Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 05 12

 

Hjoed is de lêste byienkomst dat de minsken yn Ljouwert fertelle kinne werom at it sa moai wêze soe dat Ljouwert de kulturele haadstêd fan Europa wurde soe yn 2018. Ja se meie ek sizze dat se dat nét moai fine, of dat it wol in almeugend soad jild kostet, mar dy arguminten hat de gemeente Ljouwert en earder de provinsje Fryslân al fan in hiel soad ferstannige lju heard, dus dat hoege se net mear te witten. En at de minsken útlult binne dan komme se pas sneon mei it konsept bidbook, dus kin de minsken net âldehoere oer de idioate tinzen dy’t dêr ynstean. In50 metergrut byld fan Doutzen, útwikseling   mei Malta, in foto fanút de romte mei safolle mooglik wiuwende Friezen en soksoarte ûnsin, allegear ek noch, hoe kin ’t oars, yn in bidbook ûnder ingelske titels, meet me at the garden, home, city of the water, krekt as soe it net om Fryslân gean. Baarlike nonsens.Mar dat heare we net. Polityk wurket no ienris sa dat at in oerheid ûndersyk earne nei docht en sels der foar is, dat dan inkel alle posityve saken nei bûten komme, en oarsom. Ach en se ha ek gjin draachflak nedich. De hele kulturele haadstêd kin fuortdroegen wurde op in plankje dat boargemaster Ferd Crone en deputearre Jannewietske de Vries troch de binnenstêd fan Ljouwert sjouwe. En se sjouwe gewoan troch, al hoe bot at der lju oan dat plankje saagje. Dy lju dy litte har it meast hearre op de side liwwadders.nl , in ynternetside oer Ljouwert fan de sjoernalist Andries Veldman. Sa no en dan stiet der in stikje op oer de kulturele haadstêd fan Bureau Socrates. Dat bestiet net, der stiet ek noch in namme ûnder, A. de Boer, mar dy bestiet ek net,  ik fertink Veldman derfan dat elk dy krytysk is oer de kulturele haadstêd ûnder dy namme skriuwe mei. En sa kaam der fannewike wol in hiel nijsgjirrich ferhaaltsje op. Njonken it wenstige gelêb, hè oer de sinten (80 miljoen) oer de min funksionearende tariedende stifting en direkteur, oer dat kloaterige begjin mei dy fioeltsjes en sa, stiet der no yn Liwwadders ek dat de entosjaste deputearre Jannewietske de Vries yn 2009 tasei dat der 7 ton oanfrege wurde soe by it gearwurkingsferbân fan Noord Nederlân yn de rubryk professionalisearing fan Fryske festivals en eveneminten. Mar se hat nea immen ferteld dat se it net dien hat, seit Socrates. Sterker, hy hat yn de boekhâlding fan de provinsje ien of oare geheimsinnige regionaal ekonomyske bydrage sjoen mar nimmen wit hoe as wat. En ek it PIER wat doe oprjochte wurde soe, bedoeld om it logystyke plak fan de kulturele sektor klear te meitsjen, hie yn 2010 der al wêze moatten, nimmen hat der ea wer wat fan heard. Mar goed ek, want se hienen net witten wat se dwaan moasten. Mar goed, nea wat fan heard fierder. Neffens Socrates. No ja en dêr springe se no fansels allegear boppe op. Steateleden dy’t it dus net goed folge ha, kinne tanksij Liwwadders it ynienen wol folgje, en de side wie noch mar amper ferskynd of Otto van der Galiën fan de PVV hie de fragen al skreaun.  De oaren noch net, want dy moate noch oerwaagje en dan gearkomme, Otto giet syn eigen gong. Fragen. Hoe kin dit en wer is dat allegear bleaun, wêrom ha jim dy 7 ton net frege, wêr komt it oare jild wei en op hokker wize hat it kolleezje fan deputeare steaten ferantwurding ôflein oan provinsiale steaten oer it net heljen fan de doelstellings, wylst  hy sels steatelid is en dy fraach dus it bêste beanderje kin. Hy hat ek neat frege of ûndersocht, likemin as de oaren. Mar miskien witte sokken as de PvdA it wol,mar freegje se neat. Mar stel je foar it is wier, dan ferjit Otto de wichtigste fraach hear. Skriuwst mei Otto? Alles hearende: bestiet Jannewietske eins wol echt?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s