuring!

One thought on “it each fan eelke

  1. En sa is’t presiis, Jo ha yn dit stik gelyk.
    Kom op FNP, wurdt wekker, reuring!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s