Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 05 12

 

Hjoed moatte de ferslachjouwers nei Grins. Nei de Stedumermaar. Dat skynt dêr in strjitte te wêzen. Werom moatte de Fryske ferslachjouwers nei de Stedumermaar yn Grins, no omt it gebou fan waterschap Noorderzijlvest der stiet en wat presinteard yn gearwurking mei wetterskip Fryslân. Wat se dêr presinteare: in business case . Ik lies it earst ferkeard en tocht dat se allegear business class sieten, wat breder út as gewoane minsken en in fergese whiskey yn’e hân, mar dit is een business case. No ha wetterskippen ornaris gjin swierder wurden as dykgraaf en wetterpeil. Hoewol, al earlik wêze Lok, se ha it no ek al oer watergerelateerde organisaties en interdepartementale projektgroepen, mar business case is tink ik hiel wat oars. Earlik, ik moast it opsykje. Business case is in projektmanagement term weryn de saaklike ôfwaging om in projekt of taak te begjinnen beskreaun wurdt, de kosten wurde tsjin de baten ôfwoegen en oan de hân fan de business case wurdt besluten om wol of net fierder te gean. Ooh it is dus in go or no go momint mei in begrutting. O siz dat dan. En der sit wol wat mear yn, je kin de business case ek hieltyd wer op nij besjen. En dan feroarje. Oanpasse dus sa’t je it wolle. Dizze business case dy’t no presinteard wurdt giet oer de bou gemaal Lauwerseach. Oooh, dêrom is it yn Grins, Lauwerseach is Grins, alhoewol sels Grinzers oer Fryslân der hinne ride, mar goed. Dizze business case bestiet út trije farianten. Ien is in gemaal foar de natûr yn de Lauwersmar yn 2020, de twadde foar feiligens en natûr yn 2030. De tredde stiet der net by, mar dat is fansels neat dwaan. Dat is aanst foar de steaten fan Fryslân en ek dy fan Grinslân it earste wêr’t se nei sjogge. Dy ha al sein mei it each op de besunigings, dat it foar harren net hoegd. Mar ja se ha bûten de gremitigens fan de beide dykgraven rekkene. Paul van Erkelens fan Fryslân hat de grutst mooglike hekel oan dat der ek mar ien provinsiale bestjoerder seit wat it wetterskip dwaan moatte soe en Bert Middel hat yn de polityk eins nea gelyk krigen, woe dat altyd wol ha en krijt it no sa. Bliuw ôf. It moat. Se ha net sein no dan komme dy business cases en dan prate we der earst ris ûnderling oer, want der sil ek wol formidabele sifers fan bedragen ynstean en is it echt sa slim dat we ien kear yn de tsien jier in dykje net ynride kinne omt it wetter sa heech stiet. Mar nee,  presintaasje oan de Stedemurmaar. Sterker, Van Erkelens hat al roppen “no at Fryslân en Grins net meibetelje o wat moatte de yngesetenen, en dat bin we allegear, dan aanst wol net betelje, hûnderten miljoenen mear. Ik hear it duo Middel – van Erkelens al spuien. Sju foar ús is it dúdlik:    It moat ús net in sint mear kostje, en we moat wol feilich wêze. Mar we gean echt net fan dy technyske net troch te kommen en hele djoere business cases lêzen om dan mei te praten oer de beslissing. Oer wetter hat it altyd west, o dat witte dy lju wol. En we hilligje de âlde Lely, sette in stânbyld del en betelje ek at we yn Appelskea wenje de dyk om Fryslân hinne. Mar sju efter de skerms is in swiere diskusje geande oer kin dy provinsjes dat wetterskipsgedoch en dy muskusrotten der net by dwaan, dan ha we gjin dûbeld wurk. Desneeds dat de wetterskippen it provinsiale wurk ek noch dogge, al wurdt dan oer twa wike in oerstallich provinsjehûs iepene troch de keninginne. En dus fiere se oarloch, en at sokken oarloch fiere dan is it risseltaat fan de business case wol wis, it djoerste plan sil it alderfeiligst wêze, it kostet likegoed tefolle jild, mar it moat al trochgean. Dus boargers, ta de ponge. Foar ús gemaal. No ja, earst foar de business case.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s