Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 05 12

 

Ik mei graach fuotbaljen sjen. Net de aldermoaiste sport, want dat fyn ik reedriden. Dan komt hurdfytsen en dan komme de fuotballers. Fuotbaljen is wat minder individueel, je kin je ferskûlje. Soms sizze we, ja se kin de bal ek net by dy jonge krije, hy wurdt goed ôfdutsen, mar je kin ek sizze dy jonge krûpt hieltiid efter de ferdediger, hy is wurch en moat efkes bekomme. Dat kinne hurdfytsers en reedriders net, al hoewol, at se dêr ien op kop ride litte hoege se sels net. Mar ik sjoch dus wol nei it fuotbaljen. Leafst net mei te folle minsken, it massagedoch om sa’n Europeesk Kampioenskip hinne, hinget my swier de strôt út, mar it is net oars. Mar sels wat yn in hoekje analyseare, ja dat wol wol. Mar by dat analysearjen is my ien ding opfallen. Dy fuotballers sitte grôtfol tattoeaazjes. Frysk wurd t-a-t-o-e-a-a-z-j-e-s? Wurdboek…., ja goed gokt. In wurd wat je seker yn it Frysk net sa faak brûke. Tsjintwurdich prate we dochs heal ingelsk en dan kin we ta mei tattoo. Der komt it wat de fuotballers oanbelanget ek wei, David Beckham, rochtsmidden by Ingelân is begûn. Ynienen sieten syn earms fol tatoeaazjes. Wolkjes, ingeltsjes, wurdsjes, dat soarte dingen. No lei’k lêsten mei David op it neakenstrân fan Ibiza, doe seach ik dat er de hiele bealch fol hie mei dy dingen. Je lulle net inkel tsjin David mar ek tsjin draken en oar guod. At syn spieren beweegden spuide de draak fjoer. Sa sawat. Al it oare guod op dat neakene strân wie suver net mear wichtich. At jo fuotballer binne op it nivo wat Beckham wie, dan moat jo ek tatoeëarre wurde, wat in rot wurd. Ek rot wurk, want der sit sa’n pieler dagen lang mei sa’n nuddeltsje yn jo liif om te stekken. Fandêr dat fuotballers it ek mar inkel ha want ik kin gjin oare befolkingsgroep betinke dy’t it oan tiid hat in pear dagen lang yn sa’n tattooshop te lizzen, mar sy neame it fansels de needsaaklike rêstperioade dy’ t se ha moatte om elke kear wer goed fuotbalje te kinnen. No liket it in bytsje of bin ik o sa tsjin tatoeaazjes, nee hear. It mei bêst, at in frommiske it beitske útlûkt is it suver wol moai in blomke ûnder it bh bantsje útstekken te sjen. Neat mis my. Mar dy fuotballers hâlde it net by ûnder it bloeske, dy gean fan krûn oant de teannen yn de tattoo. De hiele earms fol. En dy bylden bin sa wyld, dan wol ik lêze wat Ibramovitsj op de earm stean hat, mar der slacht er hieltiid ien mei foar de holle, je krije gjin tiid te lezen. En je kin as tsjinstander ek net roppe: pak dy tattoo, want elk hat de earms hielendal fol stean en at se nei de wedstriid, ek al is it fiif graden it publyk betankje ha se it sjirt út dan kin alle froulju goed sjen hoe’t se der hielendal ûnder sitte. It mei allegear, mar dy jonkjes beseffe noch net dat se har hiele libben tatoeëarre binne. At se op har sântigste dan by de dokter komme en se moatte fan de suster alles útdwaan, dan skrikt it earme mins har dea fan de rimpelige ingeltsjes, se hat nea witten dat dy sa âld wurde kinne. Mar wat dy fuotballers ek net yn’e rekken ha dat se it grutte foarbyld binne foar miljoenen lytse fuotballerkes. Dy’t no aanst ynienen by de winkel wurkje wolle, dan wat sinten fertsjinje en der gean se mei de mister tattoo en dy set wolkjes op de lytsje búkjes. Mar at se grut binne is it ûnwaar wurden.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s