Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 03 12

 

Guon  saken yn dit libben bin hiel dudlik.  At de iene fuotbalploech twa goals makket en de oare ploech mar ien, dan kin dy ploech fan dy iene goal wol better spile ha, mar de oare ploech hat wûn. Dat stiet muorrefêst. Sa bin der mear saken fan ja is ja, en nee is nee. Dúdlik is ek bygelyks soksoarte saken as , no it CDA is tsjin it ferleegjen fan it ûntwikkelingshelp. Ik bedoel wer moat se oars mei al dy mei lytse bern knoeiende priesters hinne as de tichte bosken fan Afrika, en soks moat wol betelle wurde fansels. Mar der bin ek saken yn de wrâld dy binne net dúdlik. Nim no dat gedoch mei dy riolearing yn de gemeente Hearrenfean, no ja it plattelân om Hearenfean hinne. Dat skynt, sizze de lju, der noch al bryk yn te lizzen. En se sizze ek dat de keutels net goed fuort wolle, dat it faker ferstoppe sit, en dat it aanst noch folle mear ferstoppe rekket. En no wol de gemeente Hearenfean in boete fan 7 ton oplizze oan de firma Kanters út Veghel, dy’t dat spul oanlein hat. Hoe kin de gemeente Hearenfean no sa stom wêze om sok wurk út te besteegjen oan in Veghels bedriuw. Wy ha hjir yn  Fryslân dochs ek goeie riolearingsoanlis bedriuwen. Wie’t safolle goedkeaper? No at it sa goedkeap wie, dan wisten jim fantefoaren ek dat it in kloateriolearing wurde soe en dan wol ik jim wol oanklage foar it net goed soargjen foar wat jim wol dwaan moatte, goed jim saken regelje. Want jim wisten wol dat it net goed komme soe. En dat bedriuw betellet dy skea fansels net, dus dat wurde eineleaze en djoere prosedures, yn stân hâlden troch de minsken dy ’t hun stront net kwyt reitsje kinne. Want wa sil bewize dat it bedriuw dy rommel der skeef ynlein hat, der hat nimmen foto’s makke, oars hie de grûn nea ticht smiten wurden mochten. En miskien ha de minsken dy’t der wenje tanksij it iten fan postro en brune beanen wol gruttere keutels krigen as at ferwachte wurde mocht. Dit wurdt eineleas. En dit is dan wer in te grut putsje foar de ridende rjochter dy’ t trouwens leaver ek net yn de stront omklaud.

Fannemiddei wer sa ’n gefal. Hat Steven de Jong plagiaat pleegd mei syn film Janey kind van de rekening. Hat er it boek fan Patrick van Rijn, Weg van Lila en vaderstad ferfilme sûnder dat efkes te sizzen en te regeljen, want dat lêste, it beteljen, der giet it allegear om fansels. Ek sa’n welles nietes spultsje. Der bin safolle films makke en boeken skreaun, je ha der gjin sicht mear op. En at je wat lêze of je sjogge in film, dan bliuw je allegear dingen by, miskien dy’t je wol sa aardich fine, dat at je sels wat meitsje dan sit dat der wol wer yn. No ja en om dan elke kear plagiaat roppe.     Marat je der al lêst fan ha, dan lit je de rjochter dat boek lêze en de film sjen, en dan seit dy dat it miskien der wol op liket mar dat it plagiaat net bewiisd wurde kin. Sterker , hy sil sizze moatte dat it miskien stiif op elkoar liket, mar dat it mooglik wêze moat dat yn in soarte fan dream Steven de Jong in film betocht, dy’t Patrick van Rijn al yn in boek beskreaun hie. Ja ik wit ek wol dat it net te leauwen is, mar de rjochter giet út fan wat kin, net fan wat net kin. Mar Van Rijn , ik sil jo wat fertelle. At Steven de Jong in boek ferfilmet, en dat hat er no al in pear kear dien, dan liket de film absoluut net op it boek. Skriuwers fan dy boeken woene eins al prosedeare omt de ferfilming sa fier fan har boeken ôfstie. Dus at jo sizze dat syn film sa bot op jo boek liket dat it as plagiaat fielt, dan fertelle wy jo dat Steven de Jong dat net kinne soe. Dus it moat folsein tafal wêze.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s