Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 04 12

 

Twitterje. Moai Frysk wurd, hè. No is twitterjen net yn Fryslân útfûn, mar je ha fan dy dingen dy’t út it bûtenlân komme en dy’t fertale we ûnfrysk.   Tillefyzje. Ja kom no, dat is in takomstich byld (fyzje) opheine (tille). Oarsom, tsjin loempia sizze we gewoan: ha loempia. Ja we ha ek fan dy alderferskriklikste dingen as vliegas dat stojiske wurdt. Betochte wurden. Mar twitterje is moai, je smite der in j yn en it is in Frysk wurd. Nimmen yn de wrâld kin sa goed omgean mei de tw oan it begjin fan it wurd, as wy. Twellegea, Twine. Twirre, Twilling,Twitterje. Mar om no hjoed in fryske twitterdei te hâlden, giet my wer te fier. Werom moat minsken mar ien kear yn it jier yn it frysk twitterje. En werom soe dat krekt op 19 april moatte, Kneppelfreed wie op 16 november en op 7 maaie wûn Hearrenfean fan Ajax. En wa moatte hjoed yn it Frysk twitterje. De grutte twitteraar Verhagen hoecht net, it is genôch at we der hjoed de twitter fan krije Overleg Catshuis mislukt. Da’s ek goed foar it Frysk. Mar Joop Atsma no ynienen yn it Frysk twitterje: gean no duorseme loempia fabryk iepenjen. Ik wol yn it Hollânsk net iens witte wat er allegear dwaan  sil, ik wol witte hoe’t er tinkt, mar dat twittert er net. Doutzen Kroes, dy’t de hiele dei yn it Ingelsk de minsken fertelt hoe beautiful the photo’s are, moat dy dat no yn it Frysk dwaan, nimmen yn har doelgroep dy’t dat begrypt at se twittert: bylden Skarsterbrêge tige noflik. Twitter is net Frysk,  mar twitter bestie noch mar krekt en dêr wienen se. FanFryslân, Fryske siswizen, Praat mar Frysk. Dom Frysk Praat, Afûk, FryskeApp, Fryske kanon. Frysk-Frisian-Fries. Je ha ek Snitsers, dy snitterje, mar dat is wer it ferkearde wurd, Snitsers kin dy r en j net efter elkoar sizze.

Ik mis noch ien. Dy bestiet net mear, Frysk en Frij. Sju, ik twitterje yn it Frysk. Mar at ik wol dat oarstalige minsken it lêze en begripe, dan doch ik it net yn it Frysk. Je kin wol Hibloegistaansk twitterje, mar it is wol kommunikaasje. Ik sjoch allegear twitters fanút Syrië yn ûnwerkenbere hierogliefen. Ik kin net lêze at se help fan my wolle, of noch mear minsken deasjitte, dus bart der neat. Ik wol ek bekinden fan my dy’t yn it Hollânsk twitterje anderje yn it Hollânsk, hjoed ek. Ik wol net dat der dan ien ropt Frysk bliksem. Dêr moat elk him  bûten hâlde. Ik wol nammentlik frij wêze yn it brûken fan it Frysk of Hollânsk, of Ingelsk, Syberysk of wat ik dan noch mear kin. Frijheid. Frijheidsgefoel is wer’t Fryslân út ûntstien is. Dat skoue we dochs sa nei foaren fanút de histoarje. Dêr moat no ek it Fryske taalbelied op inte wêze, net op: ik wol dasto dit en datsto dat…. Ik wit presies hoe’t it giet. Praat mar Frysk is fan de Afûk en de Afûk is fan de provinsje en dus freget Jannewietske de Vries, dy’t it yn portefeuille hat oan  komissaris John Jorritsma at dy syn iene twitter deis yn it Frysk dwaan wol. Se helpt him ek noch want hy kin sels it breklike Frysk wat hy sprekt net skriuwe. En dat hindert ek neat. It is inkel wichtich dat Jorritsma ferdedigt dat wy de frijheid ha elke taal te sprekken dy’t we wolle. Mar nee, Doutzen Kroes fansels aanst ek yn it Frysk, en der krije dy lju yn dy ûntelbere Fryske kantoarkes, wêr’t se de hiele dei neat oars dogge as twitterje, allegear in Frysk orgasme fan. No ja dat mei ek. Want der is mar ien ding wichtich: frij wêze. Ik sil hjoed net yn it Frysk twitterje, en net yn it hollânsk. Want as je Frysk dogge, dan hear je by dy groep, en dan gnize de oare lju en as je it yn it hollânsk dogge bin je in fijân fan dy groep. Dat bestiet foar my net. Dus ik bin ferstandich, en doch hielendal neat. Op twitter. No ja útsein dat ik no op twitter set: Taalfrijheid is wichtiger as taalterrorisme.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s