Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 06 12

 

At Klaes Jansma jûn boargemaster Hayo Apotheker in boek jout bin de Heamieldagen yn Boalsert iepene. En dat wylst Klaes Jansma en Hayo Apotheker neat mei Boalsert te krijen ha en der ek neat mei ha. Sterker, wat ha wý der mei. No ja, je moat op Pinkstermoandei der trije kear hinne at je nei of yn de alvestêddetocht sitte. Heamieldagen? Ach  nee, dat is gewoan in doarpsfeest yn’e stêd. Se komme sa no en dan by elkoar foar it ien of oar en krije dan in snee yn it ear. Krekt as oeral yn Fryslân. Ik sil net alles opneame, dat kin jim op harren ynternetside en yn de adfertinsjes wol fine, mar it foarbyld is al dat jûn om seis oer de de taveerne de Dorstige Deerne yn De Waach ûnder it stêdhûs iepene wurdt. De opbringst fan wat je dêr opsûpe giet nei in goed doel, sa ha de Rotary en Lions útfûn. Dus je moat je lens sûpe om te soargjen dat de Rotary yn Afrika yn in goed blêdsje komt, fertel my no nea wer dat dy Rotary’s sa doge. No goed, al 60 jier fiere se dêr de Heamieldagen, elk jier wurdt der in nije heakeninginne foar it ljocht tovere, dat is trouwens dit jier Lysanne Wietsma, se hat twa hofdames ek noch, Boukje en Hilda. No ja ,  en it earme famke moat jûn ek noch in taspraak hâlde, hie dat no mar oerlitten oan Klaes Jansma of Hayo Apotheker, mar dy stean te spytgnyskjen yn de Broere tsjerke, want dêr wurdt dy 60 jier fierd.

Ach it is allegear leaf, en de komende dagen  mar fleurich nei Boalsert, benammen at jim fan dûnsjen hâlde, want de Boalserter skotsploech hat alle kollega’s út de hiele wrâld byelkoar roppen.  Dus dûnsje, sjong en sûp, it heamiel stiet op tafel. Yn in stêd dy’t hiel stil yn de nije gemeente Súdwestfryslân opnaam is. Heul stil. Sssst. Net oer prate. At minsken de gemeenten opneame moatte dy’t yn Sudwest te lânne kaam binne, moat se sykje om…o ja ek noch Boalsert. It giet folslein syn eigen iensume gong. No docht bygelyks Wolvegea dat ek, mar dat is in stil sukses. Ja Boalsert is gjin mislearring, mar as je sjogge nei bedriuweterrein de Marne, der stiet dat it in  brûzjend ûndernimmingsklimaat hat, mar de folgjende rigel is dat der 18 bunder frij leit, kin sa  brûkt wurde. Bout op de groei, dy’t der net is. Boalsert leit dochs oan de A7? Ja mar dat belied giet fan Drachten oer Hearrenfean en de Jouer net fierder as Snits. Boalsert sokkeballet op de âlde wize troch. Noch gjin 10.000 minsken. Dat bin der aanst ek net mear, want je heare wol minsken fan it plattelân sizzen ik gean nei Snits of Hearrenfean, net nei Boalsert. Der bin wol wat aardige evenimintsjes, mar dy bin oeral. Fansels, Apotheker seit jûn dat de âlde stêd Boalsert, stêdsrjochten yn 1455, no al 60 jier fia it Heamiel sjen lit noch neat fan de âlde gloarje ferlern te hawwen. De bou fan de Broeretsjerke, it stêdhûs  en soksoarte saken, doe’ t it in Hanze hannelsstêd wie, seehannel sels. In wichtich plak yn de Fryske  mienskip, no, dy tradysje is echt wol ferdwûn. Moai stêdsje, je rinne der in kear troch, helje de skouders op en gean nei hûs. Om my raast Lysanne jûn oer it folk hinne, harkje net nei ús stêdsbestjoerders, want dy sitte no yn Snits, lit we mei ús allen echt wat meitsje fan dizze stêd, de gloarje dy’t it eartiids hie, wer werom feroverje.  Sadat wy ús âlde tradysjonele plak yn Fryslân wer ynnimme kinne, yn in plak fan gesach, fan wittenskip, want ek deryn wie der in ryk ferskaat,  en rykdom, in plak wer’t nei opsjoen waard.   Fansels, wy sitte no yn de gemeente Súdwest Fryslân en dêr is hielendal neat mis mei, mar wy moatte ús as Boalserters feriene yn in nije diededrang, we ha te lang yn in djippe sûze lein. Fryslân moat wer fan Boalsert hearre. Mar Lysanne seit jûn dat se it allegear as Heamielkeninginne wol hiel moai fynt en dat se hopet dat de minske in soad wille ha sille. Ach, en dat mei ek.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s