Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 05 12

 

Nei sa’n wyld wykein, de traumahelikopter fleach ôf en oan,  moat we wer efkes gewoan oer ta de oarder fan de dei. Ik wit wol, waar, kit is al juny, eksamens en allerhande aktviteiten hâlde ús der noch wat by wei, de fraach is of we noch efkes in wike as twa trije serieus dwaan kinne. Der moat hjir en dêr noch efkes in pear dingen regele wurde hear, oars skoue we dat wer oer de simmer hinne, en dat is net altyd like goed. Bygelyks jûn is in ynformaasjejûn oer de rotonde fan de Jouwer. No moasten dy diken dêr in persintaazje as ien twa ferskood wurde, omt je dêr no aanst 130 ride meie en de dyk dan ynienen jusjes oars lizze moat. Je soenen sizze dat de streekjes op’e tekene kaart jusjes bystrutsen wurde moatte en dat hie om ús net hoecht, want we hienen net sjoen dat se jusjes oars oanlein wiene. Mar it is folsleine nonsens dat rykswettersteat in jier útstel frege hat foar it bywurkjen fan dy lyntsjes, dat hie’k yn ien middei wol kinnen, hie’k se ek noch kopieard hân en nei de kranten stjoerd. In jier útstel. Dus minsken at jim dêr jûn  komme freegje dan asjeblieft efkes, kin it net wer wat earder, dan is der miskien ien wegeboubedriuw  minder wat gau oer de kop giet. Mar it falt te frezen dat de sinten der wer hielendal ôflutsen wurde sille, want sinten ha we yn dit lân net mear, dy lizze yn Griekenlân en der smite se it de see yn. En at je deistich op it Prins Clausplein in heal oere yn de file stean, dan is de rotonde fan de Jouwer in makje. Eeh, en eins ha se ek gelyk, at dan elk dy’t der boppe de 50 riidt en dêrtroch de sitewaasje slimmer makket mar fan’e dyk sketten wurde koe. Der is ek in ynformaasjejûn oer it Fryske part fan it wynmouneplan by de Ofslutdyk. En dêr is it wer oarsom, dus efkes goed om tinke. We moat ús ôffreegje oft we dat noch wol wolle. It hat dochs bliken dien dat wyn net de meast ideale foarm is fan alternatieve enerzjy, rendemint giet net sa hurd, de fûgels ha der dêr noch al wat lêst fan, en de mins seker. Sinne-enerzjy set al oan, mar ek de keunskes dy’t Wetsus no mei sâlt en swiet wetter útfiere kin, dat soe krekt by de Ofslutdyk moai wêze.  Miskien moat we alle plannen foar in sis mar nije Ofslutdyk nochris besjen en oanpasse, útstel soe goed wêze, wachtsje mar op de nije goeie tiid, en kom dan mei dat plan op’e lappen sadat rekreaasje, ferkear, skipfeart, belangstelling en rindemint dêr it meast oan ha, en net wat knoffelige dingen no al dwaan sadat we aanst de romte net mear ha it goed te dwaan. No ja en dan is noch de ledegearkomste fan it Fryske Gea, eartiids foar ferslachjouwers in fêste gong, no is it faak miskien. Mar hjoed moat se wol. Want se prate dêr oer de takomst fan it Fryske Gea. Ja offisieel oer de takomst fan natoerbelied yn Fryslân, mar de 600 oare organisaasjes dy’t har dêrmei dwaande hâlde bin der net, dus It Fryske Gea set it fraachteken by har sels del. En dat is net sa hiele faak bart. En at it eartiids al barde dan praten se mei de koppen wat by elkoar. En no, no prate de provinsje, fia deputearre Jehannes Kramer, de boeren, mei LTO foarsitterGeart Kooistraen it wetterskip Fryslân fia Aaltsje Rispens der mei mei direkteur Henk de Vries fan it Gea oer. En at dy jûn ris allegear op itselde útkomme soene, we moat it mei ús allen dwaan en itselde wolle, dan is der noch hoop foar in moai en oantreklik lânskip yn Fryslân mei fûgels, hjir en dêr in rotonde, en sûnder tefolle wynmûnen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s