Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

26 04 12

 

Hjoed reizgje steateleden fan de trije noordelike provinsjes nei Den Haag. Nee, nee, net om te sjen hoe’t se der yn de Twadde Keamer net útkomme om in bryfke nei Brussel te stjoeren. Nee, nei de Earste Keamer. Wat is it moai hè, dat dy Earste Keamer minsken dy steateleden ûntfange. Sa’n innich kontakt tusken de Earste Keamer en de provinsjes. Earder wie it sa dat se ien provinsje per kear noegen,  dêr ha we noait wat fan heard, mar no trije provinsjes tagelyk. De Earste Keamer wol it kontakt mei de provinsjes yntensiveare en de provinsjes fine alle kontakten hearlik. Fansels at de rânnestêd jonges en famkes komme is it allegear wat serieuzer, mar dochs is der hjoed ek   in programke. Der sil praat wurde oer de soarch. Ik leau dat de lêste wiken 16 swartboeken oer de soarch ferskynd binne, mar it is o sa wichtich dat dy Earste Keamerleden harkje nei de soarch oer de soarch, en in Grinzer steatelid sil fertelle dat wat der misgiet yn Amsterdam dat dat soms ek noch sa yn Grins wol is. Pfoe. Wat wichtich. Dus praat Fryslân dêr net oer mei. Mar godswonder, der is noch in ûnderwerp. De natoer. Us eigen Grien Linkse Irona Groeneveld, se hat koartlyn noch midden in de skriezekrite Idzegea stien, sil dêr oer te set. En Janny Vlietstra, se is no wol deputeare yn Drinte, mar wie eartiids in Friezinne, sil it dêr oer ha. Natoer, hiel fersichtich sille dy froulju de Earste Keamerleden fertelle dat der miskien wol oan tocht wurde moat dat natoerbelied better yn hannen fan dy froulju kin ynsté fan Henk Bleeker syn klaukes, want dermei  sit hy fansels foar himsels al de heegste stoel fan it CDA skjin te feijen, no der is neat natuerliks oan. En de beide froulju sille it ha oer de ymplikaasjes fan dat stribjen as je it ha oer it nasjonale belied en oer, poe poe, it Europeeske dictaat. En miskien is der dan ek noch wol in fraach, en kinne dy beide froulju derop antwurdzje. Dat hyt leau’k diskusje en dat stiet yn de útnoeging, dus dat moat je wol dwaan. No en dêrnei….. ja dernei gean se allegear wer nei hûs. Hâld toch op mei dat gedoch. Jild en tiid fergriemerij. Sju at dy noardelike provinsjes komme, noegje se de Earste Keamerleden út dy krite ek út. No dy witte echt wol hoe’t de provinsje tinkt oer de natoer. En dy provinsje tinkt hiel oars as Irona Groeneveld. Wat foar doel ha dizze byienkomsten. Tink jim no echt dat dy Earste Keamer ea wat feroaret oan Bleeker syn plannen omt ene Groeneveld dat wol. En der is hjoed allegear fan dy rommel: in rjochter docht útspraak oer at de linebeammen oan de Kuperswei yn Bûtenpost  net tefolle druppe. De rjochter nota bene. Se fytse hjoed mei in fytskomfôrtmjitter oer de fytspaden fan Eaststellingwerf. Yn Dokkum ha se in  byienkomst oer sunige ledstrjitferljochting yn kombinaasje mei in reflektearjende asfaltdeklaach. O allegear komme, der sil ek echt ljochtrefleksje op’e rûnwei smart wurde. Kin de auto’s omride. We krije ek in taljochting op de útkomsten fan it ûndersyk fan Flevolân, Noardeastpolder, Stienwikerlân en Lemsterlân de Zuyderzeerand, mei wetter as ferbinend elemint. Droechleine Súdersee wer yn it wetter smite. En yn it Jehannes de Doper Science center makket Henk Deinum it winnende ûntwerp foar de útwreiding fan de wettercampus bekind, duorret in pear oeren, Stjoer it gewoan op nei de ried.

En at dan de jonge VVD-ers ek noch in konferinsje, net in byienkomst mar in konferinsje oer duorsum energzjyklimaat ha, jonge VVD -ers oer duorsum, ja dan blykt dat wy stadich oan mear fuortdûke foar de echte en tellende swierrichheden en ús deljoue yn folsleine ûnsin fan it opwaardearjen fan saken dy’t je allegear folle folle simpeler en begrypliker dwaan kinne.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Hee Eelke, omdat je zo nieuwsgierig was, stuur ik je graag mijn bijdrage in de Eerste Kamer van gisteren. Is mailadres redactie@omropfryslan.nl goed? Overigens: Janny Vlietstra is burgemeester in Drenthe en EK-lid. Enne: de meerderheid vd Staten vond het een slecht akkoord! We voeren het wel uit, maar PS stemt er niet mee in. Hoezo anders dan ik denk? 😉
    groet, Irona

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s