Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 06 12

 

Ik bin in kultuurbarbaar. En dochs wurkje ik foar it grutste part op de ôfdieling kultuur fan Omrop Fryslân. Ja, dat hiette earst dit jier noch faria, no en at faria en kultuur itselde is, is skûtsjesilen sport en Tryater in evenemint of sawat. Mar ja, omt se dat dus dit jier feroare ha waard ik wer gerêst, ik soe wol gjin kultuurbarbaar wêze, mar doe’t ik om  my hinne seach wat der hjoed barre sil doe wie’k ynienen wol wer barbaar. Moat jim rekkenje, earst wurdt fannemiddei by de Jeltesleatsbrêge dy’t net mear in brêge is, in keunstprojekt pleatst. Ja dêr bin se begjin dizze moanne al mei begûn, mar der komt no in kleedsje oer en dat lûkt deputearre  Jannewietske de Vries dan fuort fannemiddei, yn’e mande mei de bern fan de Van Haersma Buma skoalle fan Hommerts. Gesellich. Sju eartiids wie dêr yn de Hommerts de Jeltesleatsbrêge en dat is no it Jeltesleatsakwadukt wurden. Eartiids sieten dêr op moaie dagen altyd in soad minsken, want it gie need by dy brêge. Lange rigelen boatsjes leine dêr te wachtsjen en woene der tagelyk troch  at de brêge iepen gie, om dan  yn de gribus oan de oare kant telânne te kommen en dan kaam de bus, moast eins de brêge wer del, mar dat koe net want se fearen elkoar op’ e kont, der stiene dan ek wol in peart hûndert auto’s foar, want sa hurd gie it net, och heden wat in o heden, dêr wie fan alles te belibjen. No is’t dus in akwadukt, en no komt der net in mins mear, boatsjes gean der oerhinne, auto’s ûndertroch, netsjes, mar neat mear oan. En no moat dat keunstwurk yn in soarte fan swimpoel njonken de Jeltesleat mei wat omheech rinnende taluds der omhinne, wer minsken lûke, want it moat dêr wer gesellich wurde. Dus in keunstwurk moat minsken lûke, dy’t earder inkel nocht oan ûnnocht hiene. Dêr gewoan  mar wat sitte, of lykas Baukje Wytsma der op set hat:

Gewoan mar sjen nei wat beweecht

in wynfleach oer it lân

it wetter dat fan kleur feroaret

hjir bist yn hâldershân.

Wis Baukje, mar tsjin elkoar razendende Dútsers en tsjin elkoar oanfarrende boatsjes, kin dat net op. Dat keunstwurk is fan Ben Raaijman, en doe wie’k wer in heale  kultuurbarbaar want ik hie noch nea fan Ben Raaijman heard. Neffens de ynternetsiden dochs  in ferneamd keunstner en hy bringt syn wurk hjir op fersyk fan provinsje en gemeente. En ik waard wer in komplete barbaar want ik hie ek noch nea fan Paul Panhuysen heard. En dy krijt  jûn de Gerrit Bennerpriis fan de provinsje Fryslân. Ja oer it jier 2011. Mar dy kin no pas útrikt wurde, want Panhuysen is al in âldman en hy moast eins in musykstik foar de útrikking  skriuwe en dat hat er no klear, dat hy kin jûn de fersierselen krije fan op’e nij Janewietske. De Gerrit Bennerpriis fan de provinsje is in twajierlikse priis foar byldzjende keunst. Panhuysen is in komponist, mar docht ek op oare mêden oan kultuurútering. Man hat in geweldich oevre en hy krijt dus de oevre priis. Hielendal neat mis mei. Mar at der in dikke provinsiale priis útrikt wurdt wol ik graach dat it ek noch in bytsje in provinsiaal tintsje hat. De Benner priis is yn it ferline útrikt oan Epker, leRoy en Zoltin Peeter en dan giet inkel by leRoy in beltsje oer, alles gewoan groeie litte is ek in keunst. No hat Panhuysen fan ’62 oant ’64 direkteur fan de kunstnijverheidskoalle Vredeman de Vries yn Ljouwert west, mar fierder hat syn wurk gjin inkele Fryske klank. At no sokke moaie rigels fan Reduster Baukje op in Amsterdamsk wurk komt, at no in priis neamd nei in grutte Fryske skilder jûn wurdt oan wat algemiene lju, dy’t gjin bining  mei Fryslân ha, dan tink ik wolris: we ha safolle goede keunstners yn Fryslân, lit we no ekris dy minsken wat mear kânsen en eare jaan. Mar ja, ik ha der gjin ferstân fan, ik bin ommers kultuurbarbaar.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s