Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 05 12

 

Ik set de datum der tsjintwurdich boppe as ik in stikje skriuw. En op 4 maaie is it altyd frjemd, je komme yn je tinken inkel mar op de  deadebetinking. En  at je dan yn de aginda fan hjoed sjogge is der ek neat oars. Mar wy bin dochs mar twa menuten hjoed dwaande mei dy betinking en foar de minsken dy ’t it nedich ha om nei in manifestaasje te gean  is it in heal oerke. No gean dêr dan mar fanút, in heal oerke stil, mear is it net. Dat moat wer genôch wêze, kom no mar op mei it feest. Dat is it fansels, dat is de dommens. We fiere fuort twa dagen efter elkoar alles fan de oarloch. At de krânsen de Dam opsjoud wurde jûn, stean oan de efterkant de karkes fan de fisk, broadsjes en ijsco’s al klear, om, at de keninginne fuortdraaft, de Dam op te riden. En dat gedoch fan Keninginnedei bin we no ek noch oan it oprêdden want it blykt no de frijmerken inkel bedoeld binne om alle rommel kwyt te reitsjen, sadat de smoargensferwurkers wol fiif dagen nedich ha om alles op te rêdden. Dit moat oars. Kin Keninginnedei net nei de bertedei fan Willem de Swijer, o nee da’s 24 april, nee dat moat mar nei, wat sil we sizze, 17 maaie? Noch wat mear kâns op moai waar. Werom dy datum. Samar. No ja Hearrenfean wûn ien kear de beker op dy dei. En Wim de Bie is berne op dy dei, en Bobbejaan Schoepen stoar.  Nee, Maxima is jierdei. En at we it de kommende jierren oer it Keningshûs ha, ha we it oer Maxima. No en de deadebetinking giet nei 8 oktober. Sil jim sizze dat is sa mar in datum, nee doe luts Hitler de Poalske grins oer yn 1939 en dermei begûn alles, want Chamberlain liet ‘m gewurde. En acht oktober is in tryste datum, goed foar wat stilte, ik tink dat we dêr dan mear gebrûk fan meitsje, útsein dat sa no en dan ien seit wat is it kâld net. No ja dat sizze se jûn miskien ek wol. En befrijingsdei: Dy is foar Fryslân 14 april,  werom soenen we dat op 5 maaie pas fiere, fanwege sa’n hantekeninkje fan in troch de Amerikanen en Kanadezen fersleine dútser. Nee Befrijingsdei dat moat altijd op in vrijdag, sil we sizze de tredde  freed fan april, sit we der moai wat tusken yn. En it is wat makliker om frij te jaan. No ja sa wurdt der tsjintwurdich praten, elk wol it op syn eigen wize goed ha, sa’t him of har it it bêste útkomt. We ha wat dat oanbelanget gjin histoarysk gefoel, no ja, we joue it tintsje deroan wat ús goed útkomt. Dat dogge we ek bij nije saken. Ja Ajax is kampioen mar de plysje hat de huldiging net oan tiid dus jim hâlde it gejuich mar efkes binnen de broeksboarde. No ja soksoarte dingen. En de keningin is jierdei op 29 jannewaris, dus dat fiere we op 30 april, dat ha we dochs opskreaun. Sa is 4 maaie de dei fan de deadebetinking, al sjoch je hieltyd faker dat at skoallen of organisaasjes ekstra omtinken jaan wolle oan eat wat der by harren yn dat ferbân barde, dan gean se wol op oare dagen. En da’s ek prima, sa’t it prima is dat we op 4 maaie neitinken bliuwe oer wat de wrâld oerkaam omt de wrâld net goed omgean koe mei in tinkwize, der earst noch kommersieel gebrûk fan meitsje woe, dy idioaten wol allegear wapens ha, no dan meitsje we dy dochs foar harren, mar letter oerrûn waarden. Goed dat we efkes stil binne. Mar net goed dat we elke kear strideraasjes ha oer hoe’t de minsken dy’t noch mear ferbûn binne, de saak yn elkoar sette wolle. Oftewol it neiteam fan ien dy’t doe op de doele wie, hat der likefolle lêst fan dat dy deamakke is as it neiteam fan wat wy de goeien neame. Je moatte net sjen nei immens ferline dêr je net skuld oan ha kinne want je wienen der noch net, mar je moat no respekt foar elkoar en elkoars miening ha. Gek, eins moat je dat net inkel op 4 maaie ha. Wat soe it moai wêze at we dat alyd hienen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s