Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 03 12

 

Lêze jim noch wolris in boek? It is fan hjoed ôf boekewike, dus ik mei in wike lang dy fraach stelle. Sterker, tsien dagen, sa lang duorret in boekewike. Lêze jim noch wolris in boek? Nee, hè. Jim dogge it jim net mear oan tiid hè. Jim komme moarns fan’t bêd, slokje tee of optimel, kaam troch it hier en hup yn de auto. Fuort. De measten moat nei Ljouwert dus in kertierke file, opfuld mei twitter, dan it wurk yn. Tuskentiids inkel romte foar in sigretsje, bakje kofje en in lunsjgearkomste. Tsjin seizen , der is altyd wol wat, wer nei hûs, en at de partner net koe, tuskentroch hurd op in drafke nei de winkel. Acht oere dan bin de bern op bêd, dan ha je iten han, hat de hûn pisse. It ienige wat hieltiid oanstie wie de tillefyzje, echt folgje je dat noch net. Mei in heal each derop efter de kompjoeter, emails anderje, leuke saken sykje, banksaken regelje, noch efkes wat  neisjen foar it wurk fan moarn en dan begjint der wol ergens in  stikje programma dat je trochsjogge, meast in fuotbalwedstriid. Dan kin de frou efkes rêstich jo kompjoeter be facebooke. Je aarzelje ien momintsje, dat is at je yn de reklame fersyld reitsje, mar fierder as twa tellen Wordfeud kom je net. Twa wyntsjes en op bêd. Moarn is it wer ier dei. Yn it wykein is der de tún, de auto, de boat, de hûn, noch mear fuotbaljen, de bern, de buorman, en bin der safolle eveneminten famyljefeestjes, tribjoetes, geselligens, dat at je in boek yn de hannen nimme soenen slacht de partner dat yn fiif sekonden der wer út, wolst âld papier en de smoargenstonne efkes bûten delsette. Wy lêze net mear, at we aanst mei in laptop yn de earen berne wurde, hoege we it ek net mear te learen, wat in gedoch. Jim komme net mear yn de boekhannel. Heechút dat jim nochris in boek oer ynternet bestelle (bol.com is de ienige ynstelling  dy’t boeken ferkeapet) , mar dan moat jim it echt nedich ha. Foar in moaie kleurige rige yn de boekekast of om te lêzen hoe’t je spikers yn in betonmuorre huffe moatte , neakene liederkes plantsje of ôffalle. De Selexyz boekhannels lizze fol frustraasje ferlitten yn de winkelpromenades. De manlju en froulju dy’t dêr rûnrinne , en je sa moai wat fertelle koenen oer dit en dat  boek, kundich wiene, sels tús noch liezen, dy fiele har no fakkefuller, werby de boeken wol hiel lang yn dat fek stean bliuwe.  En toch  hat Selexyz de Tille yn Ljouwert de winkel dizze wike omboud ta kafee, serveare se hapkes en drankjes. Ha Nyk de Vries jûn útnoege. Ja kom no, wit jim net wa’t Nyk de Vries is. Ien út de skoalle fan Meindert Talma, in absurdist. Hy skriuwt meast Frysk en it is noch net iens Fryske boekewike, want wy ha ús eigen dingen fansels, mar ach in skriuwer yn in as kroech ferklaaide boekhannel, dat smyt wol wat op. Mar at jim neat oan in Fryske absurdist fine, dan kom jim sneon mar efkes, dan komt Tom Lanoye. Wit jim net wa’t Tom Lanoye is? Dy hat it boekewikegeskink Heldere Hemel skreaun. Boekewikegeskink? Ja, in boekje dat je fergees krije, hielendal fergees at je foar safolle jild oare boeken keapje. Tom Lanoye is in Belg, mar it Fryske, Hollânske en Belgyske taalgebiet is ien  gehiel yn de boekewike, skriuwers sjogge nei it gesûp fan justerjûn (boekebal) net mear sa krekt. No lit dy boekewike dan mar. Mar feroarje jim libbben no ris. Ien dei yn de wike gjin kompjoeter, tillefoan of tillefyzje, alles út. Bern bin op bêd, de hûn hat him deljûn yn de mand. Sacht musykje op de radio. Fuotten op it taffeltsje. Allebeide in moai boek op de knibbels. Wêr’t je mar fan hâlde, dat bepaal ik net. Dat ha je sels útsocht, of is jûn troch in goede freon. Kopke tee, of in beerenburgje. En dan lêze, lêze, lêze, yn it geloksalige besef dat al it oare moarn pas werom komt. Besykje ris.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s