Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 06 12

 

It wie in kâlde winter en we wienen yn Finlân, Kuopio. Reedride oer grutte ôfstannen op in25 kilometerparkoers. Alternatieve alvestêddetocht neamden we dat. In hiel soad dielnimmers. Ikke, nee ikke net. Ik hie in mikrofoan en in ferbining, moai wurk. We wiene yn de rin fan de wike sa no en dan in dei frij. Dan waarden we  as sjoernalisten opheind troch de VVV fan Kuopio, en meisleept lâns allerhande sauna’s en oar hygiënysk gedoch. It like allegear op elkoar, mar yn ien sauna seach ik yn’e fierte op it iis in mantsje sitten, hy pjukte wat by dat iis om, en der stie ek in tonne. Ik derhinne. En ik  bin der dy dei ek net mear wei west. Hy hie in gat yn it iis houd, deryn wie hy oan it fiskjen, en begûn wat er fong daliks ta te meitsjen en te rikjen. In soarte Jopie Huisman yn ‘e klean, in mingel as wat oan drank lei yn’e snie. Ik ferstean gjin lover finsk, want dat komt út it hongaarsk en hy ferstie gjin frysk, dus we sloegen elkoar inkel op it skouder , seker doe’t we in pear swolgen út dy flesse hân hiene, ik sil jim fertelle dat wie om en de by de 80 persint skat ik yn, it rausde dy yn  it liif om. Moaie dei, jûns frij betiid op bêd, hearlike fisk hân, ik hoegde ek gjin iten. Ik ha besocht dat mantsje dúdlik te meitsjen dat wy soks ek dogge, fisk fange en daliks rikje. Ik woe him ek fertelle dat wy ek noch sa idioat binne om dat wer te grut te meitsjen, dan stean der fyftich rikkerstonnen  yn’e Deelen en dan rikke we wer prizen út, wa it wint krijt noch seis pûn iel. Mar hy begrypte der neat fan, lake inkel mar, hy hie dy dei in freon. Ik soe der noch wolris hinne wolle en him dan fertelle hoe’t it optheden giet. Aanst om healwe tsienen fart Eppie Visser fan Dolsterhuzen nei de Tsjûkemar en set 400.000 poatieltsjes út. Da’s dus gjin glêsiel, dat ûntstiet spontaan, poatiel wurdt yn bakken kweekt hjir yn Nederlân. Se wurde ek  minder trochsichtich en aardich grutter as glêsiel en ha wat mear wjerstân. Dat moat ek, want at se hjir yn de Tsjûkemar wat waachst binne, dan swimme se op in gegeven momint nei Starum of Warkum, dan belje se efkes en dêr sette se dan de slûzen iepen en skutte se de poatiel. Dat moat op Koarnwertersân noch in kear en dan swimme se6500 kilometernei de Saragossa see. Dat se dêr hinne moatte dat is hun allegear leard yn dy kweekbakken. Dan dogge se it dêr mei elkoar  , swimme fleurich wat om en dan skite se glêsiel út. Dan swimme se wer werom nei Nederlân om hjir fong te wurden, want se bin no ienris ûnderdiel fan in produksjeline. No en dan sette wy de rikkerstonne klear en dêr springe se dan yn, en dan bin je hiel efkes wer werom op de Finske iisflakte al krigen we dêr net iel, mar in poeneftige fisk, ik ha net ûnthâlden hoe’t dat fiskersmantsje it neamde. At ik dit sa siz dan bekrûpt my trouwens in gefoel fan oerstalligens. Wêrom moat dy iel nei de Saragossa see, want dy lytskes komme ek yn de fiskersnetsjes fan fiskers út oare lannen te lânne. At wy no dy poatiel ha werom poatsje wy dy net troch. De smaak kin it net wêze, want we sette no ek poatiel út. Dan soe it inkel wêze dat se ûnderweis nei de Saragossasee safolle modder frette dat se yndied moldderfet by ús yn de rikertstonne hingje. Mar at we dy slûzen yn Starum en Warkum no ôfslúte en we donderje in soad fette modder yn de Tsjûkemar, hoewol dat leit der ek al foar in hiel soad yn, en dan hoege we net sa hurd mear te baggerjen. Dan hoege dy poaters net hielendal mear nei de Saragossa see te swimmen. Dan ferlieze se in soad fet. En  wy kin se ek noch folle makliker fange, lytse foekjes oan de igge bin genôch. Of in gatsje yn it iis at it winter is. Rikerstontsje der by en Fryslân hat in nije topattraksje foar toeristen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s