Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 04 12

 

Jûn fergadert de Feriening fan Fryske Gemeenten. Yn Wolvegea , by Van derValk, it moat al in bytsje kreas, at dy 26 gewoane en heale boargemasters by elkoar komme, elk mei ien of twa folgers dy’t it wurk dwaan moatte. It is yn Wolvegea wantGerard vanKlaveren komt yn it bestjoer, tegeare mei Arie Aalberts. Ja, Dantumadiel, prima. Jim bin by de les. Normaal soe ik jim net lêstich falle mei in ledegearkomste fan de Fryske Gemeenten, dat is fierder in hopeloaze groep by elkoar, dy’t allinne mar oer ien ding iens wurde kinne: de provinsje moat net de baas wurde. Fierder kin se net gearwurkje. It moaie is dat se foar nei it skoft immen útnoege ha dy’t soks foars ûnderstreekje sil, dus meast dogge se neat. Ien ek noch út eigen gelederen, Klaas Abma, it haad romtlike oardening fan Littenseradiel. Dy hat nammentlik njonken syn wurk trochstudeard en is yn jannewaris promofeard op  it proefskrift Beoordelen van gemeenten. Abma’s bin yn Fryslân meast deeglike lju, der bin mar in pear oaren, dus oan sa’n stúdzje kin je wol wat hingje. Hy ûndersocht al dy gemeenten dy’t in bestjoerskrêftûndersyk hâlden ha, en dat wienen der noch al wat, 262. Dêr wie Littenseradiel net by, dat makket it ûndersyk objektiever. Konklúzje: de bestjoerskrêft is yn gruttere gemeenten lyk oan dy fan lytsere gemeenten. Dus springe al dy lytse boargemasters jûn joechheijend om him hinne, mar dan praat hy troch en seit, mar it is oeral like min. Ja de paspoarten wurde goed útrikt, de plantsjes op de minirotondes goed fersoarge, mar fierder: ambysje en risseltaat lizze einen út elkoar. Wat gemeenten alhiel net kinne is strategysk gearwurkje mei oare gemeenten, in gearwurking dy’t neffens Abma needsaaklik is. Hy wit dat út erfaring want it kompjoetergedoch wat Littenseradiel docht mei in grut tal sw gemeenten rûn altyd bêst.  Mar der blykt alhiel gjin fizy op de stapkes fierderop te wêzen. Gearwurkje is ferhaspele, yn de kompjoeters mei dy, yn sosiale saken mei oaren. En oan de ein fan de rit wurdt der ynienen praat oer fúzjes, mar dat hie net ien him of har realiseard, of yn elk gefal net lûdop sein. Gemeenten kin net foarút sjen. En dêr krijst by de ynwenners in soad wantrouwen fan. Seit Abma jûn. En hooplik seit er der efteroan wat ek yn it proefskrift stiet, dat gemeenten ophâlde moatte mei in eigen en dus konkurrearjend belied. At de buorgemeente in goed swimbad hat, moat je net in eigen wolle, mar yn dat oare gearswimme. No ha al dy boargemasters dit al lêzen fansels, de gearfetting fan it proefskrift, mar der jild yn ditsoarte saken dat se it pas echt witte at Abma it noch in kear ferteld hat. Boargemasters bin wat hurdhearrich. Dat bart jûn. En dan prate se ek noch efkes mei de PvdA Keamerlid Pierre Heijnen dy’t de moasje de provinsjes bin ferantwurdlik foar de weryndieling yntsjinne. Sjoerd Galema en Tineke Schokker bin der dochs net. En dan is it te hoopjen dat al dy boargemasters nei hûs gean, in hierskerpe analyse fan de takomst fan har eigen gemeente  meitsje, ek as blykt dat fúzje weryndieling net foar te kommen is, dy op tafel lizze, leafst yn’e  mande mei de provinsje en dat gemeenten dêr op ôf koerse. Oars is de stelling fan jûn fan tapassing:  lokaal bestjûr yn Fryslân doocht net.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s