Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 05 12

 

Jûn is wer it rûnpetear yn Littenseradiel. Dat is al wiken oan de gong en is in sukses. Gewoan mei syn allen in jûn prate oer problemen, dêr leare riedsleden en wethâlders wer fan, je moat witte wat er yn de befolkiing libbet. No tochten wy nije technokraten dat soks al oer wie, dat meipraten wie dochs in spultsje fan de 60- er 70-er jierren. Doe krige it stâl.  Dernei is der hieltyd wol meipraten mar der wiene ek genôch lju, ek noch guon dy’t foaroprûnen yn it “wy moat meiprate kinne”, dy’t letter seine mar it duorret wol ferrekte lang. Derom ferwettere dat ek wer wat, we woenen allegear dat wat we sels seinen  risseltaat krige, dus kaam der nea wat út. En krekt no op it stuit dat Littenseradiel diels troch harsels, mar ek diels troch hoe’t de oaren it diene, yn in ûnmooglike posysjes rekke is, no wurdt der praat. Dy posysje is de weryndieling, se hâlde der net fan, mar it is net te kearen en wêr moat je dan hinne. SW Fryslân wol je net ha , oeeh noch 29 doarpkes , nee hear. No ja en Ljouwert is ek net sa happich, fierstentemin minsken, dat set gjin sêdden oan’e dyk, no dan komt Frentsjer en dêr huverje se ek allegear wol wat fan, sadanich dat se ek alris kontakt mei Harns hân ha. En krekt no bin dy petearen ynset. Jûn prate se wer, oer sokke dingen as akkomodaasjes, wat moat we wer noch oerhâlde, wat is nedich en wat is allinnich mar aardich. En se prate oer biblioteken, en oer keten en soksoarte dingen. Mar ik tink dat der jûn troch de oanwêzigen earst efkes priizgjende wurden sprutsen wurde moatte oan it adres fan de Littenseradielster bestjoerders. Dy ha nammetlik in plan, en dat plan is folle better as de rest fan Fryslân yn’ e gaten hat. Frjemd genôch stie it yn it Grinzer Dagblad van het Noorden as wichtigste artikel foarop, hiene sels de nasjonale kranten der in soad mei, mear as de Fryske media. Heale skoallen. Byfoarbyld de earste fjouwer klassen yn Burgwurd en de oare fjouwer yn Hitzum. Sa kin beide skoallen, at dy besteane want ik sjoch inkel mar nei in kaart, bestean bliuwe. En dat makket it doarp folle libbener. Je meitsje dus ien skoalle, mar sette de gebouwen op in pear kilometer fan elkoar del. Geweldich idee. Ik wit wol we krije no wat oarloch yn de doarpen, want elk wol fansels de allerlytsten ha, dan bliuwe se wat tichter by mem, en der bart folle mear omhinne en dat is leefberder en de grutten ha al wer lang genôch om’e poaten hân, mar dat giet wol wer oer. En stadich oan sjoch je ek de needsaak by de zuilen dat se harsels omdonderje, dan mar mei de finen of de grouwen, at de skoalle mar bestean bliuwt. It ferfier moat fansels hiel goed dien wurde, mar dat leart stadich oan al better en better, foar guon boeren is de bernetaksi al in twadde tak. Dus Littenseradielers at jim jûn op it rûnpetear komme en se begjine oer dy keten, set it dan efkes stil en sprek út dat jim it oer de jongere bern ha wolle, dy’t der noch net sitten te sûpen, mar aanst moai op it eigen of it skoaltsje fan it buordoarp sitte kinne. En, en no moat ik efkes ferheffen, rest fan Fryslân, wekker wurde yn alle 419 doarpen, omearmje dit plan, doch mei Littenserdiel mei, want dat hat ek doarpen dy’t tichter by Boarnsterhim of Wûnseradiel lizzen en ek ferlet ha. De brede skoalle, dy ha we al oerkrigen, mar de heale skoalle ûnstiet yn Fryslân. Der is skiednis skreaun yn Littenseradiel.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s