Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 04 12

 

Ik hâld Fryslân hjoed amper yn’e gaten, folslein obsedeart troch abbekaat en freon Wim Anker syn swiere beslissing, al hoe krûm at Robert M. is, rjocht is rjocht. Mar om krekt nó sa’n nij jurydysk fenomeen op te roppen, hat sa’n Robert M. dêr no wol rjocht op, pfoe. En dan dy idioate Noor, moat dy no mei syn Hitler groet sa grut op de foarside fan de Ljouwerter. Lit dy man fiif dage prate, mar   skriuw en sis der neat oer, lit him optrede foar in lege seal. Mar ja, de oare kant, it bart allegear, moat je dat net sjen en hearre litte. Dillema’s , ik bin der net út. Dan dochs mar nei de Fryske saken, hoewol ek dilemma’s hear. Sju , kiek

wurdt hjoed ôftrape. Ja, ik praat wartaal, mar sa stiet it yn de aginda. Kiek betsjut Kijk in elkaars keuken. Yn it Frysk besjoch elkoars koken. Bek. Ja , dêr wurd it net folle helderder fan. Dan mar nei dy ôftraap. Aanst om healwe njoggenen komt der in buske fan it wetterskip by it gemeentehûs fan Ljouwert. It is wat oerdreaun, in buske, want sa grut is deistich wetterskipsbestjoerder Wietse de Haan no ek wer net en hy hat mar in lyts kofferke. Hy toutert nei boppe, nei de keamer fan de wethâlder Isabel Diks, dy nimt dat kofferke oer en jout Wietse har taske. En dan stapt sy mei it kofferke yn it wetterskipsbuske. Twa dagen lang fiere se elkoars wurksemheden út. No ja, fannemiddei krijt se wer hurd efkes har taske fan Wietse, dan kin se as wethâlder de prestaasjeôfspraken fan de wenteboukoörperaasjes ûnderskriuwe, want dy koörperaasjes moat je wol efkes formeel yn de stringen hâlde. Mar foar it oare is Isabel Wietse en Wietse Isabel. Isabel is PAL/GrienLinkse en Wietse wie wethâlder en steatelid foar de PvdA en neamt himsels de lêste sosiaal democraat. Hy giet om 9 oere yn oerlis mei syn partijgenoaten Crone en Deinum, dan kin dy no sûnder it tsjinakseljen fan miss duorsemens eindelik ris beslisse  oer wetter en enerzjy. Ik sjoch se dêr mei syn trijen sitten, sa en sa jonges, klear. Dêrnei kolleezjegearkomste, no ik sjoch Wietse al omhouwen yn Crone syn feilichheids en kroege belied. En Henk Deinum en Andries Ekhart mar gnize. Isabel Diks docht neat , se wurdt rûnlieden yn it wetterskipsgebou en lêst dernei stikken, wylst De Haan yn it wykein al de kolleezjestikken fan Ljouwert trochspit hat. No ja sa giet it gedoch fierder, it meast nijsgjirrich kin we wêze nei de Ljouwerter riedskommisje jûn as it giet oer kulturele haadstêd. Sit Wietse dêr no by as kultuurwethâlder, o hearlik, dy kin der yn slagje it hiele proses mei minimaal trije jier te ferlingen, at hy begjint oer:kin we yn de Lemmer net wat ha fan dat spul, en we kin dêr sels ek moai sjonge. Ik bedoel Isabel seit noait wat oer kulturele haadstêd, mar Wietse hâldt him net stil fansels.  Werom dogge se dit no allegear. No dat hat te krijen mei it FBWK. Ja dat wist ik ek net wat dat wie, mar der blykt in Fries bestuursakkoard waterketen te wêzen. FBWK. En it doel fan FBWK is te kommen ta in duorsum doelmjittich belied en lege maatskiplike kosten foar de boargers, troch de gearwurking fan gemeenten, wetterskip, provinsje en Vitens. De kosten moat dus del troch bettere en mear gearwurking. At dat no ynienen kin hie dat tsien jier lyn ek wol kinnen, mar ja doe groeiden de beammen noch oan de himel. Mar dy útwikseling hat dus ta doel om de kosten nei ûnderen te bringen. Lunsj met dagelijks bestuur, lunsj met kolleezje, reizen per dienstauto, ûntfangst hjir , ûntfangst dêr, trije persmomenten werop erfarings dielt wurde kinne mei ús. Wat moat Isabel Diks op hege hakjes mei in rûnlieding oer de slib ûntwetteringsynstalaasje yn Hearrenfean. Docht dat it better as Ljouwert? Wat moat Wietyse de Haan mei twa oere diskusje oer it progamma ynnovaasje en duorsemens yn Ljouwert. En jim wol net leauwe hoefolle kommunikaasjemeiwurkers der omhinne springe, want soks moat fansels breedút yn de kranten, op radio en tillefyzje. Foar tongersdei ha se beide de middeis neat op it programma stean, se sil wol ôfreizgje, mei tsjinstauto en wetterskipsbuske nei de wereld draait door. Wat kostet dat allegear wol net ekstra. Belis ien gearkomste mei gemeentes, wetterskip, Vitens en provinsje, mar dan de wurknimmers. Praat de helte suniger ôf, sjoch wat je maklik dwaan  kinne, en regelje dat. Sûnder geâldehoer  yn beslisrûntsjes. Gewoan dwaan.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s