Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 03 12

 

Oan de minister president fan dit lân, Mark Rutte, ek noch lieder fan de VVD, wat op himsels de posysje fan minister president wer ferswakket, omdat dy wat objektiever wêze moat as in liberaal, tink marris oan Kok en Wallage dy’t nei harren regearperioade hiel wat rjochtser waarden as at jo ea links wurde sille.

Beste menhear Rutte, ja jo wolle miskien graach dat ik Mark sis, mar dat doch ik net want ik bin wol âlder as jo mar jo bin minister president, en yn in liberaal lân heart eare by de funksjes. Ik skriuw jo in brief omt al it oare net mear wurket. Jo harkje net nei ien radiofraach, útsein dat je sizze “sjoch yn it wurdboek wat it wurd moeilik bestjut”, en ynstee fan dat sy dan freegje “witte jó dat wol”, sykje se it yn it wurdboek op en bin jo fuort. Jo sjogge ek net nei tillefyzjeprogramma’s , der sit jo altyd yn, mar der yn skodzje jo inkel jo  holle as de presintator wat freget en dernei jou jo in andert wat hiel earne oars oer giet. Jo litte in fasal twitterje, en lêze dy dingen ek net, oars soenen je wol witte wat foar frjemde kearl dy Wilders is. Mailtsjes hoech ik jo net te stjûren, dy smyt jo siktaresse yn de map ongewenste post en sms-e hat ek gjin doel, jo heare net te sms-en at je mei ien prate en jo prate de hiele dei mei ien. Dus in bryfke, dat is sa’n ding wat troch sa’n famke yn in oranje pakje op de fyts by jo besoarge wurdt. Je moat efkes de envelop iepenskuorre en dan efkes lêze, it is mar in lyts boadskip. Mar dat hoech ik ek net te sizze want at jo dit lêze, dan ha je him al iepenskuord.

Nee wat ik jo freegje woe, hoe dogge jo dat no mei dy Wilders. Hoe pakke jo dy yn.  Jo sondeare al jim idioate gedachten earst by him, net by jo eigen folk. Jo freegje earst Wilders en dan pas ús Annewil Lucas. Dan seit Wilders nee, wylst  Annewil ja sizze woe. En dan grieme jo sa om mei Wilders dat dy úteinlik dochs ja seit, mar dan moat jo allegear saken ynleverje dy’t Annewil no krekt net wol. Mar der sis je tsjin:  bek hâlde, ik doch it wol. En at dy CDA jonges de mûle ek mar heal  iepen dogge, sis jo: wolle jim sa graach ferkiezings jonges, dan bin jim der hielendal net mear.  Mar dy Wilders, alle egards, alle romte. Al seit de hiele wrâld ek dat dy man yn de finzenis moatte soe foar syn Poalen meldpunt, dan sis jo neat tsjin de wrâld, want blykber is Wilders akkoard mei in besuniging op de ww of sa, yn ruil foar dat jo it Poalen meldpunt goed fine. Dat begryp ik allegear noch wol sa’n bytsje, hannel is hannel en jo en Wilders soenen by ús yn de wâlden wenje. Mar jo ha dochs ek earne fan jo âlden meikrigen dat der oeral in grins oan is. En wy, alle lju yn Fryslân, wolle net fierder, wy stopje by dy grins, en we ha der swierrichheden mei dat jo hieltiid oer dy line stappe. Want, hear Rutte, at je ien kear oer dy line binne kin jo nea wer werom, we ha dat eartiids faak sjoen yn lannen dy’t úteinlik diktatoriaal einigje soenen. En earlik: it wer bemoeie jim jim mei, wy rêdde der mei, en dernei twingen we it jim allegear wol op, ja sa’n belied hat diktatoriale trekjes. We stimme op allerhande ynhâlden fan programma’s, dy’t jim net iens mear kinne wolle. Ach, wat kin ’t ús ek ferrekke, jim besunigje altyd in stikje fan ús fuort, wy bin doch de lul. Mar om dat allegear  net noch slimmer te meitsjen, soenen jo wol ophâlde wolle mei allerhande tonielfoarstellingen yn dy tún. Dat je knikke nei de fotografen at jo jo earm om Wilders hinne lizze en at it dan klear is, dat jim allegear sa gau mooglik opsodemieterje, de CDA-ers om te biechten, Wilders mei it gefoel dat hy de baas is en jo, jo waskje jo earms. Wol je dy earms asjeblieft noait wer om Wilders hinne lizze.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s