Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 05 12

 

Deputearre Tineke Schokker giet hjoed nei Skylge. Ja ik kin der neat mear oan dwaan, it is echt sa, Skylge. Dêr moat se fannemiddei in soarte fan hynstegedoch iepenje,  hippische ontwikkelingen op Terschelling, ontwikkelingen je begripe soms net hoe’t se der op komme. En jûn om acht oere sit se yn de Mavo op Midslân en dan wurdt der praat oer de streekagenda Waddeneilanden,……eeh…. oer it nije belied wat de provinsje deryn yn2014 hasil. Nij belied? Hokker nij belied? Wat bart der allegearre wat wy net witte. It is ek noch bysûnder, it bart noait, se sil dy byienkomst tegearre foarsitte mei boargemaster Jurrit Visser. Doare elkoar dus gjin miggen ôf te fangen. Twa foarsitters, in CDA-deputearre en in PvdA mantsje, earder wethâlder fan  Hearrenfean no trochstreamd nei in fakânsjebaantsje. Ja dat sis ik net, dat seit er sels, sa hat er it dêr nei de sin. Skylgers ha nammentlik ien ding foar op ús, krekt as de oare eilânbewenners, dy rêdde der sels wol mei. Ja dat offisiële gedoch is wol moai, mar jûns by de iepen hurd yn it kafee, der fertelle se elkoar hoe’t se it dwaan sille. Mar no sit der dus in yn roze blommen klaaide deputearre by. Nij belied, en wy  witte neat fan nij belied. Skylge hoecht gjin nij belied. Ja oer de feartsjinst, mar dat is inkel mar in aardich spultsje. En alle deputearren reizgje mei Oerol noch in kear nei Skylge, werom moat Schokker der nó hinne, dy hynders hienen twa wike letter ek wol iepene wurde kinnen. Nee, nij belied. En wit jim, we moatte deputearre Tineke Schokker yn’e gaten hâlde, want o jee. Earst hat se it provinsjehûs oernaam, neidat Ton Baas, de hjoeddeiske boargemaster fan Boarnsterhim der in bende fan makke hie, doe’t er noch deputearre wie. Dy hie gewoan sizze moaten: we boue in nij provinsjehûs yn it my alfêst sa dierbre Grou, dan hie Boarnsterhim noch bestien en hie alles lang sa djûr net west, en Omrop Fryslân wer’t hy foarsitter is hie net mei minder jild ta hoecht. Mar nee, histoarysk plakje yn de binnenstêd, no ja jim witte it, fan 40 nei 80 miljoen, likefolle jild as at Ljouwert nedich hat om kulturele haadstêd fan Europa te wurden. Mar Tineke Schokker hat it oernaam en dêrnei bleau alles stil. Noait wer wat fan heard. Ja de bou wie in dikke ellinde, mar sa no en dan stapte se efkes it stoepke ôf en sei it giet goed en dan wie elk wer tefreden. En neidat Sjoerd Galema in bende makke hie fan de weryndieling, dy earme Sjoerd, mocht nearne oankomme en doe’t er dat konsekwint die, waard er oanpakt omt er neat die en nei’t er per ûngelok ien rigeltsje foarlies út it rapport fan Lenze  Koopmans wie it dach Sjoerd. Tineke Schokker hat it oernaam. En je heare noait wer earne fan. Ynienen is Littenseradiel akkoard, jo heare  Ljouwerteradiel en Menameradiel net iens mear, se hat Ketellapper en Roersma tink ik sprekken ferbean. Smyt achteleas in plantsje op tafel wer’t de minsken net op reageare, ja deputearre, nee deputearre. Sterker, no ropt Smellingerlân ynienen dat de helte fan Opsterlân mar by Oast en Weststellingwerf moat. Polderman wol fansels de oare helte ha, maar daar laat ik mij niet over uit. Stilte. Dat is it biedwurd fan Tineke Schokker. Se reizget wol freonlik oeral hinne hear, mar wy hearre net fan dy besites, dat giet ….o…. oh , fansels, dat is it nije belied. Yn 2014. De Waadeilânnen mei elkoar as ien gemeente. Net ien wit it  noch. Nij belied. Ien jûn yn de Mavo fan Midslân en jo heare net earder wer wat as it akkoard sletten is. Sterker de measte Skylgers hearre dat pas oer in jier. Hoe stiller hoe better, efter de skermkes wurkje. It roze jurkje is folslein baas yn Fryslân, sûnder dat we it witte.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s