Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 03 12

 

Moarn Jacob. Do seist altyd oan de ein fan myn ferhaaltsje elke dei dat reaksjes wolkom binne. Dy komme wat twittereftich by my, mar se wiene juster noch al drok yn tal. Ik skold op de hûzen dy’t oan de noardkant  fan Snits bout wurde, en der blykt al hiel wat oer skolden te wêzen. Der wurdt wat ôfskolden yn dizze provinsje, poeeh. Nim no dat skoaltsje yn Goïngaryp, it Slûske. Moai skoaltsje. Mar we moat der bang foar wêze, it falt oan te nimmen dat it aanst fuort moat, der sitte wat te min bern op. De âlders fan de bern dy’t der wol opsitte bin no yn aksje kaam, ha dêr sels in echte stifting foar yn it libben roppen. Se bin benammen rekke troch de opstelling fan de stifting Primus, dy beheart de iepenbiere skoallen yn de gemeente Skarsterlân. En dy ha sein dat it sa net langer kin, de kosten bin te heech, want…..en ja en dan komme de sifers. Dy sifers doge net sizze de Goïngarypsters mar it slimste is, de wethâlder leau’t se wol. En yn ien haal troch, de FNP smyt skoaltsjes fuort troch ferkearde sifers te leauwen, fraude. Dan moat ik trije kear slokke want ik moat in feroardielde wethâlder belje, de FNP er Jan Benedictus. Ik slok net omt ik him belje moat, mar kin de doolhofwei op de gemeentehûzen. Ik skat yn dat ik nei trije oeren ouwehoeren mei foarljochtingsorganen en minsken dy’t har wichtiger fiele as at se binne, dat ik Jan Benedictus wol net te sprekken krije sil. De tillefoaniste. Ja wis, hjir komt er hear. It slokken is yn ien streek fuort, dit bin noch gewoanen, ik ha’m yn fyftjin tellen. Jan Benedictus. Ja, sa en sa. En dan leit Jan Benedictus út dat it al jierren yn de loft hinget, dat dit Slûske net mear as 16 17 learlingen skutte kin, dat it ûndertal no ienris 23 is, dat it allegear fierstente djoer wurdt it ek mei oare konstruksjes oerein te hâlden, dat hy echt de sifers wol goed wit, mar likegoed wit dat de Goïngarypsters net al te folle nije bern mear op stapel sette, dat de ferwachtingen dy ’t mei nije hûzen kamen der ek net mear binne, koartsein: jonge ik tink dat der yn Fryslân aanst wol sa’n hûndert skoallen nei de bliksem gean. En dan folget der in grouwelich sykheljen, dat oantsjut dat krekt de FNP wethâlders it mei sokke foarútsichten tige swier ha. Ik sykje net út wa’t gelyk hat. Miskien dat de wethâlder wat te direkt efter Primus stien gien is, wittende fan wat der earder spile hat en wat der noch komme sil en hoe’t de minister tinkt. Miskien dat de âlders it al dy jierren dat it Slûske gewoan ûnder it leerlingenivo wie en dochs bestean bleau  fergetten ha om genoch bern te meitsjen of aksje te fieren. Miskien dat it allegear wat hastich giet foar harren gefoel. Mar dat fraude net oan de oarder is. Unbegryp tusken âlders en bestjoerders is begryplik, it is hartstikkene stom dat dy skoaltsjes ferdwine. De alternatieven, bern hin en wer slepe is foar guon noch te dwaan, net foar elk. Dan kom je oan it ferhûzjen ta. En dat makket de teloargong fan de skoalle definityf. En dy fan it doarp dus ek. Dus sykje we no de provinsiale oerheid, dy’t hieltiid seurt it foech ha  te wollen fan it Frysk yn it ûnderwiis, mar it soe better wêze foech te krijen en ek sinten foar in regeling dat de lytse skoallen yn Fryslân in legere bernenoarm ha meie. Dan is der noch in hoop te winnen. At je no wat út de krimpgedachte slepe wolle, en je wolle der wat tsjin dwaan, dan soe dit miskien in helpmiddel wêze kinne. At je dan as oerheid soargje foar wat mear nering yn de doarpen, in goeie bushalte en in pinautomaat, dan soenen je dêrtroch der miskien mear libben ynblaze as krekt te dwaan as is der hielendal neat oan de hân. Ik bin wis dat Jan Benedictus wol meidwaan wol.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s