Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 05 12

 

Jûn om acht oere is de earedivisy fuotbalwedstriid Twente-Hearrenfean. Ja, der spilet noch fan alles mear, mar dêr ha we gjin belangstelling foar, we fokusje ús op Hearrenfean. En dat moat ek, want at je it no oer útstrieling ha fan dingen dy’t hjir yn Fryslân barre, dan rint, nei de alvestêddetocht, Hearrenfean op it twadde plakje. Ferline jier bin se efkes efter Thialf sakke, mar noch altiten fier foar op de dingen wer’t dizze provinsje en ek de gemeenten miljoenen yn stopje  en wêrfan se dan tinke dat it in grutte pr-wearde, in geweldige útstrieling ha sil. No dan soe Sybrand van Haersma Buma no ek wol in ton as wat fan Jorritsma ha meie, want ynienen begrypt elk werom at dy man is sa is at er is, fryske adel, altyd rjochtút.  En dan ferjitte we mar dat er wol oardel jier meigien is om Wilders in treetsje te heeg te setten. Mar goed, Hearrenfean dus, tsjin  Twente. Foar myn gefoel is Twente in folle bettere ploech, mar papieren wize út dat Hearrenfean in puntsje foar stiet. Yn de dreamen kin it dus…winne, en dan fan Feyenoord ferlieze. Ja ferlieze. Ik wit wol, Hearrenfean degradearde eartiids út de earedivisy, wylst Grins fan trainer Hans Westerhof, alle doarren iepen sette om it foar te kommen, Hearrenfean mocht samar goals meitsje. Mar Gertjan Verbeek, spiler, wegere doe, skodde de kop en die der net yn mei. Hearrenfean wie te sportyf en degradearde. Ik fyn dat yn dizze hurde kommersiële fuotbalwrâld it Fryske úthingboerd  Hearrenfean no net sportyf wêze hoecht. Hoewol,  stel je foar dat se it al rêdde soenen, hoe betiid moat se dan wol net ynstappe yn dy Europeeske kompetysje. Dan krij je wer sa’n idioate Israelyske of Oekrainse tsjinstander, wylst se sels allinne noch mar tsjin Gasterlân-Sleat oefene ha, en Hearrenfean kin al sa min oer soksoarte tsjinstanders. Hoewol, tink no ris oarsom, nimmen hie ferline jier tocht dat Hearrenfean sa meidwaan soe en koe. Oan de oare kant fan de skealje lykwols: 15 fêste meiwurkers ha dien krigen. Kommersieel direkteurJan vanErve giet fuort. De foarsitter fan de ûndernimmerssosiëteit Akkerman hâldt op. It frouljusfuotbal hâldt op. De gearwurking mei Emmen hâldt yn tsjok waar op. De foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen Bart van der Meer hâldt op. Twa miljoen te koart  dit seisoen. Ron Jans giet fuort. Nasjonaal topscorer Bas Dost giet fuort. Assistekening Narsingh giet fuort. Der is fraach nei Assaidi en Gouweleeuw, en Hearenfean hat de sinten nedich. Sibon hâldt op, Elm giet fuort. Janmaat giet fuort. De ivige 12de man dy’t der dus altyd ynstie, Breuer, giet ek fuort. Oardel miljoen minder op de nije begrutting. Ja, der  komt hjir en dêr wol wat wer werom. Tûzend plakken yn it Abe Lenstra stadion en in nije trainer, Van Basten,  dizze simmer wer in beroemde man, want hy is kening Europa fansels. Sju, sa bin je dan al wer mei it nije seisoen dwaande, wylst it âlde noch yn de beslissende fase sit. Mar SC Hearrenfean is takom seisoen seker in hiel oare feriening, ek kwa sfear. En dat moat miskien ek wol. Want ik sil jim mar fertelle, dizze groep hellet it echt net. Se bin de lêste wiken al wurch eart se op it fjild komme. Hiel singelier, se spylje elke wike hiel min, mar winne wol. Mar at Twente de angel en de pylk, Narsingh en Drost kâld leit, is it oer mei Hearrenfean. De arro fan Gouweleeuw, de lethargie fan  Assaidi, it hielendal oan ein wêzen fan Djuricic dogge de rest. 5-1 jûn, snein noch in kear. No en dan komme de play offs, no dan  denderje de Vitesses en sa der sa mar oerhinne. En dan skriuw je dit seisoen mar wer yn de kategory leuk, mar it smiet neat op. Hoewol, ik hoopje dizkear dat ik net gelyk krij.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s