Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 04 12

 

Tolve Fryske sjongende topartiesten, dat bin se hast allegear dus, trede jûn fergees op yn it bekinde Fryske kafee Old Dutch yn de Westereen. It is in benefytkonsert. Benefyt is jild ophelje foar wat sielichs. Mar dit is foar in stifting, en stiftings bin dochs noait sielich, kin inkel net mear jild útjaan as at se ha. O dan is hjir benefyt bedoeld om mear sinten te krijen, gewoan kommersieel dus. Werom hat de stifting BetterAs mear sinten  nedich. No dy lju ha in alternatief plan foar de sintrale As. Dat wurd sintraal is har te útwrydsk, der bin fan Dokkum oant Nyegea safolle fiadukten, op- en dus ek wer ôfritten, fly-overs, akwadukten en wat al net pland, en se fine dat kin allegear wol wat minder útwrydsk, wat rêstiger, wat Frysker kin. Dêr ha se wol wat gelyk oan, mar no is der yn Fryslân 55 jier fochten om Dokkum der wat by te skuorren en nea woe ien wat, dus je moat efkes heech ynsette. No ja, en dat gie troch, Ultsje Hosper fertrietlik mei pensioen. No krijt er noch gelyk hear, it giet net troch, dat jild is nedich om wer in switdrupke fan de kop fan Jan Kees de Jager ôf te krijen. Mar likegoed, jo meie Fryske artiesten útnoegje om te besykjen in Fryske oplossing te betinken, mar de noardeastelike  ûndernimmers, studinten, frachtweinsjauffeurs en gewoane minsken stean jûn mei spandoeken foar de doar fan Old Dutch en roppe tsjin de lju dy’t der yngeane: hâld de beurs yn’e bûse. Want at je der yngeane dan mei jo sels witte wat jo as entree betelje, fergees mei ek. Fergees Anneke Douma sjen, en ek noch hearre, pfoe. Mar at jim al jild jouwe, besef dan dat dy stiftingslju bygelyks wolle dat der gjin akwadukt mar in hege brêge yn Burgum komt, want dan kin je dêrop ridende de sichtlokaasje fan de nije Burgumer yndustrie besjen. Hokker yndustrie. Hokker sichtlokaasje. Da’s hielendal ûnfrysk. No ja, ik lis it net hielendal út, it wurdt in útklaaide simpele dyk, jo en ik soenen sizze dan hoecht der neat te feroarjen. Mar dêrmei besparje se 80 oant 100 miljoen, rûchwei in Thialfstadion of Ljouwert útroppe ta kulturele haadstêd. Mar dan wolle sy dat jild stopje yn in fûns om de ekonomyske ûntwikkeling fan dat gebiet te stypjen. Dus dat spul hat in ekonomyske ûntwikkeling nedich oars is der gjin genôch ferkear op dy dyk. Noch ienfâldiger, der is 100 miljoen nedich om genôch auto’s op dy dyk te krijen. No dan is de hiele As, sintraal as better, net nedich. Hee, wa bin dy sij, wat sit der yn dy stifting BetterAs, wa ha dizze kreatieve ûnmooglikheden allegear betocht. Hee, dat bin allegear âld steateleden. Frans Kuipers, CDA. Hannah Ludwig, PvdA, Jelle Arjaans D66, Douwe Bijlsma, FNP  en Willem Verf, Grien Links. Jelle en Willem bin de ienigen dy’t foar of  neidiel ha fan dy dyk, de oaren komme der amper. Boppedat bin se allegear sa âld, se ha it wol oan tiid om fiif menuten langer wurk te hawwen as fia de sintrale of bettere as. Neat mis mei dizze minsken, gesellige lju. Fertsjinje ek wol sa’n moai jûntsje yn Old Dutch, ik sjoch Hannah al swingen mei de optredendeGerrit Breteler, Frans Kuipers de begraffenis fan omke Wopke meisjongend mei Doede Veeman. O en Douwe Bijlsma en Anneke Douma yn duet oer de Bonkefeart, al swierend en swaaiend. Mar wat my net tafoel wie harren web-site. Foardat je by de útliz komme wat se no wolle, wêrom at dat is, hoe sit dat mei dy djoere dyk, sjoch je earst de foto’s fan de fiif âld en âlde steateleden. Tinke se no echt dat minsken har herkenne en sizze o at dy Jelle of Douwe in Bettere As wolle, no dan gean ik jûn nei Old Dutch en dan  brekke we al dy fiadukten mei syn allen wer ôf. Mar fierder is it in moaie jûn hear.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s