Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 06 12

 

Dit wurdt in betiizjende ferhaaltsje, ik bin ek wat  benaud dat ik ûnderweis de tried kwyt reitsje sil. No ja, dy bin in hiel soad minsken mar ek ynstânsjes allang kwyt, want it giet om de natoer yn Fryslân. Ja, ik fetsje it mar efkes gear ûnder de titel natoer, mar lânskip, greidebehear, natte as, enclaves en parels, lannelik gebiet, integrale gebietsûntwikkelingen, duorsemens , leefberens, greidefûgelbehear, griene en grienblau gebieten, ekologyske haadstruktuur, alles falt der ûnder. Ekologyske haadstruktuur? Sân fan de tsien minsken: wat  betsjut dat. En der is net ien dy’t dat yn fiif tellen útlizze kin. Mar toch mar efkes by it begjin  begjinne, fannemiddei om ien oere is op it provinsjehûs gearkomste fan de steatekommisjes (twa!!!) Boarger en mienskip en Lân loft en wetter. Mear is der ek net op’e wrâld. It giet oer de Nota Natuer en Lanlik gebiet 2014-2016. Ja, snappe jim it noch? Dy nota hat deputearre Jehannes Kramer koartlyn útbrocht omt steatsiktaris Henk Bleker seit dat hy net mear meidocht yn it beteljen. Dus der stean wat finansiële bochten yn dy’ t Fryslân nimme moat om dochs te kommen ta in sa’t it liket folweardich natoer belied, mar fansels útklaaid oant it himd, Bleker jout inkel subsydzje oan Grins. Dy nota hat as útgongspunt  it Grien Manifest fan ferline jier. Doe mei ûnderskreaun troch de Fryske Miljeu Federaasje, Steatsbosbehear, it Fryske Gea en Natuermonuminten. En dy fjouwer organisaasjes rinne no fuort fan dit Grien manifest, dat wol sizze dat se yn’e mande mei Lânskipsbehear Fryslân, IVN, en de Waadferiening sân punten betocht ha werop at it Grien manifest better kin. No ja en it  bin allegear organsaasjes dy ’t der drok yn mei omhaffelje, dus dat wurdt oarloch, no ja rûnom ûnbegryp, want yn de polityk bin dy jonges en famkes wer allegear lid fan de measte organisaasjes, mar tagelyk ha se gjin sinten om te beteljen dat bygelyks de ekologyske haadstruktuur ien lang Frysk lint, natte as, wurde sil, sadat de otters fan Laaksum nei Eastmahorn komme kinne, sûnder dat se in auto tsjin komme. Alles noch dúdlik? No ja en dy sân punten bin gewoan dat it allegear wat mear op de natoer rjochte wurde moat. Dy organisaasjes ha dus yn’e rekken krigen mei troch de eigen minsken en leden dat se te fier meigien wiene yn de provinsje dy’t wol wat tuike tuike wol, omt it allegear betelle wurde moat. No ja dat sil se fannemiddei allegear sizze en de polityk moat fannemiddei en nije wike yn de folsleine steaten  dêr dan mar mei rêdde. Dat bart fansels ûnfoldwaande en dêr  bin dy natoerorganisaasjes  dan wer ûngelokkich mei en dan gean se nei de Ried van Steate en no ja dan duorret it dus salang en dan bin der ynienen wer sinten en kin se wer gelyk krije. Jim bin’t kwyt he. No ja, mar wat se ek sizze: mear en better mei elkoar gearwurkje, en mear deselde doelen ha. Der ha se de keutel by it skjinne ein. Mar wa bin dat dan dy ’t better en mear mei elkoar wurkje moatte. Okee wetterskip en provinsje, en de boereorganisaasjes, want boerennatuer heare we neat fan, mar ja der is de wetterskipsbaas baas. Mar ek de natoerorganisaasjes. En it is optheden noch hieltiid sa dat dy wolris mei hiele ferskillende stânpunten it petear yngeane en der sit hjir en dêr noch wolris wat striid tusken. Ik bedoel wat hat de waddenferiening mei de Appelskeaster dunen, wat hat Steatbosbehear mei Fryske Gea grûn. Mar at se sizze dat se mear en beter mei elkoar op ien doel ta moatte….No, ik tink datHans vander Werff fan de Fryske miljeufederaasje fannemiddei sizze sil dat al dy natoerorganisaasjes harsels opheffe en yn ien organisaasje fierder wurkje sille. Begripe jim?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s