Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 04 12

 

In kâlde noardwester blies oer it Fryske wetter by de iepening fan it wettersportseisoen. Iepening, it wetter is skjinmakke, de brêgen bin wer iepen. In frijwillige brandweerman wie by de Yndyk yn Wâldsein oan it neisoargjen of mollefangen, en seach dat ien fan de trije fjouwer boatsjes dy’t op de Hegemermar sylden, omsloech en dat twa, trije of fjouwer man op de kiel krûpten en yn panyk wiene. De man draaide dus 112, mar dan skyn je yn dit lân in wiidweidige tillefoanyske omwei folgje te moatten, dus it duorre efkes. Boppedat wie der net iens op rekkene, hokker idioat giet mei dit waar ek te silen, yn sa’n net yn te skatten, want de noard wester is hiel ûngeduerich, stive koelte. Der bin noch altyd fraachtekens want de 112 lju stoden wol yn snelle boatsjes op de mar hin en wer, de moterkes dienen it allegear, mar se ha neat fûn. Mar at dit it byld fan it seisoen is, lit we dan asjeblieft in sylbewiis oanskaffe. No ja, sa wie it dus in frjemde iepening, hy wie ek noch net echt, de wettersportferieningen folgje de kommende wiken ek om soks wat mear te fieren en dan wurde al ús rekreatieve sintra hiel yngreven yn it sintsje setten. In fermakelijke race om safolle mooglik yn de publisiteit te kommen, krekt as soenen minsken dat tús sjen en  dan sizze, o Grou hat sa’n moaie wetterkeninginne, der wol’k hinne, of it wie sa’n fleurich orkestje yn Langwar ha’k heard, dat spilet dêr fêst alle wiken. No ja, wat dan ek, sukses mei de organisaasje jonges, folgje it patroan mar fan Fryslân Marketing, we moat ússels op de kaart sette. Inkel, wy Friezen kinne dat net. Wy kin ússels net oanpriizgje, dat heard op de iene of oare wize ferkeard. At jo in boat hiere doch dat dan yn Heech, want dan….. ja dat lêste leauwe wy al net mear. Mar at we dan al nei Heech reizgje, dan  roppe se oer elkoar hinne, net by him mar by my, want dan…….  Gearwurkje is hjir in flokwurd. Ridikuul hoe’t hjir yn Fryslân allegear giet mei de gearwurking. Eartiids waard der redelik goed gearwurke yn VVV ‘s , dêryn die de oerheid mei, ek de ûndernimmers, sawol rekreaaasje as ek horeka en de lju dy’t sa grutsk wiene op eigen streek, dat se dy wol promoate wolle. Dat is dus hielendal út elkoar dondere en it hinget mar krekt fan de minsken ôf at se troch geane of net. De provinsiale oerheid stelt syn jild, nei it defisyt fan tegeare mei Grins en Drinte dingen te dwaan ek mar wat mear yn dy dizenige projekten, lykas Moordvrouw, kulturele haadstêd en soksoarte saken, gemeenten dogge folle mear yn iendaagske dingen, Slachtemaraton, soksoarte. Undernimmers gean wat mear har eigen wei, ha op kursus allegear pr hân en tinke no dat se dat sels it bêste kinne. Oerbleaune VVV’s kin net gearwurkje, Waadeilannen, SW Fryslân, oeral is it oarloch. Ferline wike moast ik nei Meppel en riidt binnentroch wer werom, oer de Beulakker, Belter en sa. Der wiene allegear lju dwaande mei elkoar alles klear te krijen foar it seisoen. It seach der allegear kreas út, sa fan kom mar. En ik moat sizze, it wie miskien ek net mear as in gefoel, mar it is krekt oft it lette winterke derfoar soarge hat dat we hjir noch in hiel soad wurk dwaan moatte…… no ja sjoch mar om jim hinne. Der wurdt wol wat dien, mar ik mis eins oertsjûging. It wie yn NW Oerissel…. oars. Goed netsjes klear wêze soe wolris de beste pr funksje ha kinne.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s