Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 03 12

 

Frjemde berjochten hjoed. Huldiging fan Jorrit Bergsma en Daan Breeuwsma yn har eigen Aldeboarn. Earme jonges, al wer al dy klopkes op it skouder, se fine it folle slimmer as harsels út’e liken te riden. En oer in dik heal oere begjint de top 100 foar it noarden foar Waterstad FM , gearstald troch de lêzers fan de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden. De nûmer ien is der net Bohemian Rhapsody mar Die Twa mei Fûgels. De Piter Wilkensen, Gurbe Douwstra’s , Reboeljes en Kasten ferslane yn in warrige list fan bûtenlânske artiesten Ede Staal en Skik. Dus de LC lêzers bin de ienigen dy’t noch stimme, en as je dêr goed oer neitinke, wurd je wat huvrich.

Mar it meast frjemd: aanst om 10 oere iepenje twa minsken in ynformaasjebus. It is in ynformaasjebuske foar it iepenbier ferfier. Watte? Ynformaasjebuske foar it iepenbier ferfier. Dus je hienen eartiids in busboekje, dêr stie alles yn, dat gie pûrbêst, dus dat ha se fuortgoaid, want dan moasten se op tiid ride. Dernei hiene je aparte tsjinstregelingen dy’t je elk fearnsjier, dan feroare it wer, ôfhelje koene by de segareboer yn it doarp. Dernei kaam de tillefoan, dan bellen je op wannear at de bus gie en dan seine se at it net sneit, sneontemiddei om fiif oere de lêste bus. Dernei kaam it lok ta ús, ynternet. Alles koenen  je dêr lêze, ek dat it iepenbier ferfier hieltiid mear fan de 419 doarpen yn Fryslân lizze liet, of der inkel oan de bûtenkant noch ien halte hie. En no, no’t je safier binne dat je gewoan by de bushalte stean gean te wachtsjen at der wat komt, in bus, of buske, miskien wol in taksi, en it folslein net mear bekind is wannear der wer wat komt, no komt der in ynformaasjebus. Dat wurdt dus iepene by Nijlânstate yn Ljouwert, in âlde minskenhûs, fol âlde minsken dy’t de bus al opjûn ha sûnt de ynfiering fan de OV-tsjipkaart. Mar goed, foarút dan mar mei de ynformaasjebus. Dy wurdt iepene troch deputeare Jehannes Kramer en de Connexiondirekteur. Marco Rine.  Connexiondirekteur? Wat moat dy dêr, Anne Hellinga hat mei syn Arriva alles hjir al hast wer yn hannen? Connexion docht hjir aanst dochs  hast neat mear? Dus aanst by Nijlânstate wurdt der in ynformaasjebuske iepene, wer’t de bejaarden gjin belangstelling foar ha en dêr stiet in stúmske Conexxiondirekteur in moai ferhaal te hâlden. No al wille. Mar ik trof lêsten in bussjauffeur fan Connexion dy wie wer stúmsk oer syn baas, oer dy Rine dus. Want dy drige aloan mei ûntslaggen. Ik ha betocht dat de provinsje Fryslân it harren miskien net gund hat omt at se it krigen hienen der minsken ûntslein wurde soenen, oars koenen se Fryslân net betelje. Dat soe sterk wêze. Mar it is wol singelier fansels, want at Arriva it no wer oernimt, dan wurde se ynienen net mear ûntslein. Teminsten dat sei dy sjauffeur. Hoe kin dat dan allegear.  Hoe kin it iene bedriuw it mei minder minsken dwaan as it oare, wylst dy fansels ek noch wer mear jild ôfdrage moatte oan de provinsje. Wurdt alles no wer oars? Bellet Anne Hellinga ús aanst elke moarn op wannear at der wer in Arrivabus by ús yn it doarp komt? Sju, we ha hjir yn Fryslân gjin inkele hoop mear dat it iepenbier ferfier ea goed komt. Mar okee, mei wat der no is, dêr moatte we it ek mei dwaan. Ferlit no dy bikkelhurde konkurrinsjestriid, dêr hat it folk gjin belang by. Feroarje dochs net elke kear, want elke nije feroaring is in betizing, dy bringt noch mear minsken op de fyts of yn de auto. Der kin gjin ynformaasjebuske tsjin op.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s