Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 05 12

 

Hjoed fiere we dat de sjonger Piter Wilkens 25 jier sjonger is. Dan tink je efkes 25 jier tebek, ik hear Piter doe noch mei grut betrouen sizzen: ik wol, ik sil fan de musyk libje. Nei Rients Gratama hie nimmen dat ea wer sein yn de Fryske greide. Mar wat hat er it allemachtich dreech hân, om de kop boppe wetter te krijen, te hâlden en der boppe út te springen. Ik sjoch him noch stean by in jiergearkomste fan plattelânsfroulju yn Nyegea, der waard iten, boerekoal wit ik noch, 500 froulju kweakelen en kôgen, en da’s in orgastysk leven, en Piter moast spylje. No dy kaam der ek net oerhinne. Ik sei noch, gean nei hûs jong, mar hy sei nee, ik wol it hjir mei fertsjinje. Mar hy woe dêr wol útkomme fansels. Is dat ek kaam, syn jubileum wurdt no fierd mei in CD best off , yn it Frysk netsjes bêst genôch, dêr stiet al dy âlde en nije musyk dus op. Mar it jubileum wurdt ûnderstreke mei optredens fan Piter yn de Lawei, Harmonie en Posthûs. Piter is net inkel mear in doarpssjonger yn it hoekje fan in kroech, de poadia yn Drachten Ljouwert en it Fean stean iepen. Snits net?, ja Snits wol, mar dat teater is noch net klear, dus hy is jûn yn de Walrus  oan it sjongen. En dan wurdt tagelyk in flesse Joustra beerenburg op tafel set, want guon fan dy flessen wurde útfierd mei de Fryske tekst: de liter fan piter. Ik wit noch net wat it ferskil yn priis is mei in normale flesse weduwe, mar rekkenje mar twa euro, ien foar Piter en ien foar de widdo. Mar wêrom stiet der net: de mingel fan piter. Hjiroer moat we mar ris in kear goed kontakt ha mei ien fan de 476 ynstellings dy’t oer it Frysk gean. Ien derfan kin we hjoed net brûke, dat is in orgaan wêr’t ik it bestean net fan wist, mar dy’t hjoed minister Spies fan ynlânske saken op it harspit ha sille. It is it konsultatyf orgaan foar it Frysk. It bestiet al sûnt 1998. En it earste wat je op de webside lêze is dat it konsultatyf orgaan foar it Frysk doe ynsteld is as advysorgaan fan de minister fan ynlânske saken en keninkryksrelaasjes op grûn fan kêst 7.4 fan it Europeeske hânfêst foar de regionale talen of minderheden. Sels echte Friezen dy’t dit ek noch lêze kinne witte net wat it allegear betsjut. No ja, it blykt dat se de minister adfisearje oer de winsken en it ferlet fan de Friezen oer de posysje en de befoardering fan it Frysk yn Fryslân. No ha se my noch nea frege nei myn winsken en hielendal net nei myn ferlet en jim ek net, dat hapsnurkje se fansels op it provinsjehûs allegear út, want dêr sit se sjoch ik oan it tillefoanûmer. Mar dit is net alles, o nee, se bin ynsake it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden ek noch ferantwurdlik  wurden. Sûnt 2009. Ferantwurdlik. En noch hieltiid ha se net frege nei myn ferlet. En ik hie wol de hope hân dat abbekate Gina Kamsma, sjoernaliste Sytske de Boer of wethâlder Houkje Rijpstra my ris nei myn ferlet frege hiene. Mar boargemaster Bearn Bilker hat soks ek nea dien, lit stean de foarsitter. Alfons Dölle, heechleraar steatsrjocht oan de universtiteit fan Grins en lid fan de Earste Keamer fan it CDA. Hy hat sels ek alhiel gjin ferlet, ik ha der noch nea in Frysk wurd fan lêzen. En dy moat dus tsjin de minister sizze want der giet it hjoed oer, skaalfergrutting wurket tsjin it Frysk. En dan seit Spies, dat soe bêst kinne mar as ik de amtners freegje lean yn te leverjen kin ik dat jild net oan it Frysk jaan om it better te posysjonearen tsjin skaalfergrutting. At Grinzer heechleraren net iens Frysk prate, hoe soene dy Grinzer plysjes dat yn dy meldkeamer dan wol dwaan. Dach konsultatyf orgaan. En dan sokkebolje se wer nei hûs. Miskien  bin se dan krekt op tiid om dy mingel fan Piter mei op te sûpen en mei te sjongen dat it miskien dochs wol bêst genôch wie. Inkel, wy witte wol better.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s