Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 06 12

 

It is hjoed groengasdag. Groen-gas-dag. Grien-gas-dei. Sju wy Nederlanders bin slim he, we ha earst heel lang wachte, we stookten ús dea oan turf en stienkoal, mar we ha wachte want der wie immen ûnder de grûn en dy produsearde ierdgas. We ha salang wachtte dat it effekt it grutst wie, dat wie doe’t de bellen ierdgas hast de grûn útploften. No doe koe it wol, en doe fûnen we de bellen ynienen en soks waard feestlik begroete en begrutte, want it smiet ek noch aardich op, Nederlân wie fia Slochteren al in OPEClân. Mar dêr is de lol ek al wer ôf en tsjintwurdich ha we ek gjin geduld mear, it duorret nammentlik in pear ieuen foar ’t je wer sa’n feestje hâlde kinne. 98 persint fan de Nederlânske befolking draeit no op ierdgas, dat is sa ientoanich. Dus meitsje we wat oars, want ja technysk kin we alles. En om no net yn de betizing te reitsjen neame we dat gjin ierdgas, it komt ek net út de ierde. Dus we neame it grien gas. Dat moat we noch meitsje, en dan moat je begjinne mei noch wer wat oars, dat is biogas. Eeh dat moat ik earst útlizze, hoe kom je oan bio gas. Eeh biogas is in gasmingsel dat ûntstiet út biologyske enzymatyske prosessen. It bestiet foar it gruste part út methaan en kooldioxide. Smoarge rommel. Dat biogas moat je dus ek meitsje. Je fergiste dus stront, rioelslib of hûssmoargens. Fan kooldioxide oant stront it is allegear ferkeard guod fansels. Alhoewol je kin it proses ek fertrage dan wachtsje je gewoan op moerasgas. Dan bin je wer ticht by ierdgas, want it moeras sit yn’e ierde. No ja, werom nei grien gas, dat is dus net mear as suvere  biogas. Sju om no biogas te meitsjen brûk je stront, mar moat it grien gas wurde dan filterje je dy stront der wer  út of sa, en dan ha je ynienen skjin en helder grien gas, je rûke neat mear fan dy stront en dat rioelslib. Freegje my net hoe’t se dat suverjen dogge, ik tink mei in seefke of sa. En at it dan suvere is, dan kin it sa yn jo leidinkjes nei it gasstel propt wurde en it docht it selde as ierdgas. Is dat net wûnderbaar. En  nedich ek, want no hoege jo gjin filterkes yn jo leidinkjes at je fan ierdgas oerstappe op grien gas. Der sjocht Vertogas op ta, en dat sjocht der ek op ta dat je dan echt grien gas krije, produseart yn Nederlân. Wat seinen  jo, jo nimme gjin grien gas. Omt je je  hiele libben dien ha mei ierdgas….. mar dit is dochs o sa duorsum, Oh, ierdgas is ek duorsum. Eh mar dit is skjin. Dat is ierdgas ek , ja dat is ek skjinmakke, der ha se ek wat filterkes foar. Mar grien gas is feilich. Oh ierdgas ek. Tsja. Mar de provinsje Fryslân set yn op grien gas. Dus âldehoere we der oer op dizze lanlike griengas dei.  Bygelyks op it Friesland College yn Hearenfean mei Pyke Kroes, de konsulint dy’t him foar de provinsje dwaande hâld mei de duorseme brânstoffen Ik wist net dat we der in konsulint foar hienen en dat it nedich is dat de provinsje Fryslân der in konsulint foar hat. No mar no blykt dat, want dy konsulint sil fannemoarn sizze dat je der ek auto’s op ride litte kinne. No moai. Mar der is  aanst ien learling dy’t de finger opstekt yn de rjochting fan technisi en konsulint.  En dy freget, is grien gas net djûrder as ierdgas. En dan moate dy konsulint en dy technisi sizze, ja learling, it is djoerder, dat skilt ek noch al wat. En dan gean we nei griengasdei fan hjoed, moarn gewoan  wer troch mei ús ierdgas.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s