Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 05 12

 

Gooh wat falt it moai yn elkoar net. De Pinkster komt der oan en dan dit waar. Pfoe.  Oare jieren dan seine dy waarmannen en -froulju altiten dat it mei de Pinkster wol reedlik waar wurde soe. Se wurde nammentlik betelle troch it Nasjonaal Buro voor Toerisme, en Piet en Johan ek noch troch Fryslân Marketing. Net de wierheid fertelle at dy net doogt, want dêr kin de minsken net tsjin. Dus at it it hiele Pinksterwykein reine sil, dan dat net sizze mar “je soenen der miskien ferstandich oan dwaan om it reinjaske al efkes mei te nimmen, je witte it nea”. En at it kâld wurde sil, dan is it fris, net kâld. Mar wat sil se no sizze, want ik ha de earsten en mysels al wer heard “wol wat waarm net”. Want wy kin om it libben kleije fansels. Wikenlang ha we hieltiid seurd “och lit we hoopje dat it stadich oan ris better waar wurdt”, mar it bleau westlik en hiel bot hin en wer. En fierstente kâld. Al wie’t wer net te kâld foar de fûgels, dy kamen folop yn de aaien, al wie’t wat letter as oars. En ek de boeren klagen net, it gêrs waachste wol aardich, it stâlmeanen smiet daliks al behoarlik op. En no, no bin se helendal gek. Ik ha al guon sjoen dy’t der hea fan meitsje, dat hat ferline jier yn de simmers hast net iens kinnen. En doe tocht ik ynienen oan dat it waar in hiel wichtige ekonomyske faktor is. Dy boer bepaalt nammentlik per dei wat er dwaan sil, dy hat wiken lang net tocht oan hea, en fluts binnen twa dagen slacht syn tinken om. Mar at it fannewike noch wat wikselfallich bleaun wie, hie alles kuil wurden. Ek goed, mar oars. Mar it wurket fansels folle fierder. De bou  stie de hiele tiid noch yn doorwerkpakken te wurkjen en it kaam mar stadich út de hannen, “ferdory wat is it kâld net jongens, kin der net in spiker rjocht yn krije”. No stean se yn it bleate liif boppe it dwarreljende sân, en rint it swit troch it asfalt hinne. No ja elkenien hat der mei te krijen, je wolle moarns net nei it wurk, en je wolle jûns net op bêd, en je moat je twa kear deis ferskinje, it guod plakt je oan de bealch.  Dus ik wik jim al dat it geseur ein dizze wike de oerhân krijt. Foar it provinsjehûs giene tiisdei al acht sjongers út e tiid, no moandei mei de alvestêddetocht giet it need en moat elk om’e fiif meter wiet spuite wurde en rânne de motermannen fan harren   meunstereftich oaljekacheltsjes.

Mar minsken ik sil it útlizze. Op elke 22ste maaie sil tenei de Fryslân rede hâlden wurde, hoe sjogge we de takomst fan Fryslân. De earste wie de direkteur fan it CPB , it sintraal planburo. Dy rekkent normaal Rutte nei, mar de keninginne wie der by, dus it koe wol efkes. En dy man sei dat eins alle omstandighednen poer tsjin Fryslân binne, wy stelle neat foar en we ha gjin takomst, de wenstige rânnestedelike blik. It ienigste wat ús rêdding wurde kin is de rekreaaasje. No hiene we dat sels 20 jier lyn ek al betocht, dus it wie gjin ferrassing, mar toch moai dat dy man it efkes fertellen kaam. Mar ja no hat de keninginne tiisdei sein by it fuortgean, John, nu moeten jullie niet meer zeuren over het weer, jullie zijn er afhankelijk van. Zomers heet,’s winters ijskoud in de 11 steden”. Dus moarn sil John Jorritsma it folk tasprekke en ferbiede dat we noch seure oer it waar, want dat krijt de Dútsers en Grinzers hjir hinne en it ienigste wat ús noch fan in swiere krisis ôfhâlde kin is aanst Pyt Paulusma, “it wurdt moai waar minsken”.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s