Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 04 12

 

Ea, in jier as tolve, tretjin lyn, kocht myn baas de bieb op de Himrik yn Ljouwert. Wy jongens dy’t

ús hiele libben yn it kulturele sintrum fan Ljouwert sitten hienen, moai yn de Prinsetún, waarden nei in strak fantasyleas gebou op in bedriuwterrein skood. Mar it neidiel hie ien foardiel, Drachtster plein oer, en hup je wienen op’e saak. Oars duorre soks wol in heal oere. Mar ja no ha se it hiele Drachtster Plein oeral helle, in gribus. In heal jier lyn is de hiele wâl fan de Drachtsterbrêge fuorthelle en nei dat plein sleept. En no grave se dat wer ôf, ja der bliuwe wol wat bultsjes lizzen, mar se dolle ek in ein de grûn yn. Allegear dûbeld wurk, at je it sa sjogge. En no wurdt it oerstallige sân wer werom brocht nei it FVC fuotbalterrein, dêr komt der in fantastysk crossterreintsje foar de jeugd. Hoewol, der sit in stek foar. It is net it ienige wer’t se yn Ljouwert en omkriten mei dwaande binne, de heak is ek los. Earst hienen we it net iens sa troch, se strúnden hieltiid mei dat ark yn de bou om. Under Techum wie in moai stikje skriezelân, dêr lizze no bulten modder, dy moat Techum beskermje tsjin de autolûden. En de oare kant sieten ek nochal wat ljippen op, hienen se net in  pear wike wachtsje kinnen. Nee, want fan freed ôf komt de rige frije dagen as in swurd boppe de grutte wurken te hingjen. En sitte wy noch langer yn de ellinde. It begûn fannewike al, ynienen wie de dyk fan Werpsterhoek oant Grou foar de helte ôfsletten. Op de ljochtbuorden dy’t der yntusken steane as wie Ljouwert in grutte stêd en ús fertelle hoefolle langer as fjouwer menuten je wurk ha oan Techum of Wirdum, stie dat je trije menuten byrekkenje moasten, it wie mear as tsien. Hindert neat, allinne der barde helendal neat. Der wie net in mins te finen. Werom slúte se dan in part fan dy dyk ôf. De oare moarns ha’k it pas sjoen, doe wiene se dwaande tillefoanpeallen fan in auto te tillen. Oars gean se altyd mei it hiele spul troch de berm, der is ek noch in flechtstrook , mar no moast de dyk ôfsletten wurde. En wat moat we mei ljochtpeallen oant Grou ta, we ha Wurdum altyd fine kinnen. En werom slute se net efkes dy krusing ôf, Wytgaard kin wol oer Reduzum, en Wurdum wol efkes oer Swichum, dan rint alles troch. Nee. Ho. Der wurdt hieltiid minder rekken hâlden mei it ferkear. Faak hat dat in goede reden. Mar soms dan tink je. Dy hynders hiene op in rykswei omdraaft, da’s lêstich, dan moat it ferkear efkes ho. Dan bin dy hynders wer oprêdden, wurdt de wei noch net iepensmiten. Want hjir en dêr leit in bultsje hynstestront en dat moat earst oprêdden wurde. Ja der kin ik net oer, ik riidt altyd gewoan troch de stront hinne en wik jim dat op de ruilverkavelingsdykjes noch wolris raarder guod leit as hynstestront. Tsjintwurdich is it ek sa dat it perkje op in minirotonde skoffele wurde moat, dan stean der trije gemeenteauto’s mei in karre derefter op de rânne fan it perkje. Je sjogge gjin oare auto’s mear, en der is de minirotonde dochs foar bedoeld, alle stiet fol. It is gemeentlike wurkers blykber ferbean om fiertde as twa meter  mei in skoffel yn’e hân nei it perkje te rinnen. No breidjze dat ferhaal mar út nei de grutte diken (het  politieonderzoek zal nog de gehele middag duren) en  jim witte presies wat der ekonomysk ferkeard giet yn dit lân. Ek at it wurk klear is, it duorret tiden foardat it oprêdden is, dat moat sa langsem mooglik, oars moat je noch wer wat oars dwaan. Wis, it is net altyd sa, en fansels der bard in soad en der moat noch in soad barre, we moat ek hieltiid mear asfalt ha. Mar sa no en dan sjoch je dingen, dan wurd je wat nitelich. Lykas dat boerd ûnder Ljouwert. Haak om Leeuwarden, werk duurt tot ongeveer eind december 2014. Ongeveer?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s