Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 04 12

 

Fannemiddei is de Van der Wielen lêzing yn it Historysk Sintrum Ljouwert. Dy lêzing wurdt organiseare troch de Stifting Van der Wielen lezing. De Van der Wielen lêzings bin neamd nei de twa Van der Wielens dy’t in rol spilen yn Fryslân. Jarig van der Wielen, de man dy’t  yn 1921 yn Bakkefean delstruts, grut burd, stokje yn’e hân. Unôfhinklik riedslid, en dêrnei waard hy grut yn de wurkferskaffing en buurtûntwikkeling. En neefke Henk rjochte de folkshegeskoale Allardseach op, en siet yn de Fryske Akademy, regionale omrop. Soksoarte saken, noch folle mear. Aktieve mannen, dy’t de befolking holpen harsels te rêdden mei wurd en died. De Van der Wielen stifting wol dus ek maatskiplike tema’s dy’t ryp binne foar debat organiseare. No ja se noegje sa no en dan, net regelmjittich, minsken út werfan se tinke dat dy ek wat te sizzen ha, wat oankomt yn en by de mienskip. No dy sprekkers ha se hân. John Jansen van Galen, Pim Fortuyn, Jan Pronk Maurice de Hond , Rob Oudkerk, Lodewijk de Waal, Hans Simons, Hans Dijkstal, Margreeth de Boer, Doekle Terpstra en Job Cohen. It opfallende oan al dy sterke nammen is, dat flak neidat se de Van  der Wielen lêzing hâlden hiene se fan it toniel ferdwûn binne, of ferstoarn. Dus dit is de lêste lêzing fan  Alexander Rinnooy Kan. Dizze foarsitter fan de Sosiaal Ekonomyske Ried sil it ferskil oanjaan tusken heger en leger oplieden minsken as it giet om wat se neame de partisipaasje yn mienskip en bestjûr, yn ús taal: docht elkenien oeral wol oan mei. Dan tink je wat is dat foar frjemd ûnderwerp, we sykje no dochs ien dy’ t in idee hat om de fêstsittende hûzemerk op te lossen, of de kosten fan de sûnenssoarch te beheinen, of in skôging fan hoe’t PVVstimmers de polityk belibje optheden, ik sis mar wat. Mar it giet dus oer maatschappelijke en bestuurlijke participatie. Alde Jarig van der Wielen keart him om yn syn grêf fanwege it taalgebrûk. Likegoed hat ûndersyk útwiisd dat minsken mei in legere oplieding minder meidogge op de arbeidsmerk. En dochs hearre we al dy minsken mei in hege oplieding hieltiid mar seuren dat der mear faklju komme moatte. Sju, gjin sinne oan polityk, ôfkar fan demokrasy, logysk, at je net op de arbeidsmerk komme kinne, ha je dêr gjin sin oan. No ja, ik sil Rinnooy Kan net foar de fuotten rinne.

Yn de seal sitte in soad bankiers. Werom is net bekind, of soenen se witte wolle wat dy lju dy’t net meidogge mei harren jild dogge. Mar it soe goed wêze dat dy bankiers fanút it HCL daliks nei it Oranje Hotel gean, want dêr sitte dan de fakbûnen fan de banken mei de leden fan Friesland en Rabobank te praten oer de gearwurking en wat hat dat fan gefolgen foar de wurknimmers. Oer it algemien wat heger oplieden, sjoen it wurk. Se dogge aanst net mear mei op de arbeidsmerk. Se ha de balen fan polityk, want dat hat de krises feroarsaakt werom at se no ôfheakje moatte. En sa ha gjin betrouen mear yn meisizzenskip en demokrasy. Want de partijen wer’ t se op stimt ha ’t al wer gewurde litten, de hannen yn’e hichte en sizze spitich en dach. Ik tink dat Rinnooy Kan dernei syn ferhaal op’e nij hâldt. Under it motto leger én heger oplieden minsken dogge net mear mei.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s