Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15  05 12

 

Freedtejûn wie ‘k efkes by de sa suksesfolle sleepboatdagen yn Wâldsein. Dêr moast ek de twajierlikse sleepboatskipper beneamd wurde, altyd in fertsjinstlikeWâldseiner. Jan Osinga diskear. Dat waard dien troch de wethâlder. Dy stie klear en doe fregen se my allegear, wa is dat, hoe hjit dy man. En ik krige in kaam want ik wist it net. Dy man hie my noch nea yn’e wei west. Beskamsum bin ik nei hûs gien. Lokkich is der in oplossing. Hjoed gean ik nei de jiermerk fan Snits. Ik soe fan myn libben eans noait nei in jiermerk ta gean, mar ik moat no wol. Want hjoed komme de riedsleden fan Snits dêr. Dy lûke dan in pears hesje oan. En dan kin je se oansprekke. Der stiet net by dat sy ús ek oansprekke sille, mar dat let neat. Wy kinne moai de jiermerk op en prate mei riedsleden. En mei de boargemaster en de wethâlders. No kin ik fansels Apotheker der wol út, dat pears stiet him wol, mar Pechtold wol net oan pears. En wethâlder Offinga kin’k ek, mar der wol ik net mei prate, ik bedoel dy hat 10 miljoen te koart mar leit dat út as in winst fan 4 en heal miljoen, no ja dêr begryp je neat fan. Mar al dy oaren, ik wol it witte, hoe hjitte jo, hokker partij bin jo no, want allegear pears dan wit je dat ek net mear, en dan reitsje je fansels op gleed. En dan kin we lekker ús gal spuie en se knikke dan, slaan ús op it skouder, en gean dan gewoan sa troch as at se al oan de gong wiene. It optreden fan dizze pearse bende hyt Polityk op de dyk. Dat hat Gerbrandy fansels útfûn, want it is in ferfolch fan de raad op straat, se neamden se dat doe’t it inkel noch yn Snits wie. Wat ik no wol hoopje is dat se oansprutsen wurde sille. Ja ík bin der, mar al dy minsken dy’t lekker yn de rein nei de jiermerk gean, sille dy dat ek dwaan? Of ynterresseart de lokale polityk har gjin lover. En soenen dy riedsleden net better nei de 69 doarpen gean kinne en ek wat dwaan mei de ynformaasje dy’t se krije. Mar noch folle better soe wêze dat de seis CDA-kandidaten foar it listlûkersskip dy’t jûn yn Ljouwert harren debat ha, dêr stean soenen. Sudwest Fryslân, dêr is it CDA noch altyd de sterkste partij. En dan allegear mar in grien oerstrûperke oan, pears is foar harren wat in flokwurd, ik tink dat Offinga dat net iens oan dwaan wol. Mar wat soenen dý CDA-ers oansprutsen wurde, ek al reint it folk fan de dyk ôf. O Bleker, do smoarge grinzer, bliuw fan ús greidefûgels ôf. Hee Buma, doe’t jo heit hjir boargemaster wie skamme hy him al dat jo mei de PVV gean soenen. Hee Spies……  no lit mar oars wurd ik te wreed, mar mei sokke teksten wurdt der optheden yn de polityk diskusieard. It is noch lang gjin 12 septimber, mar it wurdt dizkear wol in hiele hurde striid en nim dat hurd mar letterlik. Op de jiermerk at dy CDA-ers der wiene soenen de Snitsers Mona Keizer op de skouders nimme en rûnsjouwe, want at no sa linkendewei ien ding dúdlik is, dy CDA -ers ûntwrakselje harsels oan it harnas wat se harsels oplein hiene ûnder Wilders en no moat it totaal oars en dat kin mei goed fetsoen net troch de lju dy’t Wilders oardel jier op it skavot hâlden ha.

Ynienen is it CDA ek ynhâldlik in hiele oare partij. Mar je soenen ek wol tsjin al dy CDA-lju dy’t har net ferantwurdlik fiele mar yndertiid wol gewoan meistimd ha of tsjinstimd mar dernei   gewoan yn it CDA bleaun binne, sizze wolle dat se draaikonten binne. Mar se bin der net, jûn pas yn Ljouwert. We moat it yn Snits dwaan mei pearse riedsleden. En om no Douwe Attema of Pieter Greidanus oan te spreken op wat der yn harren CDA bart, ach lit ek mar, dat fechte se sels mar út. Mar ik sprek yn elk gefal ien pearse oan, ik freegje him earst hoe hjitte jo eins. En dan seit hy Leo Pieter Stoel. Wethouder.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s