Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 06 12

 

De Nederlandse Vereniging voor Vrijwillig levenseinde, de NVVE bestiet al in fjirtich jier. Se ha 135.000 leden en optheden komme der dageliks sa’n fyftich leden by. Hjoed hâlde se in ynformatieve regiogearkomste yn Easterein. Ik meld efkes sokke keale feiten omdat dy no ien kear besteane, mar we ha fansels allegear ús fraachtekens en emoasjes by sa’n byienkomst, sels by sa’n feriening. Seker at je koartlyn in tal gefallen meimakke ha fan minsken dy’t op eigen manneboet in ein oan har libben makke ha. It is krekt as bin der tsjintwurdich mear fan soksoarte saken, mar ik wit de sifers net. Boppedat kin it ek bêst wêze dat je dêr no iepenliker oer prate en dat wie eartiids fansels net sa. Ofsjoen noch fan de kristlike ynstek yn dit soarte saken. O nee, je meie net oardiele mar somtiden freegje bûtensteanders har ôf, werom soe sy of hy soks dien ha. Slimmer is at ek de neibesteanden, de freonen en famylje net witte werom at minsken ta soks komme. En dan de wize werop at se it dogge, wat synysk: soe der ek net in feriening komme moatte om foar te kommen dat de lju dy’t je fine der har fierdere libben lêst fan ha sille. Mar de NVVE rjochtet him eins mear op in oare groep. Op minsken dy’t wat meimakke fan benammen âldere minsken en sizze, dat mei my net oerkomme. Dus at ik aanst sa dement wurdt dat in oar der lêst fan hat, romje my dan mar op. Hoe dement? Hoesa lest? Dat bin fraachtekens foar oare minsken, foar folmachten, minsken dy’t dan foar de útfiering soargje moatte. En je sil mar folmacht én erfgenaam wêze, dan moat je hiel sterk yn’e skuon stean want je bin frekte benaud dat in oar seit, ja sju hy woe de saak wol oprêdde dan koe hy dy kast eindelik krije. De NVVE giet noch fierder, eins moat je ek sizze: no ik ha hjir lang genôch west, dokter, set de spuit der mar yn. Ja, my mankeart neat, mar dit wie lang genôch, ik snap neat fan kompjoeters, ik hear hjir net mear tús. No en dan leit it by dy dokter, dy sil it der wol dreech mei ha. En at de NVVE der deistich fyftich leden by krijt, dan moat er no hast spuiten ynkeapje by de fersekering. Mar it alderwichtigst is, at je sizze: at my dat of dat mankeart dan wol ik graach dat er in ein oan myn libben makke wurdt, dat je it fantefoaren goed regelje. Je moat alles opskriuwe, ferklearing sus, ferklearing sa, dan moat je dokter it noch ûnderskriuwe , jo moat in folmacht beneame en dy moat net earder wat krije as jesels. Mar de praktyk is, je bin eins altyd te let omt je tinke dat is noch lang net safier en hup jo krije in oerhaal en dêr sit je dan yn de rolstoel, kin net mear goed prate en dus ek net mear in folweardige ferklearing opstelle. Boppedat ha we, netsjinsteande alle geseur natuerlik in pûrbêste sûnensoarch , dus elk begjint ek wer te seuren dat je o sa moai yn dy rolstoel sitte. Prima dat der in feriening is om soks mei jo op te lossen. Mar it moat net sa wêze dat aanst de wrâld fol leit mei ferklearingen en beschikkingen fan bern fan 15 jier, dan krijt it allegear in oare wearde. It wurdt der ek sa saaklik fan. Yn in wrâld dy’t op dat stuit hiel emosjoneel is, hiel ferward ek, werby je folle mear gefoel by jo eigen sibben ha, as by in man of frou fan de NVVE, hoe goed at dy it ek bedoele.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s