Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 05 12

 

1 maaie. Nee, ik sil jim net pleagje mei dat it hjoed in hillige dei foar de sosialisten is, want ik ha ek al murken dat it sa’n dei is dat wat âlderen fan om de 80 hinne de ynternasjonale sjonge en dat de parse dat yn eare hâldt lykas 100 jierrigen en 75 jier trouden. Mei it ferskil dat no de boargemaster net op besite komt, mar Diederik Samson en dy tinkt, o jeetje wêr bin ik yn bedarre. Mar dat is moarn wer oer. Nee, ik woe mar efkes oanjaan dat juster mei de flagge út by elk, wer in hiel oare perioade begûn is. Dy flaggen hingje noa oates en toates oan de hûzen, we fiere alles wat we kinne, it begjint by de deaden en de befrijing fan in oarloch dy’t wy net iens meimakke ha en ús bern hielendal net begripe, dy freegje hieltiid hokker leauwe hie dy Hitler dan en dat wit net ien. Mar it is net it ienige flagfertoan, de spultsjeorganisearende kommisjes dy’t fanôf juster loslitten binne gean  troch oant it ein fan de simmer. It tal buorden dy’t it Fryske lânskip bedjêrre omt se boermachtich yn de boeregreiden stean, raast oan de protters, der is alle dagen wol wat. Feest, feest, feest. Hearenfean Europa yn, Cambuur yn de eredivisie, machtige wedstriden, en allegear feest feest feest. Grutte bands, spektakels, idioatigheden en manifestaasjes, sawol yn provinsiaal as nasjonaal ferbân, mar ek inkel yn de lytse doarpen. Ik neam net alles op, dan bin ik moarnier noch net klear. Mar de flaggen bin noch mar krekt fan de heale stok freed of de befrijingsnacht feestjes begjinne al. In wykein lang feest feest feest. Slachtemaraton, feest, feest. Himelfeartsdei, we bliuwe op strjitte, 26 alvstêddefyts en oare tochten, oar pinkster gedoch, feest feest. Oerol , en oeral spultsjes mei boatsjes, hynders, keatsers, moters, en wat al net. Flitsend gau bin we dan by de Frysk nasjonale hichtepunten, skûtsjesilen, PC en  de fierljepkampioenskippen, it hat allegear net sa folle mei sport te krijen, it is feest feest feest. Tuskentroch mei fakânsje, no da’s hielendal feest feest feest, Turkije is goedkeaper as Skylge, en yn Thailân bin moaiere froulju as yn Birdaard. No en dan rille gau de iepenloftspullen en it hiele doarpsfeestesirkuit, oerbleaun fan doe’t keninginnedei noch yn augustus wie yn de Wilhelminatiid. Tuskentroch batst it ynternasjonale geweld los, europeesk kampioenskip fuotbaljen , tour de france, olympyske Spelen. We sjoue de tillefyzjes oerol hinne, der is mar ien betingst, bier, feest, bier, feestbier. En sa rolje we dan 12 septimber binnen, o ja we moat noch efkes stimme, feest feest feest. Feest? De hiele Europeeske arbeidsmerk stiet op ontploffen. Tûzenden minsken reitsje harren baan kwyt. En alle oaren moat folle mear betelje oan saken dy’t se net betelje wolle of kinne. Je kin de eagen der foar slute, sizze ik ha wol feest feest feest, en sjoch dan wol op 12 septimber en dêrnei hoe’t de wrâld der hinne leit. En at de LC skriuwt oer ontploffende arbeidsmerken, ach de Ljouwerter oerdriuwt altyd wol wat, dy ha it ek al oer dat Hearrefean fan Twente wint woansdei. Mar feestbeesten. Tink der ek ris om dat yn dy hiele perioade ek in soad minsken net meidwaan kinne mear. Minsken dy’t op 1 maaie miskien de ynternasjonale noch song ha. Mar dat holp ek net. It wie harren lêste ferske yn in drege simmer.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s