Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

07 03 12

 

Foar de safolste kear wurdt der hjoed yn de steaten wer praten oer de kulturele haadstêd 2018.Wy Friezen ha eins wol genôch oan ús eigen kultuer. Dat jild foar de folsleine betsjutting fan it wurd kultuer, dus ek de kultuer fan hoe’t wy libje en wat we aardich fine. Eins is it ferrassend dat in folk as it Fryske sa maklik omgiet mei it hanthavenjen fan dy kultuer, nettsjinsteande al dy saken dy’t fan bûten ôf op ús takomme. Wy binne nammentlik kultureel sa fleksibel dat we bêst al dy hollânske, bourgondyske, en grinzer ynfloeden ynkapselje, mar tagelyk nea in ein komme litte oan de saken dy’t hjir woartele binne op historysk flak. Ja, ik lul te muoilik. Simpel Lok. Eeeh, no it is ús bêst dat it Grinzer en dus Noord Nederlands Toneel hjir komt mei Hamlet en we gean der ek wol hinne, benammen omdat Joke Tjalsma meispilet, mar tagelyk sitte we ek allegear by de pleatselike tonielklub op’e boppesal fan de kroech at dy mei Beppe’s slipke trijeris in jûnfullend programma ha. Wy ha de alvestêdde race foar boaten op sinnenerzjy,  mar it skûtsjesilen giet likegoed altyd troch op de âlde foet. Wy sjogge nei Van Dis mar op de wc leit in boekje fan Rink van der Velde. No ja sa ûngefear. En it wie net iens sa dat we dy oare kulturen mar ôfwachten. Nee, we ha se sels ek organiseare, twa minsken oan de mul ta yn de Aldegeaster Brekken oan it sjongen, wylst wy dêr mei in kâlde kont op de tribune sieten. De opera fan Spangea. Ja eins hiel Oeral. Mar nea, nea ha we Tryater en al dy oaren fergetten. Sterker, we wiene grutsk at Wim Sonneveld sei dat Rients Gratama sa goed wie dat er wol yn it hollânsk koe, mar we wiene ek deabliid doe’t er wer werom kaam. We sjogge nuver oan tsjin al dy de Molse oprispingen lykas de Voice, mar we binne o sa grutsk op Iris Kroes. Wy bin in ryk kultureel folk, wat tankber meisnobbet fan alle oare kulturen dy’ t der op de wrâld omswermje  We sitte yn de teatertún fan Riis op in sinnege sneintemiddei omraak te klappen foar  Nynke Laverman dy’ t Portugeeske en Braziliaanske fado’s sjongt. Dat byld ûngefear.

Dus der soe ek neat mis wêze mei it jesels útroppen ta kulturele haadstêd fan Europa. Mar 1. We ha’t hjir nochal drok mei om ál dy manifestaasjes, eveneminten en  kulturele haadpunten ôf te rinnen, dat rêdde we net iens op. Moat der dan noch folle folle mear by, want dat wurdt dan fan hje ferwachte? Want ús kultuur is sa dat wat in sukses wie, dat moat wer. En wer. 2 Kin we no noch in soad dingen betinke dy’t we net earder dien ha en dy’t de bûtenwrâld net sjoen hat, want o wat ha we dy bûtenwrâld ferwolkomme, se wiene hjir net wei te slaan, omt dy kultuur no ienris sa moai yn ús iepen lânskip past. 3 O ja en it gedoch Ljouwert-provinsje sprekt my hielendal net oan, Fryslân soe de kulturele haadflecke fan Europa wurde moatte, oars hoecht it net. Mar 4. At in provinsje, de provinsje Fryslân gjin  sinten en beslútfoarming oer hat foar in folsein en goed Thialf en der mar in suterich iisbaantsje fan makket, en dêrmei bliken jout gjin lover te begripen wat dy Fryske kultuur yn al syn totaliteit ynhâld, net wit wat minsken by reedriden fiele, dan hat sa’n provinsje gjin rjocht op ek mar in sint út te jaan oan kulturele haadstêd.  De sport bliuwt  útklaaid en je sette yn oanklaaid jonkje noch better yn’e klean. Kom no.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Kom in kear del op de BHP, Eelke Lok. Elke woansdei in iepen lunsj mei de bidbookgroep. Dy minsken wolle dy graach fertelle wêr’t KH 2018 ál oer giet… Mei freonlike groetnis, Abe de Vries

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s