Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 06 12

 

Nije wike gean we nei Oerol, mar it is noch net bekind at we wol fan board kinne, mochten we al mei de EVT gean. Dat wurdt hjoed bepaalt. Koarte histoaryske skôging: De EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling besiket om de wenstige rederij Doeksen konkurrinsje oan te dwaan. Sân jier is dy striid oan’e gong. De striid foar Doeksen wurdt fierd troch de oerheid. Hjoed komt de gemeente Skylge by de Ried fan Steate, omt se de EVT in oanlisplak ferbiede wolle, we ha gjin romte mear. Dat is wol wat benaud foar de EVT, want it regear, no ja wat der dan noch fan oer is, wol yntusken de konsesje fan de oertocht jaan oan Doeksen. Wylst se der troch Europa op wiisd binne dat der konkurrinsje wêze moat, dêrút wei is de EVT ek ûntstien. We meie trouwens oan de oare kant ferwachtsje dat de gemeente Skylge it ferliest, want dy sizze dat de âlde sleepboat de Holland dêr wól lizze mei, want dy is fan Doeksen. No, dy wie eartiids fan Doeksen, mar no fan in groepke wat rikere minsken dy’t der ploechjes mei farre, niks gjin Doeksen. Dêr kin de EVT wol lizze, soene je sizze. In pear wike lyn is der in boek útkaam fan de ûnôfhinklike sjoernalist en ûndersiker Marcel Metze. Earder hat dy nijsgjirrige dingen skreaun oer parlementêre enkêtes,  oer  Philips, it CDA, rykswettersteat en sa. Oer wêr’t it misgie en wer’t de finger efkes op de seare plakken lein wurde kin. Hy skreau no de veerbootoorlog, want rekkenje mar dat de Doeksen-EVT kwestje in sear plak is. Doeksen woe net meiwurkje, Metze mocht net komme. Mar doe’t it boek útkaam wie, wie der ynienen in blogje fan Doeksen, ja Metze skreau yn tsjinst fan EVT.  Ja, seit Metze dat is sa, se ha my frege, mar ik krige ûnôfhinklekins fan EVT, en ik fûn it in nijsgjirrige saak. Peter Miedema de frisse wind op Skylge blogt no lykwols, dat je dan sa’n boek net skriuwe moatte. Mar dan kin Doeksen sa dus de wierhyd keare. En dan skriuwt Miedema en dat rekke my wat: De discussie op het eiland is teveel vermengd met emotie. Persoonlijke vetes worden uitgevochten via deze kwestie, wonden uit het verleden opengereten en intriges en  verborgen agenda’s zijn soms uitgangspunt van meningsbepaling. En dan tink ik dat Peter him noch fersichtich útdrukt, ek hy hat kommersiele belangen. Ik frege in pear minsken, werom gean jim net mei de EVT. Tsja, dy ha sokke rare tiden mei de boaten. Ja mar dy bin hiel moai foar deiminsken en se bin folle goedkeaper, en se bin suver wat freonliker foar de gasten en at se lisplak krije, se moat no wachtsje dat der gjin boat fan Doeksen leit, dan bin der ek oare tiden mooglik. Okee, ok, eeeh,werom at we mei Doeksen geane, ja we bin it sa wend, altyd mei Doeksen. No ja, dat is gjin reden om de EVT de mooglikheden foar in eigen terminal te ûnthâlden yn de haven fan Skylge. Mar Marcel Metze beskriuwt hoe’t it lannelike regear, de gemeente en rykswettersteat troch net goed hanneljen de rezjy yn hannen spile ha fan Doeksen. En dat der mar ien metoade is om it allegear wer goed te krijen: dat de oerheit,  ûnôfhinklik, wat seit, tajout dat se ien de gelegenhyd jûn ha sûnder dat der gelegenhyd wie en dy gelegenhyd definityf wol of net skeppe en de konsekwinsjes fan dat belied drage. Dat der dernei immen nei Skylge giet om dy emoasjes werom te bûgen nei in ûnderling gefoel fan  betrouen werby net de iene helte  fan Skylge tsjinoer de oare helte stiet, mar werby Skylge tsjin de rest fan de wrâld stiet. En it soe moai wêze dat wat Doeksen fan dizze striid learde, it better omgean mei de klanten, ek yn de priis ta útdrukking komt. En omt dat inkel kin troch konkurrinsje, leit de EVT boat moarn op it plakje fan de Holland

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s