Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

23 04 12

 

Eins soe’k fannemoarn in ferhaal hâlde oer knyften. Messen yn gewoan Frysk. Dy moat je dizze wike ynleverje. Want fan 1 maeie ôf is it ferbean noch in knyft te hawwen. Ja, it skynt dat in bytsje stomp fruitmeske noch wol mei, mar it moat earst al oan Teven foarlein wurde, dy besjocht it earst. Mar ik kin it der net oer ha, want Teven is der net mear. Ja hy bestiet noch wol, en hy nimt dy messen wol yn, mar hy sjocht net at se slipe binne. Dat is nammentlik in polityke died en dy mei hy net mear dwaan. Want der is noch nea in  Nederlânsk kabinet op sneon fallen, mar dit idoate gehiel sakke op in sneon yn elkoar. Alle redaksjes draeie wykeins op stazjêres, en dy hiene it dreech genôch mei it ôfsizzen fan o sokke nijsgjirrige gasten en it besykjen  in back bencher fan de SGP  yn it praatprogramma te krijen, dat net alles ta ús kaam is, der komt hjoed noch folle folle mear. Nee we hiene it net ferwachte wie it earste andert. Bline lju. Natuurlik wie it wol te ferwachtsjen. De lêste dagen waard dúdlik dat it mei elkoar earne ûnder stean net mear mooglik wie. Jo gean net mear tegeare mei in buorman in paadsje skjin feijen at dy hieltiid  seurd oer jo mohamedaanske skoansoan. Dy CDA-ers yn Limburg hienen better as Van Haersma Buma yn’e rekken dat it ôfroun wie. Earme Sybold van Haersma Buma. De soan en paksizzer fan ús meast stabyle boargemasters hjir yn Fryslân sei ynienen sneintemoarn by Jelinek dat it sykjen nei in boegbyld fan it CDA al útein setten wie. No as dat sa is dan wit je dochs dat it op de non rint. Ja, ferkiezings komme it CDA net út, mar derom komme se noch wol. Foar it lân soe goed wêze dat se moarn wiene. Dus sil it wol september oktober wurde.We krije in rare simmer. Yn in lyts hokje sit Jan Cees de Jager in begrutting yn elkoar te spikerjen sûnder polityk doel. Mar der stean de ûndertusken heal en heul ynsette besunigingen fan de earste ronde wol yn. No en dêr ha wy de skurft al oan. De Jager sleept it hiele CDA mei yn in djippe fal, der helpt neat oan dat Sybrand van Haersma  Buma de Snitswike meisile sil yn in grien flitske. Want  al ús evenemenint yn Fryslân ha in soad folk, dus dy wurde hielendal ophong oan de ferkiezings. Rutte mei Atsma  op de fytsalvestêdden, Lutz Jacobi by it fierljeppen, Van Riezen sylt de IFKS mei PVV yn it seil, en Wiegel nimt Wilders mei nei de PC. No, wat al net. Samson? Samson kinst nei dizze simmer wol útwringe. Hy praat nammentlik altyd earst foardat er tinkt. Wilders hie noch mar krekt wat sein op it Catshûs of Samson raasde: ferkiezings. En moat er de hiele simmer allegear misledigingen fan Wilders pareare en krijt er hieltiid in noch readere kop, mar hy moat genôch stimmen ha, wylst er ek net tsjin ús sizze kin jim krije 7% mear keapkreft, hy moat him ek ferdedigje tsjin  Sap en Roemer en Pechtold, mar tagelyk yn it geniep mei harren de nije regearing al foarmje.

Tsjin de ferkiezings is dit lân dus in chaos fan mieningen. En wy reizgje nei de stimbus, at we dat al dogge, mar dan witte we net wat we kieze moatte, wylst op de tillefyzje de politisi elkoar nei it libben stean yn harren  oarloch.

Chaos, oarloch? Ik leau dat ik myn F.Herder knyft fan grutte klasse, toch noch mar net nei de plysje bring, ik kin ‘m noch wolris nedich ha .

 

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Eelke,
    Mijn complimenten voor je prachtige blog vandaag over die Friese Ambassade in Den Haag. Net wat je zegt, grote flauwekul..
    Afgelopen zaterdag was er een opening en boekpresentatie van mij over 150 jaar spoorweggeschiedenis. Eigenlijk best een treurig verhaal van een kansrijke spoorlijn en zeehaven die op sterven na dood dreigt (geen doorgaande treinen van Harlingen nr Groningen en Duitsland) en dat toch mede door het gebrek aan Friese steun en dus ook rijkssteun.
    Dus, ‘Die diep-Friezen’ moeten niet zo staan janken over het verlies aan banen en het ten achterstellen aangaand sneller spoor via Groningen en Zwolle nr de rest/wereld: Ik zie en hoor ze niet als het er écht op aan komt
    je zaken in Den Haag en Brussel te verdedigen……… Graag had ik je blog van vandaag, maandag 1 juli op de mail
    Danke bij voorbaat
    Loek

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s