Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 05 12

 

Hjoed wurdt it nije provinsjehûs iepene. Dus, en dat dus is eins hielendal gjin dus, dus wie der juster al gjin ferkear mear mooglik oer de Twabaksmerk. Skerpe bewakers ha elkenien dy’t der net hoecht te wêzen fuortstjoerd of deasketten, dat is noch net helendal dúdlik. Fannacht hat in peleton út Afghanistan weihelle militêren it hiele gebiet yn hannen hân, no mei der net iens mear fytsers komme. Paf. Dat is fannemiddei wer oer hear, dan meie der 2500 minsken komme, net ien mear, want dan wurdt der fuort wer sketten. Op de fyts moat se komme en de fyts delsette yn de fytsparkearkelder op de St. Jabiksstrjitte 30. En fan de fjouwer wynstreken komme der 2040 lju sjongend de Twabaksmerk op. En ien auto, der sit de Keninginne yn, se wurdt wat dôvich, derom ha se safolle lju oan it sjongen. Ja ik doch der wat lêbbich oer, wit immen noch wol dat hjir al sûnt 2001 serieus oer âldehoerd is. Earst twifelje tusken dizze ferbouing en in folle goedkeapere en better berikbere nijbou op Werpsterhoeke. Ferbou, âldehoere oer de tekening, soad krityk, en der bin sa folle flaters makke, je wolle it net leauwe. It soe úteinlik earst 50 miljoen kostje, it waard 80 miljoen. Spul tusken oannimmers en de hege amtners, wurk stillein. It hiele apperaat nei de Snitser Trekwei. In kolleezje nei hûs stjoerd. Jim wolle net witte wat it jim allegear koste hat. En at ik de jonges begryp dy’t der oan it wurk wiene, freeslik ûnekenomysk wurkje, allegear spul tusken de útfierders ûnderling. Dan leinen de kleden yn in keamer en moast dy noch ferve wurde, en dan mei it fervekarke oer it kleed, soksoarte saken, it gie mar troch. En dan wol ik it net iens oer in ûnsinding as in Frysk pratende lift ha. Fansels bin ik der balstjurrich oer. Ik koe alles en elkenien goed fine yn it âlde provinsjehûs, rûn oeral hinne, wist wa wêr siet. Yn it nije provinsjehûs sloech ik earst mei de harsus tsjin in glêzen doar, fanôf dat stuit rekke ik ferstrikt yn paskes, en tsjinhâldende stekjes. Ik kin nimmen mear fine. Dus doe ha’k skille en moast de earme tillefoaniste sizze, en se ferûntskuldige har,  dat se earst my nei in oare tillefoaniste troch ferbine moast, sy koe net by dy man komme. Je komme dêr telânne yn in ûnberikber amtlik doelhôf, net troch te kommen. Mar se ferdedigje dat en dy 80 miljoen oan de lêste menút ta, oant de keninginne seit: hierbij verklaar ik…… en wy, o nee wy bin der net, dy oaren dy’t der binne dy roppe hoera hoera yn geef Frysk. Wa binne dy gasten dan. No ik ha de list sjoen, ik sil der net te folle fan fertelle, wa’t syn frou meinimt of leaver in Earste Keamerlid, der hoege jim neat fan te witten. It is trouwens in hiel frjemde list. Ald kommissaris Wiegel wol, de letteren Hermans en Nijpels net? Ha dy tefolle baantsjes en smyt de iepening net genôch op. De direkteur fan Omrop Fryslân, Koster, en de haadredakteur fan de Ljouwerter, Snijder wol. Mar it Deiblêd bestiet net mear. In pear boargemasters, útlotte tink ik, mar dan lotsje je dy fan Ljouwert, Hearenfean en Snits fansels wol yn en dy fan Drachten is der al ferklaaid as deputearre of as steatssiktaris. Ald deputeare Baas , de saak jierren yn hannen hân is wer net útnoege, mar dy is deabliid, want it wurdt alderheislikst hyt yn de steateseal want al dy steateleden bin der ek. Net te leauwen. It hat allegear al safolle koste, doch dan neat. Mar nee, jûns noch mear drokte, der wurdt weromsjoen nei 1982 en foarútsjen nei 2040. We kin fierder weromsjen as foarút, polityk is it wol dúdlik. Mar at we foarút sjogge, dan hat de provinsje yn de takomst mei ien orgaan wis te krijen en dy bin net iens útnoege. It algemien bestjoer fan it wetterskip fergadert nammentlik op in oar plak.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s