Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 05 12

 

Juster hearde ik in reklamespotsje op de radio, fan KPN. In man wie wer in klant kwytrekke, hy gûlde der oer, en doe sei der in oar súver gerêststellend, mar at je by ús KPN binne, dan kin je it tal ynternetlijnen en de snelheid fan de kompjoeter sels nei in leger nivo draaie. Dus in reklame seit: kom by ús dan kin je, at it wat minder giet, it sels regelje. Oftewol, sy fertsjinje der oan dat it net goed giet by guon bedriuwen. Ja, dat giet te fier. Dat is it selde as reklame fiere at it oarloch is, foar pleisters of asprientsjes. Doe ha’k betocht dat it gau oer wêze moat, dit krisisgedoch. En lokkich, de ferkiezingsstriid is begûn. Justerjûn yn Rotterdan. Seis CDA-ers stride om de titel listlûker, en dat dogge se, hoewol n et al te lûd,  iepenbier no’t se sjoen ha hoefolle krúskes at de PvdA mei dat gedoch krige yn de prognoses fan  Maurice de Hond. Op 1 juny wurd de CDA-winner bekind. No, it giet fansels tusken Spies, Bleker en ús Fryske favoryt van Haersma Buma, alle trije blykten yn de ôfrûne wiken ongelooflike draaikonten te wêzen, dus dy bin heel geskikt as CDA listlûker. Nee. de grutste soarch fan it CDA is om jild foar de kampagne te krijen. De tsjerkeponkjes wurde al slipe. Dat probleem hat de VVD trouwens ek, mar al dy ûndernimmers kin no it tal ynternetlijnen ferminderje, sa ha se noch wol wat jild foar de ferkiezingskas oer. Dy ferkiezingskampagne sil him trouwens benammen op de tillefyzje ôfspylje, dus de besunigingen by de omroppen wurde wat minder want dy miljoenen ferkiezingsjild gean dêr hinne. En dat moat ek , want der moat wat ynhierd wurde, in simmer fan europeeske fuotbal en olympyske spelen en dan ek noch ferkiezingstriid. Poeh, dreech. Fryslân hat hjoed de earste ferkiezingsgjalp ek al. Diederik Samson komt nei Fryslân. Earst nei Snits. Ja dat hoech eins net, der is net safolle mis yn Snits, mar ja Jacques Monasch regelt it allegear en dy is Snitser. Dus nei Snits. Let op, mei in bosk roazen lâns de hûzen en dan freegje hoe foldocht it jo yn dewrâld en wat fyn je fan my? Sa die Drees it toch al? Dan nei Ljouwert, no ja jim komme him fansels efkes tsjin dy Samson, want hy sit oeral, oant en mei polityk kafee yn poppoadium Romein. Hoewol, gjin polityk kafee hear, in PvdA kafee, dat is wat oars. Yn in polityk kafee diskusjear je, yn it pvda kafee noegje se âlde frou Swart út, sûnt har berte al SDAP ster, dy’t dan freget benammen wat om de âldere minsken te tinken en Samson hâldt dan  in gloedfol ferhaal hoe’t hy oan de âlde minsken tinkt, mar dat dit kabinet dat net goed docht en dat je no op him stimme moatte sadat der better om tocht wurdt. En dan applaudiseare se allegear om it leven. En Samson en Andries Ekhart slane elkoar op de skouders, dat sy it better dogge as de Kunduz jongens en famkes. It soe goed wêze dat der immen wat oer Europa freget. Want dêr giet it aanst oer. We ha dit wykein ferkiezings hân yn Griekenlân en Frankryk en ynienen sizze de kranten anti-europa hat wûn. Hoe komme se derop. It is logysk dat yn in tiid fan europeeske krises de tsjinstander fan it sittende regear wat oars ropt as dat regear. Mar se bin toch net daliks tsjin Europa. Of begjinne de kranten no al wer de kampagne foar Wilders, troch dingen te roppen dy’t hy graach wol dat se roppe. Stiet it ferkiezingsprogramma fan Wilders no daagliks wer op de foarside fan de Tillegraaf? En op oare kranten want dy skriuwe alles wat de Tillegraaf ek seit op? No en dan kin Samson jûn fêst efkes sizze dat dy krante no al begjinne kinne harren ynternetlinen by de KPN op te sizzen, want in net  mear yn Europa sittend Nederlân dat is….. ûntwikkelingshelp nedich.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s