Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 05 12

 

Wat in kwak minsken kaam nei Fryslân ta yn it wykein net. Goh, en der wie van alles te belibjen, it waar wie better  as de waarmanen sein hiene, earst ridlik, letter sels de sektor terraswaar. Der kamen mear Dútsers binnen as yn 1940  en wy wiene der ek allegear, moai. En hiel Fryslân wie der klear foar. O ja? No, dát kinne wy net hear, klear wêze foar in rekreaasjeseisoen. Ja, wy sette fia Fryslân Marketing ús provinsje Fryslân sa ferskriklik op’e kaart, dat je koenen wol ûnnoazel wêze at je hjir net efkes kamen. Ik bedoel at je Moordvrouw sjoen ha, dan moat je hjir toch hinne. No, en dan …dan komme de lju út Twente, Hollân, België Dútslân en somtiden noch fierder wei. En dy lju sjogge om har hinne. Komme bygelyks op it strân fan Lemmer. Op de Iselmar sile skûtsjes, it giet nearne om, se oefenje mei syn 50-en tsjin elkoar, machtich byld en der pik je op dat strân moai wat fan op. Der stean ek noch in fyftich oant hûndert minsken op’e dyk te sjen, Eldert Meeter stiet der mei in karavan, en we fine allegear bier ûnder syn bêd. Dat is nedich,  want op it strân stiet in skitterjend paviljoen …….no ja it stiet der wol, mar it is noch lang net klear, der wurdt noch hiel bot oan boud. No ja yn sa’n wykein leit it stil fansels, want dy boulju sitte earne yn in roeisloep of sa.  It is dus net klear. Ja, ik wit wol, dat hat allegear o sa ’n lange prosedure hân, it wetterskip deilis mei Lemsterlân, Jelle Wesselius hat der wol nachten fan wekker lein en it sil miskien foar boufak klear wêze, mar eins fyn ik it net mear genôch. Wy roppe dat we langere seisoenen ha wolle foar de rekreaasje, en der wurdt fan alles by opset, mar net ien realiseart it him echt. We sliepe troch oan de boufak en dan sjoch we wol. We ha it dus te goed. Mar de memmen mei de lytse bern op it strân fan Lemmer, se boarten der alwer o sa moai , mar se koene de bern net nei de wc bringe. Dy stie der oars altyd wol, mar ja dy hienen se alfêst fuorthelle. No ja lokkich mar dat je ek gjin drinken krije koenen, alhoewol Eldert syn bier wie wol op en we moasten al efkes pisje. Suver sikeneurich riidt ik doe nei Balk. En kin net fierder. De dyk tusken Wâldsein en Balk leit derút. De ienigste dyk om fia in akwadukt yn de súdwesthoeke te kommen is ticht. Op Himelfeartsdei is dy dyk noch altyd ticht, moat wat oan dien wurde. Ja ik wit wol, langdurige wurken, we hiene yn febrewaris strange winter, mar we realiseare it ús ek net, dat de rekreanten der mei Himelfeartsdei wol binne. Ja ik wit wol, ferline jier mei it moaie waar wiene se noch  earder, mar dan mei je om my noch wat omprutse. Mar no, se litte ferdikkeme ek noch al dy âlde auto’s troch Balk ride, dy kin net in kant op, komme fia de dyk lâns de mar yn Sleat. No de lytste stêd fan Fryslân hat it efkes drokker mei de brêge yn’e midden, as Ljouwert. Ja ik wit wol, je ha gjin haast op sa’n dei, en dan mar efkes wat omtouterje, mar op’e nij krij je it gefoel dat der fan te foaren  net goed oer neitocht wurdt, yn hiel Fryslân binne dizze perioaden diken ôfsluten of is der ferkearshinder, omt se der oan it wurk binne. At we no noch ien wurkjouwer oer ha dan is it de rekreaasje. Mar benut dat dan ek ris foar de folle 100 pct, oars is it wurk fan Fryslân Marketing en oaren hielendal waardeloas en kin je dy sinten krekt sa goed ûnder de Sleattemer brêge smite.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s