Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 04 12

 

Je ha fansels wat de oanstriid om hingjen te bliuwen yn dat polityke gedoch mar dat is net goed. Ik bedoel at dy politisi der sels net útkomme kinne moat je harren net foar de fuotten rinne mei jo miening, want dan bin se der hielendal ôf. Boppedat Lok, jo moat jo realiseare dat de minsken tús it gedoch al wer út set ha, dy Rutte en Roemers dy rêdde der mar mei. Nee, wy ha al wer wat folle aardigers. Aanst om tsien oere iepent de hillige Wilfred Genee eeeh , dy iepent eeeh ……. ja no moat ik earst in soad útlizze, oars begryp jim net wat Wilfred Genee iepent. Sju der bestiet de Academy Noord. Dat hat neat te krijen mei noardelike akadeemjes, of hbo ynstellings nee. Academy Noord. Academy Noord is oprjochte troch TRES internet, Wild Sea, Coolminds, iWink en Multimove Networks. Dat is nochris wat oars as Friesland Bank, mar ja dizzen bestean noch. 400 organisaasjes yn it noarden ha foar 595 euro per jier harsels in seat oanskaft by Academy Noord. Gewoane seat hear, stuoltsje yn’e seal at se wat hâlde. Wat se dan hâlde: Elke twadde en fjirde tongersdei fan de moanne wurde de seatholders tidens in workshop yn it Ljouwerter Gameship troch professionals bypraten oer in on-line tema. On-line tema, eeh wat dat is, no ja social media, on line stratezjy en trends en sukesfolle cases. Ja sorry ik hantear harren site, dêr stiet it sa op. Twa kear yn it jier is der in seminar, hjoed ek, iepene dus trochWilfred Genee. Iepene, dy man is deifoarsitter, sit je oars altyd mei Johan Derksen no mei Adjiedj Bakas, Susanne Clemonts, Ben van der Burg, Sjoerd de Vries. Noait fan heard. No ja Ben van der Burg wie ea reedrider, mar docht no mobyle tapassings en digital innovations. En Adjiedj Bakas, neffens âld minister Rutte in orizjinele kreatieve tinker. Trendwatcher des vaderlands seit in oaren. Ik wit net wat in trendwatcher is, en seker net hoe wichtich, mar o wat is dy man dêr goed yn. Hy docht ek wat. Watte hy docht sels twa kear wat. De toekomst van de gezondheid, dus hy seit dat it net goed is dat je altyd efter de kompjoeter omhingje en het einde van de privacy, dat ropt der ek ta op, mar dan blykt dat online communication  de reade tried is. En de lector social media Sjoerd de Vries hat it oer de marketing derfan. En oan it ein fan de dei dogge se noch in spultsje, mar dat hyt dan de multimedial quiz.

At je noch fyftich euro oer ha mei je der ek hinne. Dan krij je in seat njonken in seatholder, allinne bin jo gjin seatholder want dan moat je wer dy 595 euro betelje. Mar tink wol efkes nei at je wol yn dy wrâld passe soenen. Se prate yn dy wrâld fanôf harren seat yn in soarte kompjoetertaal dy’t ús net hiem is. Mar de jongerein hieltyd mear hiem wurdt.  En dus sille we moatte, mar jim ha oan myn toan al heard dat ik huverje fan ditsoarte byienkomsten en foar it earst yn myn libben meilijen ha mei Wilfred Genee. Alhoewol, hy stapt der sels yn. Ik bin noch net safier. Ik gean toch mar wer foar de tillefyzje sitten en folgje it debat tusken de polityke partijen oer de krisis, wêr’t se no ek ynsitte neidat wy der al twa jier mei omtouterje. Mar at je sa’n debat folgje blykt ek dat dy politisi it wurd krisis net kinne, se bin net ree om mei elkoar gear te wjurken, en dus is it wichtigste hannelslân fan Europa oer in pear jier in ferlern steatsje mei tefolle minsken, auto’s en politisi en te min hûzen en sikenfersoargsters. Mar foar soksoarte lânnen is der altyd wol ûntwikkelingshelp, miskien jout China wol 0,7 persint. Ik set de tillefyzje út en gean foar treast it fjild yn. Ljippen, skriezen en tsjirken. Aanst dan set ik de aaien wer on line yn de kompjoeter en tsjinje in polityke foarstel yn foar noch mear subsydzje ta behâld fan de skries.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s