Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 03 12

 

At sa’n earste ljipaai fûn is, de measte aaisikers yn Fryslân bin dêr net sa happich op, dat gedoch mei mobiele tillefoan, boargemasters en kommissaris, mar at it fûn is, dan gean je je eigen stik lân ek efkes yn. Net echt, jo dogge der in slach trochhinne. Je  konstateare dat der wol wát ljippen binne, mar dat se noch net safier binne, en beslúte: dan en dan gean ik te aaisykjen, de bazen yn Fryslân krije aanst allegear fersiken foar frije dagen. Ik wie der juster ek, ûnderweis seach ik in ferwoeste kat yn it lân, ik hie him of har al faker sjoen. En we ha’t der op de fûgelwacht al efkes oer hân, we moat der eins wat oan dwaan, der komt gjin fûgel te plak. Dermei ha we fansels it deafonnis fan de kat tekene, want we kinne hjir en dêr wol minsken dy’t in gewear ha. Sju, de ôfrûne wiken ha grutte groepen fûgelbeskermers it fjild yn west om foksen op te jeijen yn de rjochting fan dyselde lju, en dy regelje it dan. Der wurdt net massaal oer praat mar it bard wol. Se wolle der gjin praat fan ha,  oars komme de lju dy’t de Dierepartij oanhingje wol hiel foars yn it ferhef. Mar it wurdt wol hieltiid swierder fansels. Yn Drinte rint in everzwijn de grutte dyk op. Wolven bin ek al signaleard yn ús lân. Moat we rêstich ús hinnen opfrette litte en neat dwaan? En wa moat de Dierepartij no beskermje, de hin of dy wolf, de ljip of de foks. We sit no al in pear ieu yn in sitewaasje dat we it mei syn allen wat reguleare moatte, sadat we it oersjen kinne, dat it allegear wat njonken elkoar libje kin. Al bin der no ek fûgelbeskermers dy wolle alle Frânsen ofsjitte, want hjir bin dus optheden lang sa folle ljippen net as oars en dy sil wol skeaten wêze troch dy frânsen. No ja, jim begripe it, onoplosber probleem, we piele der wat tusken  troch.

Mar at je dan nei de aksje sjogge dy’t hjoed yn de gemeente Hearenfean begjint, dan sjoch je toch wer wat nijs. Sju yn Lúnbert flak by Hearrenfean ha se it kittenopfang sintrum. Jo kat smyt fiif fan de jonkjes, ien giet nei jo nichtsje, ien hâld je sels, de oare trije gean nei  Lúnbert, in soarte asielsikerssintrum foar jonge katsjes, mar dy moat wol sliten wurde. Eartiids waarden se gewoan fersopen, mar oeral wenje fan de Dierenpartijminsken en foar’t je it witte wurd je oppakt en yn’e finzenis stoppe, der moat hieltiid stranger straft wurde yn dit lân. Ofrûne maaitid en simmer kamen der 294 kittens yn Lúnbert, da’s in moai protte, dat kin se dus ek net oan. Der moat minder komme. En no ha se mei syn allen it plan betocht dat minsken mei in útkearing  dy moatte jild krije om hun kat steriliseare te litten. Nochris, de minima yn Hearenfean krije jild om hun kat steriliseare te litten. No ja , se betelje in tientsje en dan bliuwt der 55 euro oer foar sterilisatie. Dus omdat se it yn Lunbert net oankinne, omt de bistedokters net in sint tajaan wolle en net in sterilsaajse fergees dwaan wolle, omt Dierenbeskerming der alhiel gjin jild foar hat, freegje se no oan de bedriuwen om wat sinten oer te meitsjen en oan de tsjerken at dy help biede kinne. Sinleas gedoch, der is gjin ferplichting, dus dat tientsje krij se net iens. En minsken dy’t gjin útkearing krije besteegje it oan de deiopfang foar de bern. Der is mar ien útwei foar Lúnbert, smyt dy katsjes mar yn de natoer, dan rêdde de wolven of de fûgelwachters der wol mei.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s