Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 03 12

 

Mei fernuvering ha we de lêste pear wike sjoen nei de striid yn de PvdA fraksje om te kommen ta in nije lieder. Foar hoefolle tiid witte we net. Want it PvdA kongres kin moarn wol sizze, de kandidaat dy’t der útrollet is fraksjefoarsitter foar de rest fan de regearingsperioade (dat soe wolris noch mar in pear moanne wêze kinne) en dêrnei sille wy de nije listlûker/partijlieder wol kieze. Dat kin dus wol in hiele oaren wêze as no yn de fraksje sit. Toch, Ascher? Dus fernuvering oer de heisa dy’t fan dizze ferkiezings makke is, it liket wol dat Tillegraaf, Pow news en ek Wilders en sokken no al foldwaande sjitark sammelje om aanst de fraksjefoarsitter wer ôf te sjitten. Net hielendal hun skuld, want wy litte dat gewurde, mar ja, we ha no ienris in Tillegraaf befolking. Mar de measte fernuvering fan dizze ferkiezing dy’t aanst om healwe ienen nei de ein giet, siet dochs wol yn de heisa. Oant aanst, as der noch mear kamera’s opsteld steane as by de net trochgeande alvestêddetocht, om alles mar nei de lêzers, harkers en sjoggers te transformearjen yn úterste trochsichtigens. Mar it bliuwt nuver, dat fiif leden fan deselde fraksje, dy’t tochten wy ienriedige stânpunten ha moatte soene, elkoar yn de bek hingje moatte. Befoarbyld dat Plasterk dan ynienen in ho makket oer noch mear besunigings en dat Van Dam dan dêr tsjin yn giet en seit dat ek de PvdA ferantwurdlik is foar de nasjonale skuld en dus besunigje moat. Hokker PvdA hear ik dêr. En sjoch ik, want it wie ûnthutsend al dy fiif PvdA-ers te sjen by Pauw en Witteman yn in soarte fan ferkiezingsdebat, wylst se it eins wol aardich mei elkoar iens wiene. En Pauw noch Witteman hie benul fan kiezen en stimme, dus dy ha gewoan Maurice de Hond belle foar in útslachje en de Hond hat it oant no ta by de ferkiezings ien kear goed hân, ik mien yn de 70-er jierren. Boppedat is der in yngewikkeld stimsysteem, je moate 1 oant 5 delsette, dus at je by elkenien twadde binne, dan ha je wûn. En hoe’t dát siet doarde sels de Hond net oer te tinken. Dus al hoe transparant as it wie, it is suver toch spannend. En krekt dy spanning hat de PvdA al wer in pear firtuele Keamersitten opsmiten. Sa wurket dat ek. Se komme yn byld, en we stimme op byld. De fiif fan de PvdA bin tichter by ús kaam. Sorry Ascher. Ik ha begrepen dat bygelyks by it CDA goed sjoen wurdt mei de PvdA. Der bin se hiel wat oars wend, en ik moat sizze dat wie by de PvdA ek sa eartiids. Der stekke wat lju in fingerke omheech, alle fraksjeleden sizze wat, dan bryfkes, stimme en dan komme se nei bûten, Diederik, Lutz of Martin docht it. Wêrom? Ach dat ha we sa besluten, it is de bêste. Mar, tinkt it CDA no ek, at je stimmen winne kinne mei sokke ferkiezings dan moat je dat toch dwaan? Want dictator Wilders kin’t net dwaan. Mar, alles is baseard op firtuele sifers. Partijfilosofen dy’t blyn farre op firtuele sifers. Wý roppe mar wat. En at immen wer wat seit roppe we wer wat oars. En sa lit we de Honden en oaren harren jild fertsjinje mei sinleaze sifers. Mar at we aanst yn it hokje steane dan stimme we op wat ús it meast oansprekt. Dan sykje we wer om belibbing en gefoel by stânpunten fan ús eigen partij. En sjoch, dan herinnerje we ynienen ús Lutz. Se wurdt dus gjin fraksjefoarsitter en jout aanst grauwe tuten  oan de winner, Samson of Plasterk. Mar we herinnerje ús Lutz aanst yn it stimhokje wol. Sy hie it as ienige fan de fiif oer belibbing en gefoel. En dan kin elk wol hiele groffe grappen makke ha oer Lutz, dan is it miskien dochs de frou dy’t de PvdA rêdt. Want sý sei ommers: we moat gewoan dwaan wer’t we foar oprjochte binne.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s