Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 03 12

 

Ik bin juster efkes in dei te aaisykjen west. Konklúzje, der bin hjir fierstentemin ljippen. Dat ha’k trouwens juster net útfûn, dat hiene oaren al dien, ûnder oaren fûgeltelorganisaasje SOVON. En justerjûn wiene der noch mar 3298 aaien fûn ek al sa’n sifer. De kranten en radio klaue wat al te hastich yn dy sifers om, dus is ynienen de Fryske ljippestân mei de helte fermindere. Der wurde al ekskurzjes nei Frankryk organisearre foar de kommende winter, mei de bedoeling om elke Frânsman dy’t de ljippen sjit en opfret fan kant te meitsjen. No litte dy Frânsen har net samar delmeane, dus dat wurdt oarloch, en yn de fredesbesprekkingen sille de Frânsen sizze, dat se amper ljippen sketten ha. Ik ha juster ûntdutsen dat se gelyk ha. Al dy Fryske ljippen dy’t hjir ferline jier noch sa moai yn it sintsje sieten, bin no ferhûze. Nei Grins. Ik ha de Skieding lâns west en der sieten se allegear oan de Grinzer kant. Se sloegen har fan it laitsjen op de knibbeltjes, it iene aai nei it oare sjen littend. En wy Fryske neisoargers kin der nei fluitsje. En doe’t ik dat die, kaam der in ljip op my ta, sloech my op it skouder en sei, stil mar jonge. Sju it sit sa, wy ha fanne winter in kongres hân en dêr besletten hoe’t wy jim tenei oanpakke sillen. Wy bin no yn Grins, dus hiele oare ljippen wurden. Der bin ek guon ljippen dy’t krekt as guon Friezen yn Fryslân  wenjen bliuwe wolle. No ja da,t kin wol, mar we ha de roeken ek útnoege, en ôfpraat dat se yn ruil foar ien aai deis, hieltiid oerfleane, mar dat wy harren dan net oanfalle. Dêr ha we ek temin kondyske foar seit de BFVW, no lit dy dat mar tinke. De measte ljipaaiskers rinne dan wol troch ay wy der net efer de roeken oangean. We bin al dwaande de kobben ek safier te krijen, mar dy ha it wat te drok om foldwaande spierring yn de Iselmar te hâlden, dy sitte mei de fiskers yn konferinsje. Fierder bin we no offisieel koloanjebroeder op de mais, der fleane we hieltiid boppe, mar de nêsten sitte krekt der oerhinne op de griene stikken, komt net in minsk. Fierder ha we foar de Fryske ljippen sein dat nei it trêdzjen de hij net fuortfljocht. Se bliuwe beide by it nest siten. De aaisiker wit net better dat it mantsje fuortfljocht en it froutsje nei it nest giet. Dan siket er. Mar no giet der dus fuort. We bin yn it Europarlemint ek dwaande, we wolle eins dat der njonken de mobiele tillefoan, dat at de aaisiker in aai fynt, it kin ûngelokkigerwize noch barre, dat er dan in formulier yn fjouwerfâld ynfulle moat, opstjoere nei ús administraasje yn Mauretanië en dat wy dan sizze kinne oft hy dat aai meinimme kin. We kin oantoane dat de aaien earder útbred binne as dat de formulieren werom komme.  No jong soks ha we allegear beslúten op dy konferinsje, hartstikkene aardich wie dat. We ha ek noch in resolúsje oannaam tsjin it provinsjebestjoer fan Fryslân. Dat mjit mei twa maten. At je in poep binne dan liz je aaien yn it reid en dan mei der net baggere wurde, net wurke oan brêgen en dykjes. Der bin mear poepen as ljippen. Mar as de ljip dêr komt, en hy wiisde nei Fryslân, dan mei alles, dan mei jim allegear komme om 6000 fan ús bêrn yn sierend wetter te smiten en op te fretten. Kanibaal ! En hy sloech my tsjin de holle en dêr waard ik wekker fan want ik wie nei in ein rinnen tsjin de hikke oan sitten gien, lekker yn it sintsjes. Mar al fierder sykjende ha’k lang oer de dream neitocht. .

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s