Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 05 12

 

Yn 1589 krige Prins Maurits, want ek doe al krigen Oranjes offisieel de opdrachten, mar dy lieten se troch harren tsjinsfeinten útfiere, doe krige Prins Maurits de opdracht fan de Steaten fan Utert en Hollân om ris te ûndersykjen wat de Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden mei wetter as freon tsjin in fijân dwaan kinne soe. En ek doe al wiene de Oranjes wat arro, Prins Maurits skynt twittere te hawwen dat de Zeven Verenigde Nederlanden wol mei mar 10.000 man ferdedige wurde koe “tsjin de gansche wereld”.  Dus de steaten fan Fryslân seine dat witte we net at dy swankebast dat wol rêdt en se ûndersochten sels ek wat. No ha je yn Fryslân altyd de Stellingwerven wer’t je net safolle mei kinne as feehâlders, dus doe seine se at we no de slúskes en gemaaltsjes yn de Linde en de Kuunder tichtsmite, rint it hjir ek moai ûnder wetter. No ja en yn de 80-jierrige oarloch woe soks wol wat, de Spanjaarden koenen net allegear de Linde oerswimme, dy izeren harnassen wiene wat te swier. De Hollânske Waterlinie is hieltiid wer oppoetst en yn 1672 koe Hollân himsels tsjin de Frânsen rêdde, dy swommen ek net. No dêrnei ha se der wat mei omprutst en sa no en dan fûnen de skriezen dat wol noflik at der wer wat polders ûnder wetter kamen as sokke  lju as Napolen yn’e buert kamen. Oant 1939 wie it it wichtigste ferdigeningswapen fan Nederlân, mar te harren ferbjustering seagen se dernei dat de Dutsers der oerhinne fleagen en Rotterdam bombardearden. Doe wie de Waterlinie fierder in toeristyske attraksje. Fryslân hat yn dy jierren net safolle dien oan de Stallingwarver waterlijn. No ja doe’t Bommen Berend yn 1673 kaam, ha se der wer wat oan omprutst en dy hat doe genoegen naam mei Grins, dêr paste hy wol wat. Dêrnei hat perfesser Wiegersma soarge dat it Fryske Gea it krige en je kin der moai wat omrinne en prachtige nammen opskriuwe, de Blessebrugschans, dêr waard it boatsje fan Berend yndertiid lek sketten. Allegear neat mis mei. Moai.

Mar no, yn de slimste krisis sûnt 1673, leit der in plan fan in stjoergroep fan de stifting lanskipsbehear. No, en dat plan sil wol in hiel soad sinten kostje, se wolle dy waterlinie wer beleefbaar meitsje. 350 jier ha we der net nei omsjoen, of nee, ha we der moai wat om rûn en fytst en no moat it ynienen beleefbaar wurde. Beleefbaar, letterlik yn it Frysk ta libben brocht. It slimste derby is fansels dat der wer lju oanklaaid wurde as soldaten yn de 17e ieu,  dy moatte aanst dêr wat omboartsje, der stiet Wytse dan nei te sjen en as er dan noch efkes hingjen bliuwt dan sjocht er dan Bertus Mulder, ik tink ek yn sa’n apepakje. Ald deputearre Mulder, in yngreven sosiaal demokraat, altyd anti militaristysk. En dy langet dan in plan oer om it allegear wer wat ûnfrysker militêreftich te meitsjen. Sa’n djoer plan foar it ta libben bringen fan in ferkeard stikje fan ús skiednis oerlangje oan de deputearen Sietske Poepjes en Jannewietske de Vries en dy , ek yn dy klean tink  ik, dat hiele gedoch duorret de hiele middei, ha dy allegear neat betters te dwaan yn dizze swiere tiden, dy piipje oee oeh wat leuk (Poepjes) oeeeh wat aardich (de Vries) en dy nimme dan dat  offisiële spul, de ûntwikkelingsfyzje en in wurkboek mei, ûnderstreke mei kleurefoto yn de Ljouwerter en prachtige bylden op Omrop Fryslân. Mar oan de kant stiet in mantsje dat hjir alle dagen efkes kuiert, en sneins mei wille nei al dy fytsende lju  sjocht, dy lûkt syn skouders op en lûkt tús de Postcode loterij yn, want dy sil aanst alles betelje moatte. En hy mompelt dat it om him net hoecht hie.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s