Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 03 12

 

As je fan Spannenburg nei Snits ride oer de Hommerts dan kom je lâns Wâldsein. Aanst, fan’t  simmer kom je dêr noch folle tichter lâns, want de brêge oer de Welle giet der út. Dus dan moat je efkes linksôf nei Wâldsein ride, ien slachje oer de rotonde, dan oer de nije brêge oer de Welle en dan wer rjochting Hommerts. It kostet miskien 40 sekonden mear, mar je witte no al dat minsken deroer seure sile, ûnder it motto: we moat omride. En at je dêr al fjirtich jier ride, dan is dat ek sa. En earlik sein de frachtweinen, ôfslaan en rotonde ride kin dy dingen net, dy ha efkes wat langer as dy 40 sekonden langer wurk. En der bin noch al wat frachtweinen, dat spul fan Veenstra yn Heeg, dêr stean somtiden wol in hûndert fan dy dingen, moat dêr allegear lâns. Oan de oare kant is it sa dat as je fan Snits ôf komme dan riidt je aanst automatysk nei Wâldsein, en dat wolle se dêr graach, al ride se dêr fanwege de rûnwei no tefolle omhinne. Oan de oare kant, dy nije brêge oer de Welle is wat heger as dat ding dat er al fan foar de oarloch leit, da’s foar de boatsjes. En hegere boatsjes ha se noch leaver yn Wâldsein as autotootsjes.

Mar je moat no noch efkes oer dy oarlochsbrêge, mar as je dan fan Spanneburg ôfkomme, dan flikkert der eins al hiel gau wat yn jo loftereach. Wat blaus, twa kear. En wat reads. Fûl neon. Ferskriklike fûl neon. Fel blau en read. Ik ha al twa kear hast in ûngemak hân want je skrikke je echt dea.  Je bin toch net yn’e buert fan Ljouwert of Drachten. Boppedat dogge se dat dêr no net mear sa. Dy rommel is djoer en ûnnedich ha se útmakke, want pas at it tsjuster is wurket neon goed, is goed, te goed sichtber, mar at it tsjuster is, bin dy ûndernimmingen net iepen. Dus ride de  minsken automatysk oan neon foarby. Mar hjir en dêr hinget noch wat fan dat guod, it measte is al lang ôfskreaun, en op in soad plakken  ha se gewoan de stekker der úthelle. Eartiids hienen se oeral ek bedriuweterreinen ferskûle achter stêdden , doarpen of beammen. Dêr hongen se neon op, hjir bin we hear. Mar lâns de rykswegen sjoch je no wol terreinen fol ûndernimmingen, mar sûnder neon. Neon is inkel noch in wurd foar wordfeud at noen net wol fanwege it oare wurd.

Ja yn de binnenstêdden is neon, minsken moat kroegen en bioscopen yn, moat noege wurde. Mar dêr is it fierder rûnom ljocht, dus dy neon skynt wat oars, is net sa pregnant. De neon yn Wâldsein skynt prangend it djippe tsjuster yn. Oant de dyk fan Spannenburg nei Hommerts. Blaue en reade neon. It sil wol reklame wêze mar ik ha derûnder stien en koe ’t noch net lêze. Mar ik skrik dêr alwer, want se boue dêr noch sa’n hege boatekeet. Soenen se dêr no ek fan dy neon dingen  op dwaan. Wat hat dy minsken dy ’t it al ha bewogen soks op te hingjen. Tinke se no  by harsels dat se net herkenber binne, wylst krekt Wâldsein  al dy wettersportbedriuwen by elkoar smiten hat en je se dus fine kinne. Dat is hjir en dêr noch wol wat oars en se moasten se bygelyks yn Snits in hiel soad feroarje, by it Ges. Wâldsein mei in mear as stêdelike útstrieling tanksij dat neonljocht makket himsels belachelik. En no sil dy bedriuwen wol sizze, gooh sjoch dan  ris nei de túnbou, sjoch ris nei de boeren dy’t de lizboksen yn it ljocht sette. It hat neat mei ljocht te krijen, it hat mei neon te krijen. Fel en lillik, ûnfrysk en oerstallich neon. Wat hat dit eins tastien, of mei elk dat samar dwaan. Ha se yn de gemeente Súdwestfryslân gjin lânskipsamtners mear, of wurkje se net yn it tsjuster. No ja, dan wurdt it tiid dat Doarpsbelang de minsken fersiket dy rommel wer fan de muorren te heljen. En wolle dy lju net om lyk, dan mar gewoan elke jûn der hinne en  de triedsjes trochsnije. Ut selsrespekt.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s