Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

05 04 12

 

Foar my leit in uutneudiging.

 

Stellingwarvers, ken jim plicht,

hool jim eigen tael in ere,

die zo nao an’t hatte ligt.

Strieden moe’we! Mit mekére.

Dat wie de grûnslach foar de oprjochting fan de Stellingwarver Schrieversronte yn 1972. Fannemiddei is yn Noardwâlde, sorry Noordwoolde, de offisiële betinking fan 40 jier Schrieversronte. Sju, dan sis je al net iens mear dat it de Stellingwarver Schrieversronte is, dat is logysk omt der mar ien ronte yn’e wrâld is. Yn 1972 dus oprjochte. Ja, Henk en Sietske Bloemhof songen wat dichterlike lietsjes yn har taaltsje, en hjir en dêr wie wat skreaun. Hendrik Johannes Bergveld wie de earste echte skriuwer, mar dy wie yn 72 al wei. Mar der wiene noch wol in pear mear doe. Likegoed wie it Stellingwarfsk noch net hiem. It wie in echte streektaal, Nedersaksysk. Dutske oarsprong. Mar dat is it Frysk úteinlik ek, alles komt ut it Westgermaansk. It karakter fan it Stellingwarfsk is dat it yn wêzen net Frysk is, mar wol in tal Fryske nijsgjirrigheden hat. Mar it rivierke de Kunder is de grins. Oan de oare kant fan de Kunder joegen de Friezen gas yn dy jierren. Oer it Frysk. Kursussen, ûnderwiis, begryp, der waard in soad skreaun en song yn in taal dy’t wer hielendal ta libben kaam wie nei Kneppelfreed. De Stellingwarvers der efter dy Kunder wiene ôfgeunstich. Jaloers. Mar dat seinen se fansels net lûdop, want dan waard it in rare striid. Se fregen dus ek om omtinken foar it behâld fan harren streektaal. Se fregen dat by de eigen befolking. Mar fregen dat ek fan ús, en fan de oerheid.  Dy’t wol in oere Frysk op skoalle ferplicht der trochkrige, mar net foar it Stellingwarfsk, dêr ek gjin muoite foar diene. Wol krigen de Stellingwarver skoallen frijstelling fan Frysk en se brochten fia de heemkunde de taal ek wer binnen. No, sok wrotten, je wolle it net leauwe. Wat ha se wat ôfwrotten. Risseltaat: in hiel lyts bytsje erkenning, net iens offisieel. Mar de Schrieversronte waard in degelike ynstelling, tanksij Pieter Jonker. Mar de man dy’t boppe driuwen kaam wie Johan Veenstra. Absoluut in topper, en net ien fynt it slim dat dy man Stellingwarfsk skriuwt en praat. Wy ha him hjir ek jierren hân. Ja en dan komt de muoilikhyd, we ha him net hân om omtinken oan dat Stellingwarfsk te jaan, mar om syn wize werop hy ferhaaltsjes en ferhalen skreau en letter ek foardroech. Der is net in frouljusferiening boppe de Kunder, wer’t er net op besite west hat. Ik ha doe ûnderweis wolris tocht dat it Stellingwarfsk himsels de nekke omdraeide mei Johan, wat dernei kaam wie sa goed net en waard dus ek minder gau of hielendal net frege en brûkt. It wurdt no noch altyd troch de Stellingwarvers tsjin ús brûkt. Tryst, Johan, de grutte fersprieder fan it Stellingwarfsk, noch yn de Ljouwerter, tagelyk de deastek foar syn streektaal. Hoewol, de measte Stellingwarvers bin dat eins ek wol, dy prate hiel gau Frysk of Hollânsk, sa’t wy ek gau Hollânsk, stêdsfrysk en Ingelsk prate. Nee net Stellingwarfsk of Bildts, dêr ha jim gelyk oan. Alla, Johan sil der hjoed wol  by wêze en him fine yn dy skitterjende uutneudiging, weryn net stiet wa’t der sprekke sille, mar je noege wurde om gesellich te ouwehoeren oer wer’t ik it no oer hie.  Yn it Stellingwarfsk, dat wol.

 

Mit mekaander staon we sterk

Uut gemeenschap moet et gruuien

stelingwarvers an et wark

Oonze tael moet rieker bluuien.

 

De wurden fan Jouk ut 1972  jilde noch altyd.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Beste Eelke,

    Even een reaktie op jow stokkien van 5 april.
    Ik leze ‘ …wat dernei (nao Johan) kaam wie sa goed net en waard
    dus ek minder gau of hielendal net frege en brûkt”.
    Dat is een onderschatting of onbekendhied mit et wark van de
    Schrieversronte en de Stellingwarver schrievers. Misschien hebben
    journalisten en de veerdere media d’r gien oge veur had. Aj’ kieken
    nao et tal optredens van ere schrievers, et sukses van de
    boeke-sutelaksies, de tot staandkomming van et uutgebreide
    Stellingwarver Woordeboek dan zoj’ toch eers weten moeten.
    Daenk ok es an et tal lieties wat schreven is en de 150 boeke uutgiften.

    Harmen Houtman

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s