Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

25 06 12

Juster, doe….. Nee dat kin net, do hast it nea oer juster, altyd oer hjoed of moarn. Ja, mar juster wie der wat wer’t hjoed noch oer praten wurdt en derom ha ‘k it efkes oer juster. Juster hat de Blauhúster Dakkapel wer spile op it Teatskehûs, it nijmoadrige bejaardesintrum fan Blauhûs. Fjirtich jier lyn bin se dêr begûn te spyljen op datselde dak fan it doe folle minder nijmoadrige Teatskehûs, dat doe de moandeis nei dy 24ste juny troch de Leeuwarder Courant noch it Theresiahuis neamd waard. Dy sjoernalisten fan de Leeuwarder fertaalden alles doe, want Frysk dat stie op it efterste blêdsje fan harren opskriuwboekjes. No ja, se helje no dy ambysje fan 5 persint noch net iens. Mar doe, 24 juny 1972 klommen de trije Silviussen fan Snits, Ruurd, Herman en Nico, tegearre mei de oare Snitsers Frank vd Berg en Bernlef Kornelis en de plattelânsjongens dy’t meispilen yn Advendo of it Stedelijk yn Snits: Klaas van der Goot fan de Gastmar, Tseard Ferbeek fan Aldegea en Yme van der Meer, de ienigeste Blauhúster op it Teatskehûs. Se spilen doe 195 menuten, dat is trije oeren en in kertier efter inoar, dat wie in wrâldrekord. En mei it wurd wrâldrekord kamen je doe wol op de foarside fan de Ljouwerter, earder as mei it Frysk. En wat skreau de Ljouwerter doe: Dak-kapel Blauwhuis vestigt wereldrecord. En sa wie de namme berne, mar dan net op syn Ljouwerters mar op syn Frysk, Blauhúster Dakkapel. In ûnmooglike namme, net út te sprekken foar al dy lju yn Hollân, ek net troch de lju yn it bûtenlân, wer’t se ek foar spile ha, se bin de hiele wrâld al oer reizgje en ha rûnom spile. Ik moat bekenne, je sjoch der earst wat skeef tsjin oan, Blauhúster Dakkapel, dy lju dy rinne altyd wat wyld en idioat troch elkoar, ronfelich. Se hiene fan dy gekke yn-fryske flagge himden oan, dat die wat nasjonalistysk oan, hienen der allegear fratsen by en se spilen allegear fan dy bekinde tsjin it karnaval oansittende deuntsjes. Mar yn de rin fan de jierren ha’k der better nei sjoen, en heard, werom sloech harren fonkje nei it publyk oer, werom gie it publyk yn it Abe Lenstra stadion massaal stean at se it stadion ynkamen. Werom wiene alle dak en dweilkappelen op freeds en sneons yn Thialf wol aardich, mar at dan de Blauhústers op snein kamen stie it stadion op de kop, werom? Omdat se mear dan foartreffelike musikanten binne. Der bin guon by dy’t yn de ôfroune 40 jier noch nea in rippetysje mist ha, en dat dienen se echt elke wike. At se toch elkoar sjouwe, rekkenje se om it libben en se hâlde musykgroepen by elkoar. Mar dat spyljen, de krêft dy’t se ha, oerweldigjend. No dan kin je oer de musykkar noch sangerje, ûngemurken fluitet elke hurk dochs efkes mei, herkenbaar. Foar it publyk. Se bin juster ek wer fan’t Teatskehûs ôfrûgele, en witte dat se folle langer as 195 menuten oeral spylje kinne, sûnder rest of wat dan ek, al is in pilske op’e tiid wol wolkom. Mar at Nico ien toan docht falt de hiele bende yn, se witte wat der komt. It hâldt op, de mannen fan doe sitte der noch yn en se bin wurch, en se ha mei syn allen besluten. Want ek dat fûnen se wichtich, we bin mei syn allen baas. Novimber komme de hoarns op souder en dan sil wy sa no en dan noch sizze: moai, mar eartiids hiene we dy Blauhústers. De Blauhúster merke fan juster is noch oan de gong.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s