Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 03 12

 

Aanst om 11 oere wurdt al wer de safolste foarset jûn om Fryslân ree te meitsjen foar in kulturele opstap, want sa nei 2018 ta moat der noch al wat barre fansels. No en om alve oere bart der wat, poeeeh. In ynternasjonale organisaasje Bubble Projects, ea sa’n moaie namme heard? , Bubble Projects, dy’t normalerwize keunstmanifestaasjes hat yn Kopenhagen, Stockholm, Paris,  Londen, Amsterdam en Malmö, dy komt no samar yn Easterbierrum. Easterbierrum yn in rychje echte kulturele haadstêden. Watte, eins moat we net Ljouwert, mar Easterbierrum kulturele haadstêd meitsje yn 2018.  Moai hear. Ja je moat efkes op’e tosken bite, wy ha wat in wearzge tsjin wynmûnen, mar wy moat nei de wynmûnen fan de Bjirmen by Easterbierrum. Keunst fan wynmûnen? Nee keunst op wynmûnen. Grutte polyester doeken fan tsien by twa meter wurde boppe de doar om sa’n wynmûne hinne wuolle. En op de polyster doeken ha se wat skildere mei wetter- en wynfêste ferve.. No dat is dochs fantastysk. It is foar in part betelle troch de Nuon, no dan wit je wol dat der gjin nee te keap is. Alexander Pechtold is foarsitter fan de sjury. Ja, ja sa’n man hat oeral ferstân fan, no ek al fan keunst. Tsjonge jonge Alexander Pechtold. Mei wat oaren, o ja boargemaster Fred Veenstra fan Frentsjeteradiel, opgroeid as juridysk amtner, siet ek yn de de sjury. En Fred Veenstra is der aanst ek om te sizzen dat it sa moai is dat dy dingen allegear oan de wynmûnen hingje. Sterker, ek de direkteur fan it Planetarium Warmenhoven sil sizze dat it o sa moai is. Werom at dy dat docht witte we net, mar dat hindert neat, jo hoege mar ien kear yn de fjouwer jier sa’n planetarium in dei te ferskouen en fierder rint dat wol. Da’s in pear dagen lyn bart, dus dy man hat it wol oan tiid om dy doeken ek moai te finen. Ik wit net, en ik wit it echt net at wy dy doeken wol moai fine, mar sa’n sjury ûnder tasicht fan Pechtold sil it dochs wol goed útsocht ha. Allinne ik koe fan de stik as tsien keunstners dy’t yn de Bjirmen eksposeare , ik koe der net ien fan. Dat is gjin graadmjitter, mar ik ha de erkinde keunstkinners op’e redaksje frege en dy wiene sichtber te lider slein dat se ek net ien koenen, dat waard eins wol fan harren ferwachte. No ja, moai sa’n projekt. It is dus opset troch Bubble Projects, en Bubble Projects is in projekt fan Anne de Vries. Ik ha op google net útfine kinnen at er hjir ek wei komt, mar dat kin hast net oars. Ja  oars hingje jo gjin keunstdoeken op yn de Bjirmen op wynmûnen wer’t nea ien komt om  se te sjen. Anne de Vries wurdt troch gâns keunstners op google nochal wat swart makke fanwege syn finansiële eskapades wer’t keunsters oer it algemien it slachtoffer fan binne. En at ik de finansiele plaatsjes lês fan de keunstwurken yn de Bjirmen dan begjin ik ek te switten, der is skynber ien goed doel en dat is Bubble Projects. No ja dat moatte de Nuon en de keunstners en de gemeente en it planetarium sels mar witte. Mar sy soenen har sels al ris op de harsus skrabje moate at je keunstwurken wol sjen litte wolle, eksposeare,  op dingen werfan wy hjir yn Fryslân sizze, ús lânskip soe der sûnder dy dingen folle moaier útsjen. Mar moai is yn de kultuer in beheind begryp he.   Sa’t sil ek minsken wêze dy’t hâldfêst oan bubbles ha.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s