Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 06 12

Hjoed is wer sa’n dei fan prate yn gemeenterieden, dat dogge se trouwens net sa lang mear, want de simmer falt yn, en dan hat it net mear safolle doel, want der is nimmen en dy’t der wol binne, bin net ynteresseare. Yn dy gemeenterieden is ien wurd wat se net brûke meie, hjoed net, moarn net en nei de simmer net. Dat is it wurd weryndieling. Dat mei absoluut net brûkt wurde. Sels net as der hjoed in evaluaasje gearkomste is tusken de rieden fan Achtkarspelen en Tytjerksteradiel. Wat moat evalueaard wurde, no hoe wurkje we gear. Want sûnt 2009 is dat it gefal, gearwurking. Hoe rint dat. De kolleezjes fan b en w joue jûn fansels de foarsetten. En o wat bin dy positief oer dy gearwurking, it kin hast net better. It liet allegear ta minder kosten, hoe ist mooglik, dat se dat net earder sjoen ha. Der sit ek in hegere kwaliteit yn it wurk en je bin deryn ek minder kwetsber. Kwetsber? No ja ik jou in foarbyld: yn Achtkarspelen of Tytjerksteradiel is in ôfdieling werby de sjef derfan troch is mei in oare frou en no langút op it strân fan Ibiza leit. Mei dy frou. De twadde man set syn auto tsjin de beam, en brekt de skonken. De juffer fan de typmasjine is swanger, miskien wol fan dy selde sjef. Dan kin je begripe dat der efkes wat minder bart. Mar no kin sa’n oare ofdieling fan Achtkarspelen en/of Tytjerksteradiel dat gewoan oernimme. Boppedat sizze de kolleezjes, we ha grutte oerienkomsten, we bin plattelânsgemeenten mei elk sa’n 30.000 ynwenners. Wat dat oan gearwurking ta of ôf docht begryp ik net, mar it stiet der. Der stiet ek, de organisaasje en de wurkprossesen hjir en dêr dy bin wat oars. Yn Achtkarspelen krij se leau ‘k de post noch foar de kofje, yn Burgum is dat dernei. No dat kin je tenei ûnder de kofje dwaan, dat kost de minste hollebrekkens. Mar ien algemiene gearkomste fan de amtners en je fine de tuskenoplossing. It wurdt ek effisienter sizze se, je ha minder folk nedich. Ik leau dat de fakbûnen dat net sa’n moaie opmerking fûnen. Mar dy bin eins optheden inkel mei harsels dwaande, dus dy sitte net fuortendaliks mei de noas yn Tytjerksteradiel, at se dat al fine kinne. Se ha beide in ferskillend kompjoetersysteem. Kloaterich dat se dat yndertiid net op elkoar ôfstimd ha (wa hat yn dit lân de gemeenten tastien ferskillende systemen te brûken), mar dat kin in wizz kid yn in dei feroarje. De gemeenten giene ek fier hear, hjir en der is al ien man ûntslein, of dy gie fuort, en waard net ferfongen. Ssssst. En se soenen inkel yn fjouwer proeftúntsjes mei elkoar gearwurkje, mar njonken kontaktsintrum, wurk en ynkommen, hanthavening en sport bin se ek op oare terreinen spontaan gearwurkjen gien. Spontaan. Dêr sille de riedsleden fansels jûn oer falle, te deale, sûnder ús te freegjen ha jim mar wat dien. Mar ja at de kolleezjes dan wer mei it jild om de hoeke komme, joue de riedsleden har fansels wol wer del. De kolleezjes bin dus entosjast en wolle wol folle mear gearwurkje. Nee, se ha it dêrby noch net oer fúzje, dat soe kinne, mar se libje noch yn de ferûnderstelling op papier dat hoe mear se gearwurkje hoe langer se dêrtroch selsstannich bliuwe kinne. Stakkers. Domme oaljefanten. Mar it komt ek se wolle dat wurd fúzje net útsprekke. Want wy sjoernalisten fertale dat wurd fuort troch weryndieling, want sa neam je in fúzje fan gementen. Mar dan dûkt elk yn sa’n gemeente ûnder de taffeltsjes, skitende benaud, wol wittende dat it goedkeaper en better wêze soe, mar o wee wa’t weryndieling seit wurdt delsketten. It wurdt tiid dat deputearre Schokker jûn mei evaluearet en seit: jongens jim bin op de goeie wei, trochsette.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s