Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 06 12

 

Net ien wit it, mar yn Fryslân bestiet de advyskommisje wettersysteembeheer en finansiën fan wetterskip Fryslân. Dat is in folslein oerstallige kommisje, der sitte wat amtners en gewoane lju yn, it sit in bytsje tusken wetterskip en provinsje yn, en alles wat dêr bejeuzele wurdt dogge sy nochris oer. Jûn ek, mar ik bin o sa bliid dat se harren oerstallige wurk dogge, want dan kin ik it moai ha oer wer’t sy it oer ha sille, de slûs fan Terherne. Ja, slûs. Nee, at je farre dan ha je gjin lêst fan de slûsdoarren, dy stean iepen, de ljochten stean op grien. Of it moat sa wêze dat de slûswachters, dat bin minsken dy’t dus op in slûs passe dy’t net brûkt wurdt oer de efkes tichtsmiten slûsdoarren nei harren hokje moatte. En dy slûswachters sitte inkel yn it hokje om de skippers fan it steatejacht oer de slûsdoarren oerstekke te litten nei de skiphûs wer’t it steatejacht leit. Mear dogge se net. No miskien dat se yn’e mande mei de kollega’s op Lemmer noch in kear de gong fan de skippen kontrolearre, no ja dat smyt dan 60 euro op. De slûs is bout yn 1883. Ja dernei wol hûndert kear ferboud, mar doe is er kaam, ik tink lang om let fanwege de oerstreaming yn 1828 yn de Súdwesthoeke. Hy is bedoeld , wetterskipstermynologie, om de boezem te kunnen compartimentearen by hoge waterstanden. Dat wol sizze dy lju yn it noardeasten wiene benaud dat se tefolle wetter oer de beantsje krigen dat út it súdwesten kaam, omt wy hjir no ienris in soad súdwestewyn ha. No hat dy slûs yndie sa no en dan in dei ticht stien,  mar de measte âld skippers dy’t ik dêroer sprutsen ha en no ek al dea binne, koene it har net yn it sin  bringe. Yn 1993 doe’t it wettersteatswurk fan de provinsje nei it wetterskip gie, doe soe de slûs ek oerdroegen wurde, mar dat barde net, ik tink dat Togtema doe sein hat, wat moat wy mei in slûs om inkel steatejachtskippers nei de oare kant oer te setten. Mar doe’t de provinsje dan yn 2008 einliks ek ferstandich waard en ris witte woe wat de wettersteatskundige funksje fan de slûs wie, sei it wetterskip, ja ho, eeh pas at wy witte wannear at der in gemaal yn de lauersmar komt, wol we it dêr oer ha. Mar no is it dochs begûn te kideljen by de provinsje, dy’t yntusken in roeiboatsje foar dy steatejachtskippers kocht ha. En seagen dat sels by it hege wetter fan jannewaris, de slûs net ticht hoegde foar it kompartimentearjen. No dat ha se yn in ûndersyk fêst lizze litten en dêr moat no de advyskommisje oer te set. En dy sitte mei de kloaten foar it blok. Want de provinsje seit dat se har miening fan it wetterskip ôfhingje litte en dy sizze neat, ja it kin miskien wol, mar it is de ferantwurdlikens fan de provinsje, dy is ommers eigner, en sizze tusken de rigels we witte noch net  hoe’t it komt mei it Lauersmargemaal. Dus dit duorret noch jierren. In  folslein oerstallige slûs kostet folslein oerstallich jild. Ik fertel inkel dat in nije slûs 30 miljoen kostet en sok jild moat de oerheid altyd garje. Elke sint derfan soe al tefolle wêze. De dykjes fan wat omlizzende kriten moat  4cm ferhege wurde at de slûs fuortgiet. Wêrom, dat wurdt út de stúdzje net dudlik, ommers dy slûs stiet noait ticht, mar alla. Kosten tsjin de  miljoen. Ja, lêsten sei immen, wy krije earst yn Fryslân de kosten fan it ferheegjen fan dykjes, 100 miljoen, en at we aanst al in gemaal fan 100 miljoen krije, sil blike dat dy earste 100 miljoen net nedich west hie, mar dêr hearre we de advyskommisje net oer. Mar hooplik sizze se jûn, oke, dykjes ferheegje, noch in miljoen foar it ôfbrekken fan de slûs, huldigje de slûswachters foar 40 jier neat dwaan en kom mar op mei al dy oare saken dy’t folslein oerstallich ús beurs bedjêrre. En dêrmei soe in oerstallige kommisje dan wer besteansrjocht krije.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s