Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

28 06 12

 

Minsken, ik ha hjoed in tige bliid boadskip foar jim. In geweldich bliid boadskip. Sju wy ha yn Nederlân nammentlik in geweldich probleem. Dat ha we foar it oare, lykas ús measte problemen, wol sels kreëert. Earst ha we, doe’t de bern tsien jier wiene, har alfêst de lêste restantsjes yn de bierfleskes opsûpe litten. En dêrnei ha we net mear nei de bern omsjoen, dat wie ommers wurk foar de ûnderwizers. No en dy koenen de bern net oan en de bern dy’t tefolle bûsjild krigen dy kochten noch ris in kear in bierfleske en doe’t se grutter waarden noch mear bierfleskes en dêrnei fleskes bier. No bin ús bern dus allegear comasûpers. En wy as âlders sizze dat soks de skuld is fan de ferkeapers fan alkohol, en omt sliters nea bern yn de winkel ha, want dêr is it te djûr, bin dat dus de grutwinkelbedriuwen. En at dy no efkes soargje dat de jongsten gjin alkohol ha meie, dan soe de comaleeftiid moai op 18 komme en dan moat se it sels mar witte. En sa ha we in nije probleem yn de skuon skood fan it kassafamke fan it grutwinkelbedriuw, is sels soms noch gjin 14 en moat de blijen of bokken fan 16 fertelle dat se dat kratsje bier fan fiif euro stean litte moatte. No dy lit oer har hinne wâldzje, boppedat ferkeapet in gruttere kassier of eigner leaver fiif kratsjes as dat er ien kear in mes yn’e bealch krijt omt er it net ferkeapje wol. En sa is it probleem noch hieltiid net oplost. Mar hjoed, watte aanst om alve oere, is dat probleem oer. Ageviewers. Ja alle problemen wurde altyd ingelsk oplost, mar ik fyn “leeftiidsjoggers” no ek net in moai wurd. Ageviewers dus, hjoed yntroduseart by it meast erkinde grutwinkelbedriuw yn Nederlân, de AttentPlus fan Eastersee. In mear dan foartreflike gearwurking hat der west tusken Koninklijke Slijtersunie, Frisprojecten, GGD, gemeente Lemsterlân en de Holland Exploitatie Maatschappij yn Breda. Dy soarget foar de Ageviewers. Simpel systeem, de klant rint lâns in skermke, earne oars, wierskynlik yn Breda sjocht immen nei dat skermke en, hy of sy is dêrfoar traind, en dan kin se yn trije sekonden sjen at immen âld genôch is om appelwyn te keapjen. Sa net, hurd in tillefoantsje nei Eastersee, en dan moat dat bern in legitimaasje bewiis sjen litte. Alderen? Nee, ek de lju dy’t alle dagen  dronken binne, dy meie gewoan it skermke oanreitsje en floep fuort is de Ageviewer. Hoe’t se de jeugd fan dat tikjen ôfhâlde wolle wit ik net, mar fierder is it toch in geweldich systeem. Folslein anonym ek noch. Der wurdt ek neat opskreaun, jo krije net straf foar it seis kear besykjen alkohol te keapjen, niks hoor, je meie it elke kear wer besykje. Dat byldsje fan dy yn de rige steande jongeling mei twa blikjes cola beerenburg dat is der mar efkes. It wurdt ek net fêstlein. It is inkel mar dat der in treende man of frou yn Breda efkes nei dy sjocht. Dy minsken kin dat fólle better as de lju dy’t efter de kassa sitte. En at dy al in tillefoantsje krije: o jo bedoele dat famke yn dat blaue jaske mei dy readwite sjaal, ik sil efkes freegje, hast do ek in legitimaasje bewiis by dy, ja nee, ik hoech it net te sjen, mar dizze man sit yn Breda mar dy hat dy sjoen en dy tinkt dasto net âld genôch bist om dy blikjes te keapjen, ja ik wit wol datsto al 19 bist, mar sju dy man dy seit datsto noch mar15 likest, ja dat komt omdast net sokke grutte boarsten hast hè, en no moat ik om dyn legitimaasjebewiis freegje, want ik wit wol dast âld genoch bist, mar dy man moat troch dat skermke dyn legitimaasjebewiis sjen, oars moat ik dy blikjes wer ynnimme. Ja dan krijst it jild werom, mar it moat no ienris sa. Dy lju der efter dy yn de rige? Dy wachtsje mar efkes. Ageviewers.

Perfekt systeem. Benammen yn Eastersee.

One thought on “it each fan eelke

  1. En hjirmei is ek in part fan ‘e wurkleazens oplost: de rige yn ‘e winkel wurt te lang, der moatte mear kassa’s iepen. Net allinnich yn Eastersee, oeral yn it lân. En fansels kin ien man as frou yn Breda dit wurk net allinich dwaan. Der moate minsken by. En dy moat dan wer oplieden wurde. Set de grinzen mar wer iepen, wy komme wurklju te koart!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s